Oerlis:Terkaple

Lêste reäksje: 2 jier lyn troch Kneppelfreed by it ûnderwerp Twifel

Twifel

bewurkje seksje

Goeie @Drewes, @Ieneach fan 'e Esk, @Frou Watzema @Kneppelfreed, @Wutsje, @Anoniem-NOF, @FreyaSport. Lykas jim witte seach ik in setsje lyn by ferskillende lemma's oer Ljouwerteradiel dat hiele stikken tekst letterlik út in boek oernommen wiene. Ik kaam fan Muntsjesyl yn Terkaple telâne en no ha'k dy fertinking ek by it lemma oer Terkaple. Der wurdt tige wiidweidich skreaun oer de ûnderwerpen, folle mear as earne oars. Kk ha myn twifels oft it wol yn eigen wurden opskreaun is. It earste diel fan it lemma haw ik yntusken feroare en oanpast en guon stikken tekst by oare lemma's ûnderbrocht. Mar no kaam ik by de Skûtmakkerspôle en woe earst mar eefkes mei jimme oerlizze. Ik kin it net hielendal goed ûnder wurden krije, mar de tekst kriget hjir bytiden Bokwert-eftige trekken (somtiden koe ik it laitsjen net litte). Nei it wel en wee fan de ier 19e-iuwske skûtmakker Tjeerd Douwes van der Meulen it foarbyld út de seksje 'Middenstân om 1930 hinne': "Yn it hûs fan Sander Brink siet in krudenierswinkel dêr’t men ek naaierij - fournituren ferkocht, dan in krudenierswinkel yn it hûs fan Jaap Haasjes, de grientewinkel fan Hoekstra, in krudenierswinkel yn it hûs fan Cor v. Oosterom, bakker Beetstra yn it hûs fan Dirk de Ridder, yn it hûs fan Karel v.d. Kaaden wienen galanteryen/kopkes en pantsjes te keap, yn it hûs fan Sibbele Sikkes wie in krudenierswinkeltsje op’e souder, yn it hûs fan Germ Hooisma wie in krudenierswinkel, op’e Pôle siet in tabakswinkel, yn it hûs fan Piter Bokma wie in krudenierswinkel, yn it hûs fan Tjitske Douma wie in krudenierswinkel, yn it hûs fan Feike Lefferstra wie op’e souder in krudenierswinkeltsje". Oar foarbyld (yn de seksje fan it Kafee Schaafsma): "Hy timmert aardich oan’e dyk, want as je it archyf fan de Leeuwarder Courant neiplúzje, dan sjoch je dat hy as timmerman gewoan syn bedriuw hat en dêr neist it kafee draait". Is dat werklik dien troch de skriuwer, it argyf neiplúzje? Dat wol my net oan, mar los dêrfan: heart soks no yn in ensyklopedy? Ik fyn fan net. Al te grutte lapen oer in spesifyk ûnderdiel kinne boppedat yn aparte lemma's ûnderbrocht wurde. Wolle jimme it ek eefkes trochlêze en dan jimme miening jaan? RomkeHoekstra (oerlis) 3 des 2022, 19.39 (CET)Beäntwurdzje

Goeie Romke. Ik bin it folslein mei jo iens: it is net ensyklopedysk! Al dy nammen fan kleine luyden dy't perfoast net 'lemmaweardich' binne kinne fuort. Jo kinne bygelyks folstean mei: der wiene 6 krudeniers en 2 kafees. Ik soe sizze: set it mes der mar yn. Drewes (oerlis) 3 des 2022, 20.00 (CET)Beäntwurdzje
Ik bin it mei jo en Drewes iens. Set it mes der mar yn. En de tekst oanpasje dêr't it nedich is. Kneppelfreed (oerlis) 3 des 2022, 22.32 (CET)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra: Dit is it wurk fan Swarte Kees, sjoch ik. Hmm. Ik fermoedzje dat hiele stikken oerskreaun binne fan 'e doarpswebside fan Terkaple, dy't no ter ruste is; it docht my teminsten krekt oan as stikjes fan sa'n webstee. Ik slút my by boppesteande kommentatoaren oan. Der kin in protte fan fuort om der in goed rinnend artikel fan te meitsjen. As jo dy put oanpakke wolle, Romke, dan sjapoo foar jo. Wat Drewes hjirboppe seit oer de nammen fan 'e kleine luyden, hat er gelyk oan. Net ien bûten Terkaple wit wa't dy lju wiene. It hat noch wol in beskate wearde, mar soks is mear wat foar (sjoch, dat bedoel ik) in doarpswebside. Wat my earlik sein mear yrritearre, wiene de neatsizzende tafoegings, lykas by it heechwetter it geëamel oer dat bern it moai fûnen, mar dat de memmen der in hekel oan hiene as se mei dridzige learzens thúskamen. Ek it miny-artikeltsje út de Ljouwerter Krante, dat yn deselde alineä yn syn gehiel yn it Nederlânsk oernommen is, stiet neat fan wearde yn. Dy hiele trêde alineä fan dat stik oer heech wetter kin om my fuort. De twadde alineä fan itselde stik trouwens ek. En yn it stik oer suteljen stiet in hiel sjapiter oer karrehûnen; dat hat noch wol in beskate ensyklopedyske wearde, fyn ik, mar it hat eins hielendal neat mei Terkaple út te stean. Fuort dermei: sêfte hielmasters meitsje stjonkende wûnen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 4 des 2022, 00.23 (CET)Beäntwurdzje
Ik bin bliid dat jim der ek sa oer tinke. Ik ha yntusken flink hûsholden en in hiel soad tekst weismiten. It begruttet my al wat om de skriuwer, want dy hat it grif goed bedoeld en somtiden mei der (om my) ek bêst wat anekdoatysk materiaal tusken, mar dit gie fierstente te fier.--RomkeHoekstra (oerlis) 4 des 2022, 12.10 (CET)Beäntwurdzje
Bin ik it op alle punten mei iens. Moai dat jo hjir tiid en enerzjy yn stekke woene. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 4 des 2022, 23.33 (CET)Beäntwurdzje
Ik bin net sa fan it fuortsmiten. Ornaris is wat de lju fuort hawwe wolle net eat dat perfoarst fuort moat, mar mear eat dat op in oare side moat. Mar goed: Ik hie noch opsocht dat dit der wat mei te krijen hie. Sjoch mar at it immen der eat mei kin. Mysha (oerlis)
@Mysha:, dat is krekt wat Romke dien hat. Dy hat de ynformaasje fan de moles hjir hinne ferhuze. Fierder stie der in soad ynformaasje yn dy't net ensyklopedy-weardich wie. Dus dat wie oanpast.--Kneppelfreed (oerlis) 5 des 2022, 17.00 (CET)Beäntwurdzje
Ja, mar at der no immen yn de doarpskrante in stikje oer Terkaple skriuwe sil, moat dy dan sels de ynformaasje wer garje dy't wy al fûn hawwe? Dat "ensyklopedy-weardich", dêr haw ik earder op en: fan fernaam hoe't krekte ynformaasje fuortsmiten wie om't immen it net lije koe. Ik woe "ensyklopedy-weardich" graach hiel laach ynstellen, oant wy romte te min hawwe. Lit "ensyklopedy-weardich" foar no mar stean, útsein at wy tinke dat eat net krekt is. En dan noch binne der dingen dy't wy sizze kinne om oan te jouwen dat it alllegear wat oars is. Mysha (oerlis)
Werom nei de side "Terkaple".