Oerlis:Ofslútdyk
Lêste reäksje: 4 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk
@Ieneach fan 'e Esk: Goeie. De eigennamme Ofslútdyk is hjoed feroare yn Ôfslútdyk. Ha ik in nije regel mist? Drewes (oerlis) 14 jan 2020, 16.57 (CET)
- @Drewes: Nee, of teminsten, dan haw ik it ek mist. Mar it sil grif wer te krijen hawwe mei de regel dy't foar de Fryske stavering noch altyd hantearre wurdt, dat kapkes en skerptekens op fokalen ferdwine as men fan in lytse letter in haadletter makket. In hiel soad minsken begripe dat net, en, no ja, litte we earlik wêze, it is eins ek net út te lizzen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 14 jan 2020, 21.44 (CET)
- @Drewes: Ik haw der wer "Ofslútdyk" fan makke. Sjoch ek Taalweb foar it ferskil tusken de stavering fan in ôfslútdyk, yn 'e sin fan in willekeurige dyk dy't in wetter ôfslút, en de Ofslútdyk, de dyk tusken Fryslân en Noard-Hollân dy't de eardere Sudersee ôfslút. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 14 jan 2020, 21.51 (CET)