Oerlis:Kaapske ein
Fersin..
bewurkje seksje@Ieneach fan 'e Esk: Goeie, jo ha de Kaapske ein omneamd nei de Kaapske tsjilling en skreaune der by: Dit is in fersin, tink ik, want de Kaapske ein is in oar bist. Mar it wie gjin fersin, ik hie de fûgel mei opsetsin sa neamd. By it lemma oer de einfûgels hie ik al sjoen dat de muskusein ek Kaapske ein neamd waard, mar eins woe my dat net oan. Neffens my is de namme Kaapse eend foar de muskusein fan it Nederlânsktalige lemma oerset nei it Frysk. De fraach is dus of dat dêr wol goed is. Ik hie by it lemma einfûgels noch neat feroare, om 't ik earst de muskusein beskriuwe yn 'e hope dat ik mear dúdlikheid fine koe. Fûgelbeskerming Nederlân neamd de ein net Kaapse eend. Sovon foar safier ik yn 'e gauwichheid sjen kin likemin. Guon partikuliere Nederlânsktalige ynternetadressen neame de muskusein ek Kaapse eend, mar dy kinne dy ynformaasje ek fan it Ned. wikipedialemma wei helle ha.
De fraach is dus hoe't in Súd-Amerikaanske fûgel oan de namme Kaapske ein komt. Yn it Nederlânske lemma stiet by de skiednis oer de namme: De eerste vermelding van muskuseenden in Europa dateert van 1555 in L'Histoire de la nature des oyseaux van Pierre Belon. Hij beschrijft deze eend, met een illustratie, als 'Cane de la Guinee' ('Ana libica') (zie afbeelding 1), omdat hij veronderstelde dat ze via Noord-Afrika naar Europa was gekomen. Tot in de 18e eeuw werd deze naam gebruikt. Dêrmei wurdt net dúdlik hoe't de muskusein oan 'e namme Kaapse eend komt. Cane is gjin Cape. Ik ha de muskusein opsocht yn Illustrated Birds of North America / Jon.L. Dunn en Joanathan Alderfer, mar ek dêr wurdt de muskusein gjin cape duck of soks neamd. Ik wol net al te djip op 'e saak yngean en miskien ha jo boarnen dy't ljocht op 'e saak skine kinne en oars útwize, mar oant no ta tink ik dat de namme Kaapse eend foar de muskusein (en dus ek it neamen fan Kaapske ein op it Fryske lemma oer einfûgels) op in fersin werom giet. RomkeHoekstra (oerlis) 27 feb 2024, 19.32 (CET)
- @RomkeHoekstra: Oeps. Ik hie der net nei sjoen wêr't it ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel wie. Ik gie derfan út dat de Nederlânsktalige namme(n) yn prinsipe goed wie(ne). Ik begryp no wêrom't jo de muskusein gjin Kaapske ein neame wolle. Ik bin it mei jo ien dat dy namme foar in fûgel út Súd-Amearika nuver is en wol fuorthelle wurde kin omreden fan twifel. Wat ik (noch) net begryp, is wêrom't jo de Kaapske tsjilling dan de Kaapske ein neame woene, want dat liket my freegjen om betizing by de lêzers. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 28 feb 2024, 00.01 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk: It is in oersetting fanút it Dútsk, dêr wurdt de fûgel Kapente neamd en dêr wurdt yn 'e boarne ek nei ferwiisd. De soarte is yndield by de einfûgels en by it brede publyk is de namme 'ein' tink bekend genôch. Troch de ferwizing nei de boarne wit de lêzer wêr 't de ynformaasje weikomt en sa slút alles op inoar oan. Ik wyt net wêr't dan de betizing ûnstean kin. Dat se yn it Nederlânsk keazen ha foar taling liket my mei it wûnderike ferhaal hjirboppe wol begryplik, oars soene se dêr ommers twa ferskillende soarten Kaapse eenden ha. Tsjillings binne yn feite lytse einen, in tsjilling is wol in ein, mar in ein is net altiten in tsjilling. De Kaapske ein is like grut as de bekende túfein en dêrom like my de namme 'ein' wol hiel feilich. Dat meiïnoar wie de reden dat ik foar 'ein' keazen ha. --RomkeHoekstra (oerlis) 28 feb 2024, 09.41 (CET)
- @RomkeHoekstra: No, de betizing ûntstiet neffens my omdat in hiel soad Friezen Nederlânsktalige fûgelnammen brûke, fral foar fûgels dy't minder bekend binne. As jo dizze fûgel wer Kaapske ein neame wolle, gean jo gong, mar ik fyn wol dat jo dan yn it artikel opnimme moatte dat yn it Nederlânsk de muskusein in Kaapske ein is en dat it hjir om in hiel oare fûgel giet dy't yn it Ned. Kaapske taling neamd wurdt. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 28 feb 2024, 23.59 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk: Jo ha gelyk dat in hiel soad Friezen Nederlânsktalige fûgelnammen brûke. Dat jildt spitigernôch benammen foar hiele bekende fûgels, wêrfan't de nammen út de sprektaal ferdwine. Ik hoech by ús op it doarp oan 'e measten bygelyks net mear te freegjen wat in tsjirk is, want dy namme kinne de measten net. Dus kin yn sokke gefallen der betizing wêze as de âlde nammen yn 'e skriuwtaal noch wol brûkt wurde. Oer folslein ûnbekende fûgels, lykas dizze ein, wurdt allinne mar lêzen en as der betizing ûnstiet, dan is dy hiel beheind en boppedat wurde der nei boarnen ferwiisd dy't de betizing weinimme kinne. Ien dy't hjir oer fûgels lêst, wit dat Fryske fûgelnammen oars binne as de Nederlânske. Ik fyn it dus net nedich om yn in Frysktalich lemma, dy't ek nochris nei in Dútske boarne ferwiist, op te nimmen hoe't se de fûgel op it Nederlânske lemma neame en al hielendal net as dy nammen (Kaapse eend en Barbarie-eend foar de muskusein) hielendal net gongber binne en op offisjele Ned. siden (Sovon/Waarneming.nl/Vogelbescherming Nederland) net foarkomme. Mar as jo dat graach wolle, dan doch ik dat. Ik soe it wol moai fine as jo yn in gefal as dit tenei earst eefkes oerlizze. Lykas wy by al by de einfûgels sjoen ha, nimme wy somtiden flaters oer fan it Nederlânske lemma, dêr't beslist ek net alles perfekt is. Justerjûn noch seach ik by de beskriuwing fan de brildûker op it Ned. lemma dat de jerk in blauswarte kop hat, wylst dêrnjonken dan wer in plaatsje stiet fan in brildûker mei in griene kop. Soks kin ek betizing oproppe, mar wat my oanbelanget bliuwt dy betizing op it plak, dêr't de betizing makke wurdt en hoege wy ús dêr fierder neat fan oan te lûken.--RomkeHoekstra (oerlis) 29 feb 2024, 10.07 (CET)
- @RomkeHoekstra: No, dat lêste fyn ik dan wer in bytsje koart troch de bocht. Mar ik sil it wol eefkes foarinoar meitsje, dan hawwe jo der fierders gjin wurk fan. Wat it oerlis oangiet, as ik tocht hie dat der wat te oerlizzen foel, dan hie ik dat ek grif dien, mar ik ferkearde yn 'e (misse, bliek letter) ûnderstelling dat jo op basis fan 'e âlde list yn it artikel einfûgels, dy't smoarfol flaters siet, de fûgel by fersin in ferkearde namme jûn hiene. It liek my net mear as normaal om jo eefkes in helpende hân te bieden troch dat fersin rjocht te setten. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 29 feb 2024, 23.57 (CET)