Fyntyn
Fyntyn wie de meidoggersnamme fan Hindrik Gosses de Jong dy't op 24 novimber 2011 yn Soest ferstoarn is.
Op syn meidoggersside stie:
Wa't wat kwyt wol oer myn bertedoarp De Tynje of oer myn skriuwerij dêroer yn de Frysktalige Wikipedy, kin hjir telâne.
Dat kin fansels ek op de ferskate Oerlis-siden by artikels. Dy artikels hjitte benammen:
De Tynje, It ûntstean fan de namme 'De Tynje', Tynje_(ryshout), Gearfetting fan de Tynjester skiednis, It fine folk fan De Tynje, Rôlbrêge(dyk), Ulesprong, Lange Rak, Douwe Algra, Tjeerd Bottema, Henk Borger, Hindrik Gosses de Jong, 'De Bazuin' fan De Tynje, ensfh.
Foar alle dúdlikens: ik haw bydragen foar De Tynje skreaun ûnder trije aliassen. Dat binne:
- 1. H (indrik) G (osses) de Jong
- 2. Fyntyn
- 3. 85.146.157.111
Ek op de Hollânske Wikipedia haw ik oer De Tynje (nea Tijnje!) skreaun. Benammen oer de nammen fan it doarp sels en dy fan guon wegen en wetters yn de omkriten. Sjoch http://nl.wikipedia.org/wiki/Overleg:Tijnje