Oerlis:Peazens (plak)

Lêste reäksje: 1 jier lyn troch Mysha by it ûnderwerp Dy mjitten

Fiskersdoarp

bewurkje seksje

Dat stik oer it fiskersdoarp, is dat net it Moddergat? Mysha

Pasen

bewurkje seksje

Is der wier eat dat wy sizze kinne oer dy 'Pasen', dat wy dêr in keppeling op hawwe moatte? Mysha (talk)

Om my kin Pasen ferwize nei de Peazens en wat moat de pleats Jagtlust oan de Peazens, yn Hantumerútbuorren, yn dit stikje? Drewes (talk) 11 jun 2013, 14.53 (CEST)Beäntwurdzje
Ja, dat kaam fan in stikje oer de Peazens op dizze side, mar no binne it dúlik ûnderskate siden. Dy slinke, dêr haw ik wat oer neitocht. Dêr kin wat oer sein wurde oer dat oarspronklik in slinke by Peazens wie, mar dat de fiskery letter opskood is (fandêre myn fraach oer dat fiskerdoarp ferhaal) nei of in oare slinke of nei wêr't de slinke hinne skood wie. Allinnich moatte wy dan faaks al in oare boarne fine as Foarby It Boarkumer Fjoer, dêr't ik it fan wit. Mysha (talk)
Ik sil ek ris sjen at ik noch fine kin oer Pasen. It soe my gjin nij dwaan at de Pasen gewoan de 'bûtendykske' rin fan de Peazens wie. It fiskersdoarppart sil ik ek nei sjen. Gr. Drewes (talk) 12 jun 2013, 15.11 (CEST)Beäntwurdzje
De Pasen komt yn alle gefallen net op âlde (oant yn de 16e ieu) kaarten foar, mar dat seit net folle. Wy kinne Durk van der Ploeg spitigernoch net mear nei syn boarne freegje. Salang't wy gjin boarne hawwe fyn ik dat Pasen skrast wurde moat. Wat de fiskerij oanbelanget: Peazens hat altyd in fiskersdoarp west, mar nei de oanlis fan de Eanjumer - en Ljussenserpolder slike de bûtendykske kwelder bot op troch feroarjende steamings op it Waad en wiene de slinken moeiliker te berikken. Dêrom skode de bebouwing stadichoan nei it westen ta op dêr't it wetter tichter by de dyk kaam en sa ûntstiene De Kamp en De Oere (Moddergat). Guon Peazumers leine har dêrom ek mear ta op lânbou. Ik sil boppesteande yn it artikel ynfoegje. Drewes (talk) 12 jun 2013, 17.39 (CEST)Beäntwurdzje
Ja goed, skriuw dêr dan mar in stikje by, grif by beide doarpen. Dat ik tocht dat Peazens hielendal feroare wie ta in lânboudoarp komt ek fan Van der Ploeg, dat bettere ynformaasje is dúdlik in ferbettering fan de side. De Pasen haw ik foarearst mar fuorthelle. Mysha (talk)

Ik haw boppesteande ferwurke yn de artikels Peazens en Moddergat, útsein it lânbou-aspekt. Kom ik noch op werom. Drewes (talk) 14 jun 2013, 11.47 (CEST)Beäntwurdzje

De Encyclopedie van Friesland jout Pasen as in âld synonym foar De Peazens. Drewes (talk) 14 jun 2013, 16.17 (CEST)Beäntwurdzje

Dy mjitten

bewurkje seksje

Ik begryp der hieltiid noch neat fan. De ynstellings foar ús eigen skermen kinne wy by ús ynstellings opjouwe. Dat wêrom binne der hieltiid minsken dy't de mjitten fan printsjes bywurkje. Dat betsjut dan doch allinnich dat hja de plaatsjes foar oaren dreger te brûken meitsje? Wêr stiet dy útlis fan de ynstellings? Mysha (oerlis) 21 feb 2023, 11.45 (CET)Beäntwurdzje

Werom nei de side "Peazens (plak)".