Oerlis:Krieë Stamme
Lêste reäksje: 6 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk
Of Krostamme, Kro-stamme? Drewes (oerlis) 23 feb 2017, 21.00 (CET)
- Ja, ik wit it, taalkundich doocht it eins net en heart it ien wurd te wêzen. Mar ik haw it sa litten (letterlike oersetting fan Crow Tribe), omdat it in organisaasje is, en net de oantsjutting foar in etnyske groep (dat is de Kro-stamme). Dy spaasje dertusken heart dêr yn it Frysk eins net, mar oan 'e oare kant: Fryske organisaasjes meitsje har hjiroan ek oates en toates skuldich. Bgl. it 'Frysk Hynste Stamboek' (yn it Nederlânsk deselde fout: Fries Paarden Stamboek). Ha je no wol oait? 'Hynstestamboek' (of Paardenstamboek) heart dúdlik ien wurd te wêzen. Mar ja, organisaasjes kinne harsels neame sa't se wolle; dêr binne gjin regels foar. Yn it ferlingde hjirfan en om betizing mei de etnyske groep fan 'e Kro te foarkommen, soe ik de namme Kro Stamme graach sa hâlde wolle. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 23 feb 2017, 22.53 (CET)
- Krie-stamme? Mysha (oerlis)
- Dêr haw ik oer tocht, doe't ik de side skriuw, mar ik fûn dat it by sa'n letterlike oersetting wat belachelik waard, earlik sein. Dat ik haw it mar by it fonetysk staverjen fan 'e namme holden, sa't we ôfsprutsen hawwe yn 2013 (sjoch: Oerlis:Sjajinnen). Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 13 apr 2018, 22.20 (CEST)
- Krie-stamme? Mysha (oerlis)
At Crow King oerset wurde kin nei Kraaiekening kin Krie-stamme net mei 'belachelik' oantsjut wurde. Drewes (oerlis) 13 apr 2018, 23.11 (CEST)
- It wie in persoanlike miening fan 'e skriuwer fan it artikel. En in persoansnamme is hiel wat oars as in folksnamme, fyn ik. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 13 apr 2018, 23.21 (CEST)
- Nim my net kwea-ôf, mannen, mar ik hie justerjûn wat in min sin om't der oardel oere fan myn wurk fuortsmiten wie. Ik bin gjin grut foarstanner fan 'e foarm 'Krieën', mar as jimme dat better taliket, dan moat it mar wurde. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 14 apr 2018, 15.31 (CEST)
- Tsja; It punt is dat it wier "Krie" betsjut; it is net in klankwurd. It koe ek Ravenstamme wêze, of Roekstamme, mar nei't it skynt hawwe de stammen om de Krie-stam hinne allegear in namme foar dy stam dy't in grutte swarte fûgel oantsjut. Mysha (oerlis)
- Ja, dêr hawwe jo fansels sûnder mear gelyk oan, mar oars as by de namme fan it oanbuorjende folk fan 'e Blackfeet (Swartfuotten) it gefal is, wurdt de namme fan 'e Crow oer it algemien net oerset yn oare talen (sjoch mar op Wikidata). Om't de namme neffens de ôfspraak út 2013 net as "Crow" stean bliuwe koe, hie ik him doe mar fonetysk oanpast. Ik fûn Krieën earst net sa'n súkses, mar oan 'e oare kant is it ek sa dat jo hjirre ree wêze moatte om kompromissen te sluten, oars kinne jo better net oan Wikipedia meidwaan. En safolle koe it my no ek wer net skele, dat ik tocht: foaruit mar. Mar ik moat sizze dat it al wat begjint te wennen. Miskien lear ik noch wolris om fan "Krieën" te hâlden. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 16 apr 2018, 15.21 (CEST)
- Tsja; It punt is dat it wier "Krie" betsjut; it is net in klankwurd. It koe ek Ravenstamme wêze, of Roekstamme, mar nei't it skynt hawwe de stammen om de Krie-stam hinne allegear in namme foar dy stam dy't in grutte swarte fûgel oantsjut. Mysha (oerlis)