Oerlis:Marianetrôch
Lêste reäksje: 2 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk by it ûnderwerp Troch of trôch
Troch of trôch
bewurkje seksjeMoat dizze side net "Marianatrôch" hjitte? Frysker jout "trôch" foar nl "trog". Kneppelfreed (oerlis) 11 sep 2022, 07.57 (CEST)
- Nee @Kneppelfreed: In trôch is in fuorbak foar bargen. Sjoch Frysker Drewes (oerlis) 11 sep 2022, 17.05 (CEST)
Hoi @Drewes: as ik "troch" yntyp by Frysker krij ik dit:
- 1 fan in punt oan 'e iene kant fan in romte, massa, stof of foarwerp nei in punt oan 'e oare kant dêrfan, sa, dat de wei dêrbinnen leit
- 2 fan in punt yn in romte, massa of stof nei in oar punt dêryn, wêrby't it giet om de beweging of de wjerstân dy't ûnderfûn wurdt
- 3 fan 'e iene kant fan in iepening of trochgong nei de oare kant
- 4 fan it iene punt yn 'e tiid, in barren of ûntjouwing nei it oare, yn 'e rin fan
- 5 om in ferminging oan te tsjutten
- 6 om in saak of persoan as oarsaak, middel of reden oan te tsjutten fan
As ik "trôch" yntyp krij ik dit:
- rjochthoekige, ûndjippe foerbak, fan boppen wider as fan ûnderen
- 2 fiskbun
- 3 geology ploaide delling, yn earder tiden foarme fan in gletsjer
- 4 skelwurd smoarch persoan baarch griemer heiden
- @Kneppelfreed en Drewes: Goeie. Hjir wurdt in ploaide delling ûnder de see bedoeld. Liket my dúdlik: it moat "trôch" wêze. In wurd kin mear as ien betsjutting hawwe, dat de bargen komme hoe dan ek net oan it krapperein. :-) Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 12 sep 2022, 00.14 (CEST)