Oerlis:Tantoo Cardinal

Lêste reäksje: 7 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk

It Frysk hat dochs gjin ' op in letter? Drewes (oerlis) 21 des 2016, 22.36 (CET)Beäntwurdzje

It Frysk hat hiel inkeld noch in é (e mei skerpteken), yn 'grouwélich', 'mandélich' en in pear fan soksoarte wurden dêr't de klam op it twadde wurdlid falt en dy't sûnder it skerpteken de klam op it earste wurdlid hawwe soene.
Mar it giet jo om "Métis", tink? Tsja, dêr haw ik al wat op omstind, mar ik kaam der eins net út, dat ik haw it foarearst mar letterlik oernommen út it Frânsk. De Métis binne de mingbefolking fan blanken en Yndianen, mei in geef Frysk wurd de mestizen, mar dan spesifyk yn Kanada en ik leau ek noch oardel man en in hynstekop yn Montana en Noard-Dakota. 'Métis' is de letterlike Frânske foarm fan 'mestizen', mar ik kin 'mestizen' dus net brûke, want dy oantsjutting jildt ek foar de blank/Yndiaanske mingbefolking yn Midden- en Súd-Amearika, en de Métis binne no krekt in spesifike etnyske groep yn Kanada. As ik de namme ferfryskje ta Mety, komt de klam op it earste wurdlid te fallen, wylst er op it twadde wurdlid heart. As ik der Metý fan meitsje liket it nuver, mei't der yn it Frysk nea in skerpteken op in y foarkomt. No goed, lang ferhaal koart, ik wist earlik sein net wat ik moast, dat ik tink, ik lit it earst mar sa stean. Dat is it moaie oan 'e Wikipedy: it kin altyd noch wer oars. Wat fine jo, moat ik der dochs 'Mety' fan meitsje? Dat is eins wol sa konsekwint, hin? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 21 des 2016, 23.07 (CET)Beäntwurdzje
(Nei ryp berie...) Ja, dat doch ik mar, leau 'k. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 22 des 2016, 00.55 (CET)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Tantoo Cardinal".