Oerlis:Moefty

Lêste reäksje: 1 jier lyn troch RomkeHoekstra by it ûnderwerp Fryske stavering moefti/moefty.

Fryske stavering moefti/moefty.

bewurkje seksje

@Ieneach fan 'e Esk:@Wutsje: Ik freegje my sels ôf of it net mûfty wêze moat. Ha it neisjoen by Frysker.nl en neffens dy side soe it moefti wêze moatte, dus lykas it Nederlânsk. As Frysker.nl teminsten it wurd herkend, want sa net dan jout Frysker.nl as oersetting faak itselde wurd op as wêr't in oersetting fan frege wurd. Ik ha op it stuit gjin wurdboeken by my om dat nei te gean en wit dus ek net of it wurd moefti yn 'e oare Fryske wurdboeken foarkomt. RomkeHoekstra (oerlis) 7 sep 2023, 09.27 (CEST)Beäntwurdzje

Zantema (F-N en N-F) (1992) ken beide staveringsfoarmen net, de papieren ferzje fan it FHW (2008) ek net. De elektroanyske ferzje dêrfan (2016) kin ik op dit stuit net by, mar ik haw begrepen dat wat Frysker opkochelt dêrop basearre is - en dêr wurdt by my moefti no just nèt goed rekkene. Sykje yn de Ljouwerter fia Delpher en DKVT jout net ién kear mûfti, wol faak moefti, mar inkeld yn Hollânsktalige stikjes. Yn it WFT stean beide fariaasje ek al net. Wutsje 7 sep 2023, 21.17 (CEST)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra en Wutsje: Goeie. Sûnt de lêste staveringsherfoarming fan 2015 sitte we mei de regel foar it skriuwen fan 'e û/oe-klank dat as in wurd yn it Nederlânsk mei oe stavere wurdt, it yn it Frysk ek oe wêze moat. En oarsom ek: as it wurd yn it Nederlânsk gjin oe hat, dan kriget it yn it Frysk in û. De iennichste útsûndering dêrop is wannear't de û/oe-klank folge wurdt troch in r, wat yn dit gefal net fan tapassing is. Ik sil der net wer oer útwreidzje wat ik fan dy regel fyn (dêr haw ik it al ferskillende kearen oer hân); we hawwe ús der mar by del te lizzen.
No giet it hjirre fansels om in lienwurd út it Arabysk. Dus dan giet it om 'e fraach: wannear makket sa'n wurd diel út fan 'e Nederlânske stavering en wannear is it gewoan in Arabysk wurd dat transliterearre is nei it Latynske alfabet. Iksels hâldt yn sokke gefallen de regel oan dat it in ynboargere Nederlânsk wurd is as it yn it Groene Boekje stiet, de bekende gids fan 'e Nederlânske stavering. Moefti stiet dêr yndie yn. Dus dan jildt neffens my de boppesteande regel wêrmei't de Fryske Akademy ús yn 2015 opsadele hat. Fierders moat de wurdeinige i-klank fan 'e F.A. altyd beslist in y wêze (lykas yn "Haïty" en "Dzjibûty"), dus dan sil dat hjirre perfoarst ek moatte as it om in ynboargere wurd giet. Sa bin ik by "moefty" kommen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 7 sep 2023, 22.58 (CEST)Beäntwurdzje
Hiel apart allegear, de staveringsregel fan de û/oe basearje op de skriuwwize fan in oare taal en foar i/y klank oan it ein fan in wurd wer net. Sa moatte jo dus Nederlânske wurdboeken neisjen om der efter te kommen hoe't de Fryske stavering wêze moat. Wylst ik eartiids (sa stiet my teminsten by, mar dat is al wer lang lyn) learde dat de û foar de koarte klank stie (lykas by Dzjibûty) en de oe foar de lange klank en it twalûd (lykas yn "goed"). En dan wie it leau 'k ek altiten in û yn in sletten lettergreep. Se sille dêr by de FA wol hiel lang praat en prakkeseard ha om sa'n regel te betinken en dan is it moai dat jo foar soks noch betelle wurde ek. Ik moast de stavering fan moefty eefkes witte om 't ik it wurd by it skriuwen oer Ufa tsjinkaam en sa kaam ik hjir telâne. Ik sil it dêr dus wer eefkes oanpasse, want hie dêr yntusken al mûfty (want koart en sletten) skreaun. Mar tige tank foar jim reaksje!--RomkeHoekstra (oerlis) 8 sep 2023, 08.40 (CEST)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra: Wat jo sizze, is my út it hert grepen. Dat je Nederlânske wurdboeken neisjen moatte om út te finen hoe't in wurd yn it Frysk stavere wurde moat, hoe betinke je soks. Wat jo oantins oangiet dat de û foar de koarte û-klank en sletten wurdlidden brûkt waard, dat stiet jo net mear hielendal goed by, tink ik. Want bgl. in wurd as "boek" (om yn te lêzen, net de beamsoarte) is altyd mei oe skreaun en dat is sawol in koarte û-klank as in sletten wurdlid. Ik tink dat jo de û's no betiizje mei de i/y, dêr't de y wol altyd de koarte i-klank werjout en allinne skreaun wurdt yn sletten wurdlidden (en, om in reden dy't ik nea begrepen haw, oan 'e ein fan wurden). Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 8 sep 2023, 22.51 (CEST)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra en @Ieneach fan 'e Esk, it ferskil tusken û en oe fan foar 2015 hie ik begrepen dat wurden mei oe skreaun lykas "boek", "droech", "útnoege" (de lêste twa no mei û skreaun) wie om't dy wurden yn it Aldfrysk mei in lange ò (lykas yn likernôch it Noarske "bok") útsprutsen waard. Yn it Nijfrysk waarden dy wurden doe tink ik al as û/oe útsprutsen, mar waard besletten doe't se yn de 19e iuw de Fryske stavering fêstleinen, de Nederlânske oe oernamen foar dy wurden. De wurden dy't yn it Aldfrysk as û/oe útsprutsen waarden, waarden doe gewoan mei u skreaun, lykas yn de measte talen. Mar yn it Nijfrysk waard besletten û dêrfoar te brûken, sadwaande krigen wy de û/oe sitewaasje. By de Steatestavering fan 1980 waarden de wurden foar in r ek doe tenei ek ta oe feroare. Sa waarden bygelyks "bistjûr" en "ûre" ta "bestjoer" en "oere" feroare. Yn 2015 miende de FA de stavering fannijs feroarje te moatten. Hja hiene gelyk mei de stelling dat wurden dy't stavere binne neffens regels út it Aldfrysk efterhelle wie, mar doe kamen se mei it ûnnoazele idee om nei it Nederlânsk te sjen en wurden dy't mei oe yn it Nederlânsk sa stavere binne, yn 't Frysk ek sa wêze sil, want no moatte we earst it Nederlânske wurdboek dêrby pakke. Dat slacht echt as in l*l op in drumstel (sorry foar dit wurdgebrûk, mar ik wol hjirmei oanwize hoe soad argewaasje ik dêr oan ha). Mar sa't 1each seit, hjir sille we it no ienris mei dwaan moatte. Kneppelfreed (oerlis) 8 sep 2023, 23.09 (CEST)Beäntwurdzje
In taal mei in grut perzintaazje oan analfabeten yn eigen taal. En dan sokke nuvere staveringsregels meitsje. Dat jout jin al te tinken. Mar jo ek betanke Kneppelfreed--RomkeHoekstra (oerlis) 9 sep 2023, 17.21 (CEST)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Moefty".