Oerlis:Piaam

Lêste reäksje: 1 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk by it ûnderwerp Synkope

50 ynwenners? Is it dan wol in doarp? Steinbach (WanabeFries) 17.05, mai 24, 2006 (CEST)

Fansels is Piaam in doarp. It tal ynwenners is net in grins foar in doarpsstatus. It Westen en Noarden fan Fryslân wie hat yn it ferline al rille gau in protte ynwenners hawn. Der wiene dan ek in protte doarpkes mei elts har eigen tsjerke en letter ek eigen skoalle ensf.
Sommige fan dy doarpkes binne grutter wurden en binne no aardige doarpkes. Mar der binne ek in soad doarpkes wêr't al tiden net bout is en it tal hûzen hast itselde is as 200 jier ferline (sjoch HisGis). Troch it lytser tal minsken per hûs wûrdt stelt it tal ynwenners dan ek net safolle mear foar.
Yn alle âlde boarnen, bygelyks VanderAa of de 'Tegenwoordige Staat van Friesland' mar ek by de gemeente Wûseradiel is Piaam gewoan in doarp. Theun 21.12, mai 24, 2006 (CEST)

Synkope

bewurkje seksje

@RomkeHoekstra, goeie. Frysker jout foar synkope de nederlânske oersetting syncope en foar de betsjutting fan it wurd:

  • taalkunde: it weilitten, útstjitten fan in lûd of bylûd midden yn in wurd
  • muzyk: ferskowing fan it aksint troch ferbining fan it folgjende swiere oan it foarôfgeande swakke mjittediel

Kneppelfreed (oerlis) 17 nov 2023, 16.20 (CET)Beäntwurdzje

De betsjutting hie'k wol yn 'e rekken, mar ik wie net wis fan 'e stavering om 't ik de oersetting fan NL nei it Frysk net yn it wurdboek fine koe. Mar yn alle gefallen dank foar jo antwurd!--RomkeHoekstra (oerlis) 17 nov 2023, 18.45 (CET)Beäntwurdzje
Oeps, ik hie net troch dat hjir oerlis oer west hie. Ik haw "synkope" (neat op 'e stavering oan te merken) ferfongen troch "útfal", om't ik tink dat hast net ien wit wat it is. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 18 nov 2023, 01.18 (CET)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Piaam".