Oerlis:Pokahontas
Lêste reäksje: 7 jier lyn troch Drewes
Of soe Pokahontas hjir better wêze? De Dútsers, Denen, Noaren en Sweden, dat besibbe lju, dogge it ek mei in c . Drewes 5 jul 2010, 18.39 (CEST)
- 'k Soe it mar sa litte, of woenen jo Wahunsunacawh ek ferfryskje?--Swarte Kees 5 jul 2010, 19.11 (CEST)
Dat soe ik ek wol ferfryskje wolle Kees. Drewes (oerlis) 26 des 2016, 22.07 (CET)
- Wêrom net? Nammen fan persoanen fan lang lyn hawwe hjir wol faker Frysk stavere. -Geoffrey 5 jul 2010, 20.03 (CEST)
- Ja, sa kinne we by alle persoansnammen de c der wol út helje. Mar dat makket it gjin Fryske namme, allinnich in fout stavere útlânske namme. Oer it algemien bin ik der gjin foarstanner fan om persoansnammen te ferfryskjen. Allinnich as, sa't bygelyks mei in protte Yndianen it gefal, de persoan yn kwestje bekend is ûnder in Ingelske oersetting fan syn namme (bgl. Sitting Bull), dan is dat dochs syn wiere namme al net, dat dan is it wol sa goed om der in Fryske oersetting fan te meitsjen (Sittende Bolle) ynstee fan 'e Ingelske oersetting oan te hâlden. Mar Pocahontas is gewoan in eigennamme yn har oarspronklike taal. Dan liket it my de baas om dy foarm te behâlden. Sa't ik al sei, in c yn in k feroarje makket der noch gjin Fryske namme fan. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 26 des 2016, 20.49 (CET)
- Dat sein hawwende, sjoch ik no dat dit in side is dy't Drewes sels oanmakke hat. Dat jout him fansels wat mear rjochten om oer dizze side te beslissen as oaren. Dat wist ik niis net, dat ik sil de side foarearst wer weromsette nei de stavering mei in k, mar ik fyn it fuoililk en ik bliuw derby dat gjin ferfrysking is. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 26 des 2016, 21.12 (CET)
- Wêrom net? Nammen fan persoanen fan lang lyn hawwe hjir wol faker Frysk stavere. -Geoffrey 5 jul 2010, 20.03 (CEST)