Oerlis:Talmahûs
Mei in hearehûs út 1898 noch state hjitte? Drewes (talk) 4 maaie 2012, 13.37 (CEST)
- Tsja, it is fansels in grut foarnaam hûs, mar der is eins gjin fêste definysje foar state. Jo ha gelyk dat it net hielendal rjocht docht oan it gefoel, dan moat in hûs ek folle âlder wêze as dik hûndert jier. Der wurde trouwens hjoed de dei ek nije huzen boud mei de namme 'state' mar dan is it faak sweeslaanderij. Mar dat wie it eartiids ek al. Mar is in hearehûs noch in wol in hûs foar hearen? Foar de yndieling yn kategoryen soe'k state wol oanhâlde wolle oars krije wy wat tefolle kategoryen. Mar yn it stikje mei in ek wol in hearehûs, grut hûs of soksawat wurde. Fan tinkt jo hjirfan, hoe't wy mei sokke grinsgefallen oanmoatte? Groetnis, --Swarte Kees (talk) 4 maaie 2012, 14.54 (CEST)
- Nije(re) pleatsen as (heare)huzen op it plak fan in âlde stins/state krigen meast de âlde namme mei. Ik tink dat jo it yn de tiid sjen moatte. In foarnaam hûs set yn 1898 troch in pommerant, kin rêstich as hearehûs beneamd wurde; bûtenút soe it in bûtenpleats neamd wurde kinne. Gr. Drewes (talk) 4 maaie 2012, 16.44 (CEST)
Oerlis begjinne oer Talmahûs
Op oerlissiden beprate meidoggers hoe't se de ynhâld op Wikipedy perfekt krije. Jo kinne dizze side brûke om mei oaren te oerlizzen oer de mooglike ferbettering fan Talmahûs.