Douwe Symen Algra (Suwâld, 28 augustus 1900 - Drachten, 19 maaie 1975) wie sûnt 1923 ûnderwizer oan de bysûndere legere skoalle op De Tynje en tige arbeidsum en kreatyf op it mêd fan it tsjerke- en mienskipslibben. Hy wie jierren lang dirigint fan it kristlike sjongkoar fan Beets, bestjoerslid en siktaris fan it Tynjester Pleatslik Belang, en âlderling fan de grifformearde tsjerke. Winterdeis joech er sneons les op de lânboukursussen yn de iepenbiere skoalle fan De Tynje. Yn 1953 ferhûzen hy en syn frou Jantsje Boanstra nei Snits, want dêr waard er learaar oan de Legere Agraryske Skoalle. Beide binne nei harren ferstjerren te hôf brocht op De Tynje.

Ferset tsjin de besetter

bewurkje seksje

Yn de Twadde Wrâldoarloch wie Algra tige aktyf yn it ferset tsjin de besettende macht. Op De Tynje is de Van der Veldestrjitte (Van der Velde wie syn skûlnamme) nei him ferneamd.

Algra wie foar de oarloch kommandant fan de ôfdieling Opsterlân fan de Bysûndere Frijwillige Lânstoarm (BVL). Dy organisaasje wie yn 1919 oprjochte yn ferbân mei de driging fan revolúsje, dy't fan Piter Jelles Troelstra, syn SDAP en de soasjalistyske arbeidersbeweging like út te gean. Neffens stikken út it Opsterlânske gemeenteargyf hie de Opsterlânske BVL op 24 augustus 1939 125 gewearen en twa revolvers. Dy moasten yn ferbân mei de mobilisaasje ynlevere wurde. Op 9 maaie 1940 krige de BVL Opsterlân njoggen gewearen en 1200 patroanen werom. Al op 10 maaie, doe't de oarloch útbriek, waarden dy wapens wer ophelle. Der blykten letter noch twa gewearen mei 195 patroanen efterbleaun te wêzen. Dy waarden op 3 augustus 1940 ynlevere by de Ordnungspolizei yn Ljouwert. Om dy datum hinne reizge ûnderwizer Algra nei de lanlik lieder fan de BVL, de luitenant-generaal bûten tsjinst L.F. Duymaer van Twist. Hy woe witte, hokker hâlding hy oannimme moast. Duymaer van Twist hie foar syn ûnderhearrige Algra mar ien advys: 'Neat dwaan'. Douwe Algra hat him dêr net by dellein. Hy, syn frou en fiif bern rekken al betiid by help oan ûnderdûkers belutsen. It wie by Algra krektas by in soad oaren, dy't úteinlik yn it ferset terjochte kamen: it gie stap foar stap. Guons wienen fan begjin ôf oan al dwaande, oaren kamen foar de earste kear yn aksje yn it foarjier fan 1943, en guons fielden har pas roppen tsjin de ein.

Dat ek de dochters fan Algra aktyf wienen yn it ferset blykt ûnder mear út it folgjende: it distribúsjekantoar yn Beetstersweach waard dei en nacht bewaakt. It haad fan de fersetsbeweging yn Opsterlân, Douwe Algra fan De Tynje, krige elke moanne fan de distribúsjetsjinst it tal bonkaarten dat hy foar ûnderdûkers nedich hie. De twa âldste dochters fan Algra (Alie en Hillie) wurken ek op it distribúsjekantoar en hja namen jûns nei de sitting de kaarten, dy't harren heit nedich hie, mei nei hûs ta. In gefaarlik wurkje, want der waard ûnderweis geregeld kontrolearre troch Dútsers en lânwachters. De famkes fan Algra wienen like dapper as harren heit en dienen in soad nuodlike koerierstsjinsten.

Yn maaie 1944 die de Sicherheitspolizei yn de mande mei de Nederlânske Lânwacht in ynfal yn it belestingkantoar yn Drachten. Belastingynspekteur L. Bosch wie de leider fan it ferset yn Smellingerlân en Opsterlân. Bosch koe út hannen fan de Dútsers bliuwe, mar it wie riedsum de sintrale fan it fersetswurk te ferpleatsen. Dat barde: it nije haadkertier waard de wente fan de plakferfanger fan Bosch, Douwe Algra fan De Tynje.

It is singelier mar begryplik, dat fan dit momint ôf de aktiviteiten fan de Dútsers en harren hantlangers op De Tynje tanamen. De Dútsers hawwe faaks net krekt witten hokker fersetsaktiviteiten Algra útheefde, mar it like der al op dat sy aan krigen hienen dat der op De Tynje wat te rêden wie. Op 29 desimber 1944 kaam dat as in griis ta utering. Foar it begjin fan in yllegale gearkomst fan fersetsminsken yn it hûs fan Algra stoppe der in Dútske oerfalwein ien hûs te ier. Algra koe as ienige op hoasfuottelingen útnaaide , ûnderweis in fyts pakke, op de pastorije van dûmny Vos syn baas L.Bosch noch warskôgje en doe ôfsette oer de Rôlbrêgedyk Dêr riedt er oer it iis by it boerestee fan Jan van der Wyk del, oant de Mouwewei en doe nei Jannes van der Wyk op de Sânpôle. Dy deis binne twa folslein ûnskuldige manlju tichte by it hûs fan Algra gryslik fermoarde. In healjier earder hie it 'Herrenvolk' itselde dien mei Hylke Watzema, nachts yn syn eigen hûs oan de Rôlbrêgedyk. *)

Algra is oant de befrijing ta ûnderdûkt bleaun (foar in part mei de hûshâlding) by famylje yn it Hoflân by Grou en by ien fan syn grifformearde bruorren, boer Jannes van der Wyk fan Terwispel. Nei de oarloch hat er him fertsjinstlik makke as foarsitter fan de Stifting Fryslân ’40-’45. Dy wie fuortendalik nei de oarloch oprjochte om help te jaan oan neibesteanden fan de lju dy’t troch de fijân ombrocht wienen.

Jannes van der Wyk hie ek in joadske ûnderdûker yn 'e hûs. Hy en syn frou Aaltsje binne eare troch Yad Vashem as 'rjochtfeardigen ûnder de folken'

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Kerst Huisman -Slits en Roggeprip (1995)