Oerlis:Nútsjesmoar

Lêste reäksje: 5 jier lyn troch Drewes

Guod foar op bôle in kondimint? Drewes (oerlis) 22 mrt 2019, 17.36 (CET)Beäntwurdzje

Tsja... Nee. Jo hawwe gelyk. Der moat mar wer in nije kategory foar komme. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 22 mrt 2019, 17.47 (CET)Beäntwurdzje
Taalweb jout 'breabelizzing', bin ik foar. Drewes (oerlis) 22 mrt 2019, 17.51 (CET)Beäntwurdzje
"Brea" is yn myn beleving mar ien spesifike soarte bôle, nammentlik roggebôle. It wurddiel "-belizzing" haw ik gjin problemen mei as jo dat leaver hawwe. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 22 mrt 2019, 17.54 (CET)Beäntwurdzje
Leaver ha? "Belis" is yn't Frysk 'belegering', oars net. Brea is fanâlds ek bôle neffens Zantema en Visser. Boppedat kinne jo nútsjesmoar ek op in stikje brea dwaan, smaken ferskille. Drewes (oerlis) 22 mrt 2019, 18.02 (CET)Beäntwurdzje
No, ik wol hjir gjin rûzje om ha, mar 'belis' wurdt ek rûnom brûkt foar spul op bôle, teminsten hjir op 'e Klaai wol. Kin bêst wêze dat dat in lienfertaling út it Hollânsk is, dat wit ik net, mar dat feroaret der neat oan dat it in folslein ynboargere betsjutting fan it wurd is. 'Belizzing' haw ik yn dizze kontekst noch noait fan heard, mar dat makket neat út, eltsenien begrypt wol wat der bedoeld wurdt as it oer "bôlebelizzing" giet. Dat brea fan âlds in beneaming is foar alle bôle, dêr hawwe jo gelyk oan, mar as jo by de bakker nei binnen stappe en freegje om in pakje brea, dan krije jo roggebôle. Ik wit net wannear't dat wurd, alteast yn 'e sprektaal, syn bredere betsjutting ferlern hat, mar sa is it teminsten al fan it begjin fan 'e tweintichste ieu ôf. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 22 mrt 2019, 18.17 (CET)Beäntwurdzje
Wat seit it tsjûke (leaver 'tsjokke') Frysk/Frollânsk Hânwurdboek? Jout dy gesachhawwende boarne 'bôlebelis' of bôlebelizzing'? Drewes (oerlis) 22 mrt 2019, 19.28 (CET)Beäntwurdzje
Om't dat út deselde boarne komt as Taalweb, soe der itselde yn stean moatte, mar ik sil wol ris sjen... Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 22 mrt 2019, 19.34 (CET)Beäntwurdzje
Och, hearken, wat meitsje se it wer bûnt. 'Bôlebelis' stiet der net yn en 'bôlebelizzing' stiet der ek net yn. Mar: 'breabelis' en 'breabelizzing' steane der ek net yn. As ik by 'belizzing' sjoch, stiet dêr: "hw. de [bɘlɪzɪŋ] 1. it belizzen fan jild, op rinte setten, yn weardepapieren stekken. 2. it mei in leger ynsluten fan in stêd, stins, fêsting, ek: belech, belegering, belis." Dus brea- of bôlebelizzing, lykas op Taalweb, hat it Hânwurdboek noch nea fan heart. Mar as ik by 'belis' sjoch, stiet dêre: "hw. it [bɘlɪs] 1. belegering, ek: belech, belizzing. 2. dat wat men op in stik bôle, brochje leit." Dus oars as Taalweb fynt it Hânwurdboek dat 'belis' de goede foarm is foar broodbeleg. Wat moatte je no mei sa'n Fryske Akademy. Se goaie der dêr ek mar wat mei de pet nei. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 22 mrt 2019, 19.48 (CET)Beäntwurdzje
No, goed. Myn foarkar giet út nei 'bôlebelis', dan 'bôlebelizzing', dan 'breabelis' en as lêste 'breabelizzing'. Mar as jo beslist 'breabelizzing' hawwe wolle, dan wol ik dêr fierder ek gjin spul om hawwe, dus dan neam ik it wol om. Dat, wat fine jo (no't jo witte wat der yn it Hânwurdboek stiet)? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 22 mrt 2019, 19.51 (CET)Beäntwurdzje
Oh dear, oh dear. The end is near, heite. Ik soe 'belizzing' hâlde wolle. Drewes (oerlis) 22 mrt 2019, 20.02 (CET)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Nútsjesmoar".