Oerlis:Moskeftigen
Lêste reäksje: 7 moannen lyn troch Ieneach fan 'e Esk by it ûnderwerp Sjongfûgels.
Sjongfûgels.
bewurkje seksje@Ieneach fan 'e Esk: By wikipedy wurdt foar de namme Passeriformes de Fryske namme moskeftigen brûkt. Ik wit net wêr't dat wei komt, mar kloppet dat wol? Soene de passeriformes net de sjongfûgels wêze moatte? RomkeHoekstra (oerlis) 16 apr 2024, 14.32 (CEST)
- @RomkeHoekstra: Neffens my kloppet it sa't it hjir op 'e Wikipedy dien is. Safier't ik wit binne de Passeriformes de moskeftigen, wylst de sjongfûgels in legere groep foarmje, it ûnderskift fan 'e Passeri of Oscines. Dat lêste komt oerien mei it Ingelsk, Dútsk en Frânsk, dêr't de Passeri ek songbirds/Singvögel/oiseaux-chanteurs neamd wurde (sjoch en:Songbird, de:Singvögel, fr:Passeri). Wêrom't it Nederlânsk dan de namme zangvogels oan Passeriformes jout, is my in riedsel. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 17 apr 2024, 02.50 (CEST)