Oerlis:Planten
Dit is it âlde klassifikaasjeskema, dat no ferfongen is. Ik set it hjir noch mar even del foar as we it ea noch nedich hawwe. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 19 jun 2017, 16.04 (CEST)
- ryk planten (Plantae)
- ûnderryk grienwieren (Chlorophyta)
- rangleas takson draaiplanten (Streptophyta)
- ûnderryk krânswieren (Charophyta)
- ûnderryk lânplanten (Embryophyta)
- stamme haumoassen (Anthocerotophyta)
- stamme levermoassen (Marchantiophyta)
- stamme moassen of blêdmoassen (Bryophyta)
- boppestamme faskulêre planten (Tracheophyta)
- stamme Rhyniophyta †
- stamme wolvepoaten en ruskfearren (Lycopodophyta)
- stamme Zosterophyllophyta †
- stamme blêdplanten (Euphyllophyta)
- boppeklasse Trimerophytophyta †
- boppeklasse fearplanten (Monilophyta)
- rangleas takson ranke planten (Lignophyta)
- boppeklasse Progymnospermophyta †
- boppeklasse siedplanten (Spermatophyta)
- ynformele groep bedutsensieddigen
- klasse blomplanten (Angiospermae; foarhinne Anthophyta)
- ynformele groep neakensieddigen
- klasse ginkgo's (Ginkgophyta)
- klasse gnetofiten (Gnetophyta)
- klasse konifearen (Pinophyta)
- klasse palmfearren (Cycadophyta)
- ynformele groep bedutsensieddigen
Dit is de ûnfolsleine fierdere yndieling fan 'e klasse blomplanten (Anthophyta), foarsafier't dy op 't heden yn 'e Wikipedy beärbeide is.
- skift anjeliereftigen (Caryophyllales)
- famylje readskonken (planten) (Polygonaceae)
- skift asperzje-eftigen (Aparagales)
- famylje asperzjes (Asparagaceae)
- famylje irissen (Iridaceae)
- skaai irissen (Iris)
- famylje kaaiblommen (Orchidaceae)
- famylje narsissen (Amaryllidaceae)
- skaai sipels (Allium)
- skift bûkeftigen (Fagales)
- famylje bjirken (Betulaceae)
- skaai bjirken (Betula)
- famylje bjirken (Betulaceae)
- skift bûterblomeftigen (Ranunculales)
- famylje bûterblommen (Ranunculaceae)
- skaai bûterblommen (Ranunculus)
- famylje klaproazen (Papaveraceae)
- famylje bûterblommen (Ranunculaceae)
- skift gensiaaneftigen (Gentianales)
- famylje frisselgrienen (Apocynaceae)
- famylje gensianen (Gentianaceae)
- skift gerseftigen (Poales)
- famylje gerzen of gersplanten (Poaceae)
- famylje tuorrebouten (Typhaceae)
- skift heide-eftigen (Ericales)
- famylje heideplanten (Ericaceae)
- famylje hjerstseringen (Polemoniaceae)
- famylje teeplanten (Theaceae)
- skift hynsteblomeftigen (Asterales)
- famylje hynsteblommen (Asteraceae)
- skift ierdappeleftigen (Solanales)
- famylje ierdappelplanten (Solanaceae)
- skaai ierdappelplanten (Solanum)
- famylje ierdappelplanten (Solanaceae)
- skift kaarde-eftigen (Dipsacales)
- famylje muskuskrûden (Adoxaceae)
- skaai flearen (Sambucus)
- famylje papsûgers (Caprifoliaceae)
- famylje muskuskrûden (Adoxaceae)
- skift kalmuseftigen (Acorales)
- famylje kalmusplanten (Acoraceae)
- skift klavereftigen (Fabales)
- famylje klavers (Fabaceae)
- skift koaleftigen (Brassicales)
- famylje koalplanten (Brassicaceae)
- skift leelje-eftigen (Liliales)
- famylje hjersttijleazen (Colchicaceae)
- famylje ienbeien (Melanthiaceae)
- famylje leeljes (Liliaceae)
- skift lippeblomeftigen (Lamiales)
- famylje helmkrûden (Scrophulariaceae)
- famylje lippeblommen (Lamiaceae)
- famylje oliven (Oleaceae)
- skaai esken (Fraxinus)
- skift malpigia-eftigen (Malpighiales)
- famylje fioeltsjes (Violaceae)
- famylje flaaksplanten (Linaceae)
- skift roaseftigen (Rosales)
- famylje ipen (Ulmaceae)
- famylje roazen (Rosaceae)
- skaai ierdbeiplanten (Fragaria)
- skaai roazen (Rosa)
- skift rûchblêdeftigen (Boraginales)
- famylje rûchblêdplanten (Boraginaceae)
- skift sandelhouteftigen (Santalales)
- famylje sandelhoutplanten (Santalaceae)
- skift sjippebeameftigen (Sapindales)
- famylje sjippebeammen (Sapindaceae)
- skift snoekeblêdeftigen (Alismatales)
- famylje bearzerûchplanten (Potamogetonaceae)
- famylje ielstikels (Hydrocharitaceae)
- famylje snoekeblêden (Alismataceae)
- famylje swannepopels (Butomaceae)
- skift stienbrekeftigen (Saxifragales)
- famylje stienbrekken (Saxifragaceae)
- skift swanneblomeftigen (Nymphaeales)
- famylje swanneblommen (Nymphaeaceae)
- skift woarteleftigen (Apiales)
- famylje klimmerblêden (Araliaceae)
- famylje woartelplanten (Apiaceae)
Oerlis hjirhinne oerbrocht fan oerlisside Skema taksonomy planten (dy't wiske wurdt)
bewurkje seksje[Diskusje giet oer it skema dat no op dizze side stiet ûnder it kopke Klassifikaasje fan planten]
@romke fan tomke (daam): Goeie, Daam. Is der in reden dat jo dit skema yn twa kolommen dien hawwe? Want ik fyn dat dat it in bytsje ûnoersichtlik makket. As it yn ien trochrinnende kolom stie, dan koe it om my sà de klassifikaasje op 'e side Planten ferfange. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 19 jun 2017, 15.36 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk: No, de reden is dat ik nochal fokust wie op it feit dat ik it leafst alles yn ienkear yn byld hawwe wol. No kin dat by my nochal gau mar foar wa't mei in tablet, mobyl of sa wurket wurdt dat al wer oars fansels. Ik set it aanst wol trochrinnend by planten del (dy boarnekoade is oars en dêr ha'k de linkjes der noch net yn op). Smyt dizze side mar fuort. romke fan tomke (daam) (oerlis) 19 jun 2017, 15.51 (CEST)
- @romke fan tomke (daam): Ik wit net krekt wat jo bedoele mei de boarnekoade, mar ik haw it al foarinoar krigen. Ja, as je alles yn ien kear yn byld krije kinne, dat is moai, mar dat kin no ienris net by sokke lange listen. Ik fyn, dan moatte se mar even nei ûnderen ta scrolle, dêr ha jo op 't lêst in scrollknop foar. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 19 jun 2017, 16.01 (CEST)
P.S.: ik lit dizze side noch even stean, want as ik him wiskje, giet dizze oerlisside mei fuort, bin 'k bang. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 19 jun 2017, 16.02 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk: Ik sjoch it, sa kreas as wat. Ik ferwachte eins problemen mei it skrassen fan de kolomoergong mar dat foel blykber ta. romke fan tomke (daam) (oerlis) 19 jun 2017, 16.30 (CEST)