Oerlis:Slach by Warns

Lêste reäksje: 1 jier lyn troch Kneppelfreed by it ûnderwerp Twa tsjinstridige beskriuwingen fan de slach

Binne dizze ôfbylden rjochtenfrij? Dan soe'k sizze dat se better opnaam wurde kinne yn de Wikipedy, lykas oare ôfbylden. Mar as se dat net binne, dan soenen we se ek net mei in keppeling brûke moatte. Aliter 22.32, 10 sep 2004 (UTC)

Twa tsjinstridige beskriuwingen fan de slach

bewurkje seksje

De earste opfetting is folslein ferâldere, basearre op Van Lennep 1836, Waller Zeper 1914 en Douwe Kalma, de twadde is basearre op literatuer sûnt 1978 (Groustra, De Graaf, Janse, Mol). Dizze slach wie grif net by Warns of Laaksum. Earst stiet dat de troepen fan Jan fan Beaumont benoarden Starum oan wâl kamen, dan stiet dat dit krekt súdlik fan de stêd wie. Yn it earste stik stoar greve Willem yn Warns (dat is net goed), yn it twadde komt er te Starum. Ik haw no it Nederlânske artikel - dat in oersetting wie fan it Fryske artikel - oerskreaun en oanfolle. Der wiene noch mear hakken. Ik bin skrokken dat ek oer in wichtich ûnderwerp dêr’t ek yn de Fryske Kanon oer praat wurdt, noch âlde mearkes ferteld wurde.Otto S. Knottnerus (oerlis) 17 sep 2023, 13.57 (CEST)Beäntwurdzje

@Otto S. Knottnerus, fiel frij om feroarings oan te meitsjen. As jo it Frysk net alhiel machtich binne, kinne we jo altyd helpe. Kneppelfreed (oerlis) 18 sep 2023, 09.01 (CEST)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Slach by Warns".