Oerlis:Loaiïngeaster Feart

Lêste reäksje: 17 jier lyn troch Swarte Kees

De rin fan dizze feart is net goed ôf te lêzen yn de Grutte Provinsje Atlas. Wa soe hjir ris nei sjen wolle?Swarte Kees 17 nov 2007, 19.56 (CET)Beäntwurdzje

Dit is it wetter by de rûnwei lâns, tink. Dat is oanlein as part fan it projekt fan de Middelseerûte, as ferbining tusken de Snitser Aldfeart en de Swette. Ris sjen, dan begjint it dêr't de Snitser Aldfeart ôfbûgt fan de rûnwei, mar dy rûnwei hat ek wer in namme: Stêdrûnwei-East, tink. Dan giet it by de rûnwei lans, besuden Loaiïngea, en dan mei in kringel ûnder de Ljouwerter Dyk troch, mar ik wit net hoe at dy hjit op dat stik. En dan in brêge fan it paad by de Swette lâns en dan komt er dêr op út. Mysha

Ik haw al in strjitteboek, mar dear stiet en "Ljouwerter Dyk" en "Pasfeardyk" op dat stik, dat no wit ik nit noch net. Mysha

De tekst dy't no op de side stiet, giet dat net oer de Doarpsopfeart? Mysha

Werom nei de side "Loaiïngeaster Feart".