In moefty (fan it Arabyske مفتي, muftī) is in geastlike yn 'e soennityske streaming fan 'e islaam, dy't fungearret as útlizzer en/of preker fan 'e islamityske wet. As de ynterpretaasjes fan 'e islamityske wet fan in moefty troch oare moeftys yn in beskaat gebiet as gesachhawwend erkend wurde, sprekt men fan in grutmoefty. In moeftiaat is in rie fan moeftys.

Fanwegen de drege oplieding dy't men folgje moat om moefty wurde te kinnen, wurde moeftys beskôge as it toppunt fan 'e hierargy fan soennityske wetsgelearden. Hja steane dêrby boppe kadys (islamityske rjochters). Moeftys wurde sadwaande kwalifisearre achte om in wetlike útlis te jaan dy't bekendstiet as in fatwa.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.