Oerlis:Pornoakteur

Lêste reäksje: 5 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk

Soe in 'pornoakteur' net 'porno-akteur' wêze moatte? Drewes (oerlis) 9 mrt 2019, 23.37 (CET)Beäntwurdzje

Dêr sizze jo sawat. Ik haw ris even socht, mar it wurd komt yn gjin inkeld Frysk wurdboek foar (frjemd genôch; sa'n nuver wurd is dochs net, tocht ik). It Nederlânske Groene Boekje hat inkeld de froulike foarm, en dy wurdt dêr stavere as pornoactrise, dus sûnder keppelstreekje. Dêr sil wol fan útgien wêze, tink, doe't dizze side yn in griis ferline oanmakke is troch in anonime meidogger. Doe't ik de side letter ris wat útwreide haw, haw ik hjir net by stilstien en is it sa stean bleaun. Yn prinsipe is in keppelstreekje bedoeld om útspraakswierrichheden foar te kommen, dat it hie miskien better west om it yn it Frysk te skriuwen as 'porno-akteur', om't de oa yn it Frysk in twaklank is. Oan 'e oare kant tink ik net dat der minsken binne dy't it foar de útspraak 'por-noak-teur' oansjogge, dat in grut probleem liket it my no ek wer net. It is it selde soarte stavering as it wurd 'reaksje' (dat ek útsprutsen wurde kinne soe as "reak-sje"); dêr wurdt troch de measte lju ek gjin trema op 'e a set om 'e juste útspraak oan te jaan. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 12 mrt 2019, 15.17 (CET)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Pornoakteur".