Oerlis:Ljouwert (stêd)

Lêste reäksje: 3 jier lyn troch Drewes by it ûnderwerp Religy

De ynformaasje dy't noch oer Ljouwert komd fan nl: soarget derfoar dat der in hiele lange smelle ynhâldsopjefte ûntstiet. Soks kin fansels weiklikt wurde troch "net sjen litte" oan te klikken. Soe der ek in oar soarte oplossing wêze om te foarkommen dat men by it iepenjen fan de side oer Ljouwert daliks in hiele lange rige mei haadstikken te sjen krijt?Swarte Kees 19 mrt 2008, 22.28 (CET)Beäntwurdzje

Ik haw "en de wichtichste tsjerke fan Fryslân. Alle lânshearen en steedhâlders waarden yn dizze tsjerke ynhuldige" fuorthelle, oer de Sint Fitustsjerke. Yn itselde tiidrek is de tsjerke dekanaatstsjerke wurden, sit? fan de Biskop, en doe ôfbrutsen. Ik wit net at der dan sa'n soad lju ynhuldige binne, of dat it oan it dekanaat lein hat of de tsejrke sa wichtich wie. Is der ien dy't hjir mear oer wit? Mysha

Listen

bewurkje seksje

Bêste minsken,

Ik ha de ôfrûne tiid dwaande west mei it wikifisearjen fan de side oer de Fryske haadstêd. Under it kopke 'Ferneamde Ljouwerters' soe wol in ferwizing nei in oare side komme kinne dêr't dan in list fan ferneamde Ljouwerters te finen is. It foarbyld kin oernommen wurde fan de Nederlânske Wikipedy wat de list oanbelanget. Fierders soe ik sa min mooglik oernimme wolle fan de Nederlânske Wikipedy side oer Ljouwert. Dy side dêr liket mear in gemeentegids as in ensyklopedysk artikel. By myn syktocht nei boarneynformaasje kaam ik dêr ek noch wat misliedende en dizenige stikken tsjin. Koartsein, de Nederlânske side oer Ljouwert wie en is net rjocht betrouber. Groetnis --Kening Aldgilles 19 jul 2011, 21.41 (CEST)Beäntwurdzje

Namme

bewurkje seksje

@Wutsje: Is Ljouwert wol de offisjele plaknamme? Madyno (oerlis) 24 mrt 2021, 10.23 (CET)Beäntwurdzje

Religy

bewurkje seksje

Wy hawwe no: "Yn Ljouwert is in ryk ferskaat oan religieuze mienskippen. Yn de iuwen nei de reformaasje slacht it protestantisme foar master op. Troch de sekularisaasje yn de twadde helte fan de 20e iuw binne de besikers- en ledetallen fan de tsjerken minder wurden. Dêrtroch binne sawol de roomsken as protestanten dwaande mei it feroarjen fan harren tsjerke-organisaasje." Binne hja dêr sûnt 1961 mei dwaande en is it hieltiid net ôfrûn? Of gong dit der om dat it net oer de Islaam wie, of noch oars, of jildt it hielendal net mear? Mysha (oerlis) 4 nov 2021, 11.11 (CET)Beäntwurdzje

It reorganisearjen fan de protestanske tsjerken is yn alle gefallen noch hieltyd aktueel. Bygelyks de Nederlânsk Griffoarmearde Tsjerken en de Grifformearde Tsjerken frijmakke hawwe fan't jier besletten om de lapen gear te smiten. Drewes (oerlis) 4 nov 2021, 17.23 (CET)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Ljouwert (stêd)".