Oerlis:Punysk
Lêste reäksje: 4 jier lyn troch Kneppelfreed
@Kneppelfreed: Goeie. Dat fertalen út it Ingelsk nei it Frysk is in hiele poepetoer, of net? Ik sjoch dat jo faak te letterlik oersette en de Ingelske sinbou oernimme. Ik wiis jo op it bestean fan DeepL. Ik brûk dy fertaalmasine wolris as in soarte fan tuskenskeakel: oer it Ingelsk nei it Nederlânsk en dêrnei nei it Frysk. Faaks kin dat jo ek fertuten dwaan. Groetnis Drewes (oerlis) 30 nov 2020, 17.54 (CET)
- Goeie @Drewes: Nee dat oersetten falt net altyd goed ta. Der binne somtiden wurden by dy't ik net wyt wat se betsjutte en dan brûk ik gauris Google translate. It letterlike oernimmen fan de Ingelske sinsbou kin ek wêze om't ik yn myn deistich wurk in soad Ingelsk brûk, dêrom sjogge myn oersettings der dan miskien wat "Fringelsk" út. Ik brûk it leafst de Ingelsktalige wiki as útgongspunt, want dy fyn ik justjes mear betrouber. Ik brûk de Dútsktalige en somtiden de Frânsktalige ek wol. Doe't ik dizze side justerjûn begûn oan te meitsjen, woe't op it lêst net goed mear, dus doe bin ik earst mar even opholden om letter wer even fierder te gean, want it begûn yndie wat op in lullich ferhaal te lykjen. Nou siet ik juster wis net de hiele dei oan de wiki te puzeljen, want ik die gauris tusken de bedriuwen troch ek in stikmannich oare dingen, mar guon siden nimme yndie wat langer as oaren. Tige tank foar jo link nei de fertaalmasine. Groetnis Kneppelfreed (oerlis) 1 des 2020, 05.16 (CET)