Oerlis:Nova Sembla
Lêste reäksje: 14 jier lyn troch J'88
Ik begryp dat de namme fan Nova Zembla hjir ferfryske is. Mar de namme is in transliterêre oersetting fan it alfabet dat de Russen brûke nei it Latynske alfabet. Dat we brûke no eins Russyske wurden neffens de Fryske stavering. Wolle we it wier oersette dan soe de namme 'Nij lân' wêze moatte.--J'88 22 des 2009, 23.52 (CET)
- Om my hoege eigennammen nea oerset te wurden, it bringt alinne mar betizing en men kin de fryske oersetting ommers tusken () jaan. Drewes 23 des 2009, 00.17 (CET)
- Dat is eins ek myn manear fan arbeidzjen. Faak brûk ik dan yn it artikel sels al de Fryske namme. Dat de titel en it fetdrukte stiet dan yn de taal fan it wêrút it komt, de rest gewoan yn it Frysk. Sadwaande kinder ek nea betizing wêze. Mocht eat sa dúdlik wêze dan is it wer wat oars. Sa haw ik fan 'e middei Washington Monumint al ferfryske.--J'88 23 des 2009, 00.33 (CET)