Oerlis:Stikstofrûntegong
Lêste reäksje: 5 jier lyn troch Kneppelfreed
@Kneppelfreed: Ensym, ik sjoch it no ek fergeemje.Drewes (oerlis) 21 apr 2019, 19.38 (CEST)
@Kneppelfreed: Ik soe eins leaver "Stikstofsyklus" hawwe. Ik tink dat in hiel soad minsken dan gauwer begripe wêr't it oer giet. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 22 apr 2019, 22.21 (CEST)
- Dei @Ieneach fan 'e Esk: Dêr soe ik ynearsten gjin beswier tsjin hawwe, dochs fyn ik dat it wurd "rûntegong" sels al seit wêr't it op slacht. En boppedat joech taalweb my dat as oersetting fan it Nederlânske "kringloop" Kneppelfreed (oerlis) 23 apr 2019, 21.53 (CEST)
- @Kneppelfreed: Goeie. Jo hawwe fansels gelyk dat "rûntegong" in geef Frysk wurd is. Mar ik moat earlik sizze dat ik, doe't ik it foar it earst lies, der even op omstinne moast wat "stikstofrûntegong" betsjutte koe. No wol ik mysels net op it boarst klopje, mar ik bin goed thús yn it Frysk, dat as ik al fuort net wist wat der bedoeld waard, dan tink dat in hiel soad lju dy't minder thúsbinne yn it skreaune Frysk it wurd net begripe sille. Oan 'e oare kant wurdt de betsjutting fansels wol útlein yn it artikel, mar ik tink dat der fuort wat klikt as immen it wurd "stikstofsyklus" lêst, en dat dat (by de measten) net sa is mei "stikstofrûntegong". Ik tink dat sels in feroaring yn "stikstofrûngong" al helpe soe. Mar goed, ik wol ek net tefolle noaten op 'e sang hawwe, dat as jo sizze fan "ik wol it graach sa hâlde", dan litte we it sa. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 24 apr 2019, 17.32 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk: Ik woe it oars foarearst mar sa litte. Ik fyn it ek wol in moai wurd. As immen net wit wat it betsjut, kin er dêr altyd op klikke en dêr oer lêze. Dat is it moaie fan de Wikipedy. Ik kin "stikstofsyklys" derby sette yn de boppeste sin. As der al ris ferlet fan wêze soe, kin it altyd noch feroare wurde. Kneppelfreed (oerlis) 24 apr 2019, 19.39 (CEST)
- @Kneppelfreed: Goeie. Jo hawwe fansels gelyk dat "rûntegong" in geef Frysk wurd is. Mar ik moat earlik sizze dat ik, doe't ik it foar it earst lies, der even op omstinne moast wat "stikstofrûntegong" betsjutte koe. No wol ik mysels net op it boarst klopje, mar ik bin goed thús yn it Frysk, dat as ik al fuort net wist wat der bedoeld waard, dan tink dat in hiel soad lju dy't minder thúsbinne yn it skreaune Frysk it wurd net begripe sille. Oan 'e oare kant wurdt de betsjutting fansels wol útlein yn it artikel, mar ik tink dat der fuort wat klikt as immen it wurd "stikstofsyklus" lêst, en dat dat (by de measten) net sa is mei "stikstofrûntegong". Ik tink dat sels in feroaring yn "stikstofrûngong" al helpe soe. Mar goed, ik wol ek net tefolle noaten op 'e sang hawwe, dat as jo sizze fan "ik wol it graach sa hâlde", dan litte we it sa. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 24 apr 2019, 17.32 (CEST)
O ik sjoch dat jo it der al bysetten ha. Tanke Kneppelfreed (oerlis) 24 apr 2019, 19.41 (CEST)