Oerlis:Krusing (tsjerke)
Lêste reäksje: 5 jier lyn troch RomkeHoekstra
Ik leau net dat viering, ôflaat fan vierkant, mei fiering fertaald wurde kin. Yn it Frysk soe 'fjouwer' neffens my yn de fertaling opnaam wurde moatte of 'krusing (boukeunst)'/'krusing (tsjerke)' wurde moatte. Drewes (oerlis) 10 feb 2019, 18.27 (CET)
- @RomkeHoekstra: Goeie. Hoe tinke jo oer boppesteande? Drewes (oerlis) 11 feb 2019, 17.51 (CET)
- @Drewes: Ik bin roomsk en wy neamden dat diel yn de tsjerke de fiering, mar ik fyn it wurd krusing ek bêst hear, al tink ik net dat in soad minsken dat wurd begripe. Sels tink ik dat it wurd fiering ek mei selebraasje te meitsjen hat. Under de krusing leit fakentiden it folksalter en boppe de fiering is it tuorke mei de angelusklok, dy't let wurdt as it sakramint fan de eucharisty fierd wurdt. Mar dy betjutting stamt mear fan nei it Twadde Fatikaanske Konsylje en ik bin fan dy tiid sjoch.RomkeHoekstra (oerlis) 12 feb 2019, 08.52 (CET)