Oerlis:Stevenstsjerke (Skingen)

Lêste reäksje: 6 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk

@RomkeHoekstra en Drewes: Stevenstsjerke... Hmm. Dy namme komt my wat apart foar. Mar miskien leit dat him wol oan my, hear, dat kin bêst. Romke, jo hawwe dêr west want ik sjoch dat jo de foto's sels nommen hawwe. Is "Stevenstsjerke" de nammefoarm dy't se dêr yn Skingen brûkten? Oars soe ik leaver òf "Stefanustsjerke", de namme dy't yn 'e Bibel brûkt wurdt, òf (noch better, wat my oangiet) "Steffenstsjerke", de oarspronklike ferfrysking fan 'e namme, dy't yn 'e wurdboeken stiet. Bgl. it Frysk Hânwurdboek side 1743/1744: Sint Steffen, sint-steffensdei (2e krystdei). Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 11 aug 2018, 18.32 (CEST)Beäntwurdzje

Ik haw efkes googele en fûn 1 kear Stefanustsjerke en 2 kear Stevenstsjerke foar dy yn Skingen. Fierders allinne Stevenskerken oeral yn't lân. Drewes (oerlis) 11 aug 2018, 19.18 (CEST)Beäntwurdzje
Ik folgje de eigner sa't dy de tsjerke neamd en yn dit gefal neamt de PKN fan Skingen harren tsjerke Stevenstsjerke, dat dêr haw ik my mar by oansletten. As ik de PKN west hie, dan hie ik keazen foar Stefanustsjerke en ik wit net wêrom't se dêr keazen ha foar Stevenstsjerke, mar sa neame se dy no ienris. Jo fraach komt wat yn de buert fan in fraach dy't my okkerdeis op de oerlispagina fan de Nederlânsktalige wiki steld is oer de moderne nammejouwing fan Fryske en Grinslânske tsjerken. In soad eardere herfoarme tsjerken hawwe nammentlik de lêste tiid de nammen werom krigen fan de patroanhilligen en de fraachsteller frege oft soks wol rjocht die oan de protestanske tradysje fan it gebou. Ek dêr haw ik andere dat ik my oanslút by de namme sa't de eigner dy oan it gebou jout. As de tsjerklike gemeente of in stifting de namme fan de eardere patroanhillige brûkt, dan doch ik dat ek. Brûkt de tsjerklike gemeente ek noch "Sint" foar de namme, dan nim ik dat ek sa oer. Ik kom net út de omkriten fan Skingen, mar dêr sil de tsjerke dus bekend wêze ûnder Stevenstsjerke. Da sa sjoch.--RomkeHoekstra (oerlis) 11 aug 2018, 22.39 (CEST)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra en Drewes: Ja. No, bêst genôch. Ik fyn it net in moaie nammefoarm, mar dat is dan myn probleem. Dan litte we it sa stean. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 11 aug 2018, 22.52 (CEST)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Stevenstsjerke (Skingen)".