Oerlis:Syffaks
Lêste reäksje: 3 jier lyn troch Kneppelfreed
@Kneppelfreed: Goeie, dêr bin ik wer te eameljen. De 'ph' yn Syphax wurdt as 'f' útsprutsen. Dat ik tink dat 'Syfaks' better is. Wat tinke jo? Drewes (oerlis) 11 jan 2021, 16.55 (CET)
- @Drewes: Goeie, as it mei ien F skreaun wurdt, dan soe it dochs eins Sifaks wêze moatte. Ik tocht om de "y" deryn te litten sa't it der in bytsje oarspronklik útsjocht, mar it makket my fierders net út. Ik wit net wat oare meidoggers hjir fan fine, mar as jo it feroare hawwe wolle is it my bêst. --Kneppelfreed (oerlis) 11 jan 2021, 22.04 (CET)
- @Kneppelfreed: De skriuwwize mei ff of f makket my net safolle út, mar ik wol eefkes in algemiene noat oer de stavering pleatse yn ferbân mei jo lêste opmerking. Frjemd genôch bliuwt yn 'e Fryske stavering de y yn frjemde wurden stean, dêrom "gynekolooch", wylst je eins "ginekolooch" ferwachtsje soene. Dit is ien fan 'e (neffens my net út te lizzen) apartichheden fan 'e Fryske stavering dêr't de Fryske Akademy eltsenien in geunst mei dwaan kinnen hie troch it by de lêste staveringsherfoarming yn 2015 rjocht te lûken ynstee fan û's en oe's hinne en wer te skowen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 11 jan 2021, 22.25 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk: Betanke dat jo my der even op wize, want dat wist ik net. Ja it liket wol dat se der by de FA net alhiel witte wat se dogge. Ik tink de bedoeling mei de staveringsherfoarming wol goed wie om in foarkarstavering te hawwen, mar om wurden oan te passen om nei in oare taal te sjen fûn ik alhiel ûnnoazel. Dus moatte we dit feroarje of sa mar litte? --Kneppelfreed (oerlis) 12 jan 2021, 05.46 (CET)
- @Kneppelfreed: De skriuwwize mei ff of f makket my net safolle út, mar ik wol eefkes in algemiene noat oer de stavering pleatse yn ferbân mei jo lêste opmerking. Frjemd genôch bliuwt yn 'e Fryske stavering de y yn frjemde wurden stean, dêrom "gynekolooch", wylst je eins "ginekolooch" ferwachtsje soene. Dit is ien fan 'e (neffens my net út te lizzen) apartichheden fan 'e Fryske stavering dêr't de Fryske Akademy eltsenien in geunst mei dwaan kinnen hie troch it by de lêste staveringsherfoarming yn 2015 rjocht te lûken ynstee fan û's en oe's hinne en wer te skowen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 11 jan 2021, 22.25 (CET)
Lit it sa mar stean. Drewes (oerlis) 12 jan 2021, 10.10 (CET)
- Okee :-) --Kneppelfreed (oerlis) 12 jan 2021, 14.57 (CET)