Oerlis:Tijmûning

Jakkes wat in wurd. Kinne wy net gewoan oer "tijmûning" skriuwe? Mysha (oerlis)

Ik fyn 'tijmûning' moai en sprekkend. It wurd komt by myn witten lykwols (noch) net yn de offisjele listen foar, mar dat docht 'breinflecht' ek net en dat wurd hawwe wy wol oanholden foar 'braindrain', dat. Drewes (oerlis) 17 maa 2018, 18.28 (CEST)

Jo binne in idioat dy't in oar it wurk dwaan lit

bewurkje seksje

(dizze kop is ex post facto tafoege troch Mysha.) Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 24 maa 2018, 21.18 (CEST)

@Mysha: Sjoch, Mysha, as jo in side omneame, dat is bêst, mar dan moatte jo ek de kategory omneame dy't oan 'e âlde titel fan dy side fêstsit en de ynhâld fan dy kategory yn 'e omneamde kategory sette. No litte jo oaren jo rommel opromje. Dat fyn ik no net sa moai fan jo. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 23 maa 2018, 22.17 (CEST)

Goeie Mysha. Ik sjoch, jo hawwe de titel oanpast. Dat is bêst, mar tinke jo de oare kear om de kategoryen? Der is gauris ek in kategory dêr't de titel yn foarkomt. Ieneach fan 'e Esk hat it no al oplost, mar it is net in protte wurk en sjoch sels efkes at soks noch nedidich is. Meidogger.

Och, tankewol Meidogger; dat hie ik sa gau net sjoen. En tankewol Ieneach, fansels. Soks kin gauris ferkeard gean fansels; it is mar goed dat wy de Wikipedy mei syn alle skriuwe, dat wy mei syn allen de flaters opfange kinne. Mar at ik wer eat omneam, besykje ik der om te tinken. Mysha (oerlis)
@Mysha: Ik wit net wat der yn jo fearn is, mar dit wie totaal ûnnedich. Ik haw jo nea in 'idioat' neamd: dy kwalifikaasje komt folslein foar jo eigen rekken. Krektoarsom, ik haw jo hjirboppe fatsoenlikernôch oansprutsen op it feit dat jo wol in side omneame (it maklike wurk), mar dan net de kategory mei ynhâld omsette (it dregere wurk). Dat it yn dit gefal net sa'n soad wurk wie, docht hielendal net ta de saak. Dat der mar fiif items yn dy kategory stiene, is poer tafal. Foar itselde jild hiene der hûndert yn stien. It punt is, dat wa't de side omneamt, ek ferantwurdlik is foar it omsetten fan 'e byhearrende kategory. Dat doch iksels ek as ik in side omneam. Ik snap net hoe't jo dy kategory oer de holle sjen kinnen hawwe, mei't jo him yn it artikel wol omneamd hiene. Mar goed, as jo dat sizze, dan sil it wol sa wêze. Hoe dan ek, myn oarspronklike boadskip wie bedoeld om jo hjirop te wizen, en ik fyn dat der hielendal neat mis mei is om dat te dwaan. Ik wit earlik wier net wat ik dien haw om sa'n nuvere reäksje fan jo te fertsjinjen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 24 maa 2018, 21.18 (CEST)
Tank dat jo witte litte dat de boadskip oars miend wie as hoe't er oer kaam. Fiel jo frij om de titel sa te feroarjen sa't jo dy hawwe wolle. It konsept dat alle titels in kategory hawwe is frjemd foar my, dat hoe maklik sa'n sleauwichheid is, is foar my ek oars. Dat jo net sjen kinne wat der mis wie mei de reäksje, dêr kin ik fierders net in soad oan feroarje: Ik hie it boadskip al oerskreaun mei in oare toan; at jo it ferskil net sjen kinne wit ik net wat ik dêr noch oan dwaan kin. Hawar, dizze wize kaam jo skynber wat oer it mad, dat in oare kear besykje ik of it noch oars ferdúdse wurde kin at it wat hurd oerkomt. Mysha (oerlis)
@Mysha: No ja, sokke dingen kriget men mei skreaune tekst, dêr't de sprutsen nuânse yn fuortfalt, sille we mar rekkenje. Om't wy inoar blykber oanhâldend misbegripe, sil ik hjir ris dúdlik útlizze wat der neffens my bard is. Yn it foarste plak wol ik noch in kear dúdlik stelle dat myn earste skriuwen hjirboppe hielendal net ûnbeleefd (bedoeld) wie. It wie ek hielendal net yn lulkens skreaun, al moat ik tajaan dat der wol sprake wie fan in lichte yrritaasje. Mar mei myn toan (sa't ik dy bedoelde) wie neat mis. It wie simpelwei in oanmoanning sa't ik dy oan willekeurich welke oare meidogger ek skreaun hawwe soe as dy my mei it wurk sitte liet (want dat wie hoe't ik it doe seach). As it boadskip by jo oars oerkommen is, dan spyt it my dat ik dan blykber myn bedoelings net goed dúdlik witten haw te meitsjen. Jo reäksje kaam my net inkeld "oer it mad", sa't jo it neame. Jo werskreauwen fan myn wurden haw ik opfet as gekoanstekkerich, mar it wie benammen it feit dat jo it lykje lieten as hie ik jo útskeld foar "idioat", dat my yn it ferkearde kielgat sketten is. Ik begryp no dat dat net jo bedoeling wie. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 28 maa 2018, 22.27 (CEST)
Werom nei de side "Tijmûning".