Oerlis:Tjeerd Bottema

Lêste reäksje: 13 jier lyn troch Swarte Kees

Goeie, Drewes, Swarte Kees, Wikix,

Ûnder de kategory De Tynje komme as ferneamde âld-Tynjesters de broers Tsjerk en Tsjeard Bottema foar. Nei it lêzen fan it boek Tjeerd Bottema. Mijn leven', útj. Lykele Jansma, Bûtenpost 1976, haw ik op it haadstee Tjeerd Bottema in langere biografy tafoege.

De earder besteande tekst haw ik net oansitten. Der sil wol wat yninoar skood wurde moatte, mar dat kin better yn oerlis, liket my ta. Wol ien fan jimme op dizze side wat fernimme litte? Tank. Fyntyn 18 jul 2010, 21.28 (CEST)Beäntwurdzje

Jûn Fyntyn, tsja it bliuwt lestich om nije ynformaasje ta te heakjen as jo in eigen ferhaaleline yn de holle hawwe. Ik soe sizze, helje de feiten út jo stikje en pas dy op it goede plak yn. Wêr nedich sille noch wat ferbinende sinnen komme moatte. Mar at jo it besteande stik as ramt brûke kin der net folle mis gean tinkt my. En oars hearre jo it wol..--Swarte Kees 18 jul 2010, 22.17 (CEST)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Tjeerd Bottema".