Oerlis:Taalferoaring

"Sa wurdt yn it Frysk tsjintwurdich faak praat fan bruts en luts, nei analogy fan brutsen en lutsen, wylst âlder Frysk dêrfoar briek en loek hat."

Kinne wy hjir in oar foarbyld foar nimme? "Bruts" is gjin grutte ferienfâldiging, om't dan de doetiid in wikseling krijt. Mar mear noch: foar in mûlwurd "brutsen" moat mear barre dan allinnich in lûdferoaring fan "brekke", en om sjen te litten dat "bruts" net in oerbliuwsel fan dat proses is soenen wy dat hielendal útskriuwe moatte. Faaks wat te folle foar in foarbyld. Aliter 23.39, 25 jun 2005 (UTC)

Ik sil foar bruts in oar foarbyld besykje te betinken. It is oars wol in ferienfâldiging, om't briek ens. ferdwine. Pyt 21.44, 26 jun 2005 (UTC)

Dat past allinnich as yn gâns de doetiid briek troch bruts ferfongen wurdt. Hawar! Faaks fan sterk nei swak as foarbyld? Aliter 22.39, 26 jun 2005 (UTC)

Spontane drift bewurkje seksje

Ik haw in omskriuwing fan spontane drift tafoege. As dy net goed is moat er oanpast wurde. Aliter 23.53, 25 jun 2005 (UTC)

Definysje spontane drift liket my goed. Pyt 21.44, 26 jun 2005 (UTC)
Werom nei de side "Taalferoaring".