Oerlis:Sineeske gielpuntsnaffelein
Lêste reäksje: 5 moannen lyn troch Ieneach fan 'e Esk
@RomkeHoekstra: Goeie. Even oer "flek". Dat is gjin Frysk wurd. Ik haw myn wurdboeken en Frysker nochris even troch west, en dy binne ienriedich: it iennichste "flek" dat yn it Frysk bestiet, is in bewenne plak dat grutter is as in doarp, mar lytser as in stêd. Yn 'e betsjutting dy't jo hjir bedoele, komt it net foar. Dat we sille hjir in oare namme foar betinke moatte. Ik haw de foto's fan dizze fûgel en syn Yndyske wjergader ris besjoen en beide hawwe in giel plak op 'e útein fan 'e snaffel. Wat tinkt jo fan Sineeske gielpuntsnaffelein? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 8 jul 2024, 22.44 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk: Bêst genôch, ik feroarje it yn gielpuntsnaffel. Ik ynearsten fan 'e oare gielpuntsnaffelein wer in Yndiaaske ein meitsje, mar by it skriuwen fan it artikel oer dy ein kaam ik der achter dat Yndysk referearret nei it subkontinint, dus dat mar wer hersteld.--RomkeHoekstra (oerlis) 9 jul 2024, 06.52 (CEST)
- @RomkeHoekstra: Bêst genôch Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 9 jul 2024, 19.31 (CEST)