Oerlis:Tomas fan Akwino
Wy sitte fansels faak wat oanklaud mei de letter "Q" yn it Frysk. Meastentiids feroaret dy yn in kw. At soks hjir dien wurdt soarget de u efter de q foar in ferkearde útspraak. It soe klinke moatte as "akwieno". Ik soe dêrom foarslaan wolle om Thomas te wernemen nei Akwino óf om de Q mar gewoan stean te litten fanwege it werkenbere wurdbyld en dus Aquino.Swarte Kees 9 sep 2007, 09.20 (CEST)
Persoanlik soe ik nammen net sa gau feroarje, mar it lesboekje foar de stavering fan drs. F.B. Dijkstra seit it sa: "De qu komt yn 'e Fryske stavering alhiel net foar. De qu yn frjemde wurden wurdt yn it Frysk stavere mei kw of k al nei't de útspraak fan it wurd is."Yn 'e Wâlden 9 sep 2007, 12.10 (CEST)
- Foar hjoeddeiske nammen dy't al yn mei latynske letters stavere wurde soe ik net in oare stavering brûke. Mar foar âldere nammen, fan foar Napoleon sis mar, soe ik dat al dwaan. En dit is sa'n namme dy't gewoan seit dat Tomas út Akwino kaam: it is net in fêste efternamme lykas wy dy no hawwe. Dat ik soe it al feroarje. En ik haw ris sjoen nei de oare talen: dy sette "fan Akwino" ek oer. Mysha
- Ja wy sitten wol gauris te stoeien mei bûtenlânske nammen. By in soad historyske persoanen bruke wy no al yn us artikels de Fryske namme. By de nammen fan de Romeinske keizer hawwe wy it selde dien. Ik kin mei dêrom wol fiene yn it foarstel fan Mysha. Dat soe dan bestjutte dat de namme werneamd moat wurden yn "Akwino". --Geoffrey 10 sep 2007, 20.29 (CEST)
By "Libben" stiet: ....yn 1244 by in oare kleasteroarder, de dominikanen, dêr't hy syn earste....? Hjir is wat weifallen tink?Swarte Kees 23 feb 2008, 09.13 (CET)
- Ik haw it fuorthelle, gie neffens my nergens oer--Geoffrey 23 feb 2008, 16.22 (CET)