Oerlis:Natoerreligys
Ynterpretaasje
bewurkje seksje- Wat is krekt "it joadske Alde Testamint"? De Tora?
- "Natoerreligys hawwe, nei it Kristendom en de Islam, de grutste fersprieding (hoewol net oanhing) fan alle godstsjinsten." As net nei oanhing, hoe hawwe se dan de grutste fersprieding?
- Dy grutste natuerreligy, dy't op dat plak net neamd wurdt, is dat Fodun?
Aliter 06.00, 30 des 2005 (UTC)
Stavering
bewurkje seksjeBinne al dy nammen wier stavere nei de Fryske stavering? Aliter 06.00, 30 des 2005 (UTC)
Reäksje skriuwer
bewurkje seksjeAlderearst betanke foar it feroarjen fan religyen yn religys. Ik haw it opsocht yn it wurdboek en jo hawwe gelyk: religyen is net geef Frysk (hoewol't religys my altyd noch hiel nuver yn de earen klinkt).
Lykwols moatte godstsjinsten fansels net mei haadletters skreaun wurde en fierders liket it my baas en staverje islaam mei twa a's, mei't wy it ek sa útsprekke.
It Alde Testamint is fansels it diel fan 'e Bibel dat by de joaden weikomt. It soe moaier wêze, dat jou ik daliks ta, om de joadske beneaming dêrfoar te brûken, mar dy wit ik net. Tora is it yn elts gefal net, want dat binne allinne de earste fiif Bibelboeken, de joadske wet.
Mei fersprieding bedoel ik geografyske fersprieding; dus in min of mear gelykmjittige fersprieding oer de kontininten (yn tsjinstelling ta bgl. it boeddisme).
En de namme fan dy religy fan de Yoruba, dy't ik net wist doe't ik dit stik skreau (in pear jier lyn alwer) is neffens de Ingelske Wikipedia "Itan".
Oangeande de stavering fan de nammen. Ik ha mei sin tige weromhâldend west mei it ferfryskjen fan nammen fan folken ensfh., mei't soks nei myn miening allinne mar betizing opsmite kin. Der soe bgl. wat foar te sizzen wêze om in wurd as Yoruba te staverjen as Jorûba. Ik tink dat jo dan jo doel foarbysjitte en dat it dan dreech wurdt om it spul werom te finen. De minsken dy't oer dat folk heard hawwe, sille ûnder de Y sykje.
Woadan 13.11, 30 des 2005 (UTC)
- Islam stiet ek yn it wurdboek, dat dêr hawwe wy de kar ek net.
- De nammen fan godstjinsten moatte fansels al mei haadletters skreaun wurde; it binne ommers nammen.
- At minsken heare oer dat folk, dan staverje hja dat Frysk, om't hja gjin oare referinsje foar dy namme hawwe. Dat, Jorûba is in bêste stavering. Oarsom tinkt ús lêzer by dy Ingelske stavering dat dy lju de Y-orúba hjitte. In synonym kin fansels altiten oanmakke wurde. Aliter 01.53, jan 13, 2006 (UTC)
Sjoch ek
bewurkje seksjeDe sjoch ek list wurdt tige lang. Kin in part fan dy begripen yn de tekst fan dizze side yntrodusearre wurde? Dan witte de minsken wat mear oer Natoerreligys, en hja witte ek better wêrom hja sa'n keppeling folgje soenen. Aliter 01.53, jan 13, 2006 (UTC)