Oerlis:Moanne (himellichem)
Lêste reäksje: 6 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk
Wat is it foardiel fan byplaneet te skriuwen yn stee fan Himellichem? Mysha (oerlis)
- @Mysha: Dat is myn wurk wer. Ik besocht it ûnderskie dúdliker te meitsjen tusken dé Moanne, de byplaneet fan ús Ierde, en in moanne yn it algemien. Beide begripen kinne beflapt wurde ûnder de term 'himellichem' en eins ek ûnder de term 'byplaneet', mar dat fûn ik marginaal dúdliker. Ik seach ta myn ferheardens dat der yn ferline op 'e Wikipedy gjin ûnderskie tusken dy beide dingen makke is. Dizze side (of de side dêr't hjir nei trochwiisd wurdt) giet oer moannen yn it algemien. Der is op it stuit gjin side oer dé Moanne. Ik bin wol fan doel om dy te skriuwen, mar dat wurdt him hjoed of moarn net. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 15 mrt 2018, 21.07 (CET)
- P.S.: Der stiet wol al in stik tekst oer dé Moanne op de side moanne (byplaneet), sjoch ik no. Oars moatte we dat foarearst oerhevelje nei in side moanne (byplaneet fan de Ierde) of sokssawat, sadat de leechte provisoarysk opfolle is. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 15 mrt 2018, 21.10 (CET)
- Dat krijt men at immen dy't alles dúdlik meitsje wol immen tsjinkomt dy't in hiel soad bydraacht, fansels. (-:
- Dy side Moanne (himellichem) is skreaun yn in tiid dat de wikipedy noch hoeden wie mei trochferwizings. In ûnderskie tusken de perioade en de satellyt wie dúdlik al nedich, mar de Moanne en in moanne wienen aardich ticht besibbe, dat dy steane op ien side. At ik sa by oare wikipedyen sjoch dan is it systeem (no) ornaris Moanne foar de Moanne, en Moanne (betsjuttings) foar de betsjuttingsside. Mar oarsom, mei Moanne (Ierde) kin fansels ek. De side foar in moanne hat allersoarten fan titels; dat hinget der ek fan ôf wat der ûnder falt. Bygelyks, is in keunstmoanne in moanne as net, of binnen natuerlike moannen en keunstmoannen beide satelliten, of soks.
- Ik tocht earst dat wy allinnich noch in side "byplaneet" skriuwe moasten, mar it is al wat in spesifike ynsteek dat alle moannen planeten binne by gruttere planeten, is it net? Fral no't Pluto net iens in planeet mear is. Hawwe wy in alternatyf? Mysha (oerlis)
- It wurdt wat betiizjend mei al dy moannen. Witte jo wat, ik brûk hjir foar dé Moanne even de Latynske namme Luna. Wat oare Wikipedyen dogge, mei in side dy't gewoan 'moanne' hjit foar Luna, dat komt om't de perioade moanne yn dy talen allegear in oare namme hat (maand, month, Monat, etc.). Dus ik tink dat wy, om't it wurd 'moanne' by ús twa hiel foar de hân lizzende betsjuttings hat, sowieso ûnderskie meitsje moatte yn 'e artikels oer Luna en de perioade. It gewoane 'moanne' sûnder tafoegings moat hjir neffens my in betsjuttingsside wêze [even checke...] en dat is it ek, al ûntbrekt dêr noch de betsjutting fan byplaneet yn it algemien, en fan keunstmoanne. Wat de side "Moanne (byplaneet)" oangiet, ik tocht dat dizze side foar it meastepart oer de kategory byplaneten gie, mar ik sjoch no dat de tekst foar it meastepart oer Luna giet. Miskien is it handiger om him om te neamen, de oanhef te feroarjen en him oan it Wikidata-item fan Luna fêst te keppeljen (hy sit no oan byplaneet yn it algemien fêst). Oangeande wat jo sizze oer spesifike ynstek: ik wol net beare dat ik in ekspêr op it mêd fan astronomy bin, mar sa't ik it begrepen haw binne alle moannen yndie byplaneten; Pluto is gjin byplaneet mar in dwerchplaneet. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 16 mrt 2018, 12.17 (CET)
- Moanne foar de betsjuttings en Moanne (Ierde) foar de Moanne. Dat is my ek goed. Hm, hawwe wy de Moanne?
- De fraach of in moanne wol in byplaneet is, is fanwegen wikt:nl:bijplaneet, dêr't stiet dat dat in planeet is: in spesyfyk type planeet, mar al in planeet. Moanne (satellyt)? Mysha (oerlis)
- De nea genôch te priizjen Dikke Van Dale seit dat bijplaneet synonym is fan maan en (natuerlik natuerlike) satelliet. It begryp 'byplaneet' hawwe we net nedich. Drewes (oerlis) 19 mrt 2018, 17.40 (CET)
- @Mysha: Ik wol net belearend dwaan, mar de Wikiwurdboekside dy't jo oanhelje, Mysha, jout as definysje fan 'bijplaneet' letterlik: planeet die een baan om een andere (grotere) planeet beschrijft. Dat is dochs gewoan in moanne, of mis ik hjir no wat? Fierders sil ik even nei de betsjuttings fan moanne sjen. Kin De Moanne der mei-iens ek by. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 19 mrt 2018, 20.40 (CET)
- Van Dale haw ik hjir net yn it lokaal stean, en fergees op it ynernet jout er it wurd net. (Nuver, eins: At hja oanjaan soenen dat it al yn de folsleine ferzje stie, dan wie dat foar ien sûnder wurdboek faaks in grûn om it te keapjen.) Wy hawwe op it stuit dat in himellichem at it in planeet is om de sinne draait. 2002 VE68 koe in byplaneet wêze, om't it in sabeare satelyt fan Fenus is dy't om Fenus draait troch de krêften tusken de sinne, de planeet en de sabearre satelyt. Mar in (wiere) satelyt is ynfongen yn de swiertekrêft fan de planeet, en is dêrom net sels in planeet. Dat koenen wy fansels oars útskriuwe at wy dat woenen. At wy fine dat byplaneet itselde is as in moanne dan kinne wy der in trochferwizing fan meitsje (en de oare side oanpasje), of as wy fine fan net dan kinne wy himellichem oanpasje en in side oer byplaneet skriuwe. Mysha (oerlis)
- No, ik haw de side útinoar helle en de ynformaasje ferdield oer moanne (natuerlike satellyt) en moanne (natuerlike satellyt fan de Ierde). Fierders noch wat byskaafd en omneamd. Ik tocht dat it no foar elkenien dúdlik wêze moast. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 19 mrt 2018, 21.11 (CET)
- Tank, Moanne (Ierde) hie my eins wol genôch skriuwen west, mar yn alle gefallen is it sa útelkoar. Mysha (oerlis)