Oerlis:Premorenaal

Lêste reäksje: 10 jier lyn troch Drewes

De rivieren fierden in soad materiaal oan, mooglik sakke dêrtroch ek de seespegel. ????? Drewes 3 des 2009, 22.13 (CET)Beäntwurdzje

Dat slacht nearne op; as der mear materiaal troch de rivieren de see yn spield wurdt, soe de seespegel krekt stige moatte. Dizze sin helje ik fuort. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 23 maa 2017, 18.53 (CEST)

Oare Wikipedys hawwe it lemma net. Ik tink dat premorenaal in âldfrinzich, faaks efterhelle begryp is, dat ik soe it stik skrasse wolle. Drewes (talk) 27 mrt 2014, 18.42 (CET)Beäntwurdzje

It begryp premorenaal bestiet wol. It slacht op sânôfsettings fan foar de yn it stikje neamde iistiid. Ik meitsje der earst mar in stobbe fan.Drewes (oerlis) 23 maa 2017, 18.47 (CEST)
Yn 'e Nije Ensyklopedy fan Fryslân ferwiist it lemma premorenaal troch nei geology. Miskien kin ien mei de âlde ensyklopedy, dat yn dit stikje as boarne oanhelle wurdt, ris sjen oft it wol hielendal goed oernommen is? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 23 maa 2017, 18.53 (CEST)
It artikel yn de Encyclopedie van Friesland is in wiidweidich stik oer premorenale ôfsettings yn Fryslân. Yndie is dy ûnbegryplike sin fout oernommen. It moat wêze: 'De rivieren fierden in soad materiaal oan, mooglik sakke ek de seespegel'. Los dêrfan, it stikje kin sa net, it jout gjin ynformaasje. Drewes (oerlis) 23 maa 2017, 19.11 (CEST)
As jo it oanfolje wolle, bêst. As jo dat net talaket en jo fine it better om dizze side fuort te smiten, dan haw ik dêr ek neat op tsjin. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 23 maa 2017, 21.01 (CEST)
Werom nei de side "Premorenaal".