Oerlis:Konettikut
Lêste reäksje: 7 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk
Ik fyn dizze stavering twifelich; dan kin it better mei ien n en twa t's skreaun wurde: Konettikut. Dat is tichter by de útspraak. Ieneach fan 'e Esk (talk) 10 maaie 2013, 12.42 (CEST)
- Nochris: ik fyn dizze stavering problematysk. Ik stel foar him te feroarjen yn:
- Connecticut,
- Konnektikut,
- Konettikut, of
- Konnettikut.
- Sa't it no is, kin it net, want Konnetikut moat neffens de Fryske staveringsregels útsprutsen wurde as 'Kon-ee-ty-kut', mei in lange ee, wylst de klank yn it twadde wurdlid fan 'e namme dúdlik in koarte è is (fan 'lek'). Dus ik soe sizze: ien fan 'e fjouwer boppesteande farianten moat it wurde. Myn foarkar hat de Ingelske ferzje. Nammen fan oare Amerikaanske steaten dêr't gjin direkte Fryske foarm fan bestiet, lykas Maine ("Meen"), Kansas ("Kênsis") en Massachusetts ("Massatsjûsets") ferfryskje wy ek net. As ûnder oare meidoggers foar de Ingelske foarm gjin animo bestiet, haw ik it leafst de twadde ferzje, mei de trije k's. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 6 jan 2017, 22.07 (CET)
- Konettik*t liket der it meast op fyn ik. Drewes (oerlis) 6 jan 2017, 22.31 (CET)
- Nou, ek bêst. 't Is yn elts gefal better as hoe't de stavering no is. Ik sil dermei oan 'e gong. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 7 jan 2017, 11.28 (CET)
- Konettik*t liket der it meast op fyn ik. Drewes (oerlis) 6 jan 2017, 22.31 (CET)