Oerlis:Topografyske Wurkgroep Fryslân
Der wurdt op dit stuit oan wurke om de namme fan Aldeleie ta Alde Leie te ferbetterjen, dat it soe goed wêze om soks ek yn de Wikipedy te dwaan. Yn 'e Wâlden 13 okt 2007, 10.43 (CEST)
Om't plaknammen yn it ferline net wetlik fêststeld waarden, binnen der mar in pear Fryske plaknammen dy't wetlik fêstlizze. It regear wurket ommers mei de Nederlânske nammen. De TWF hopet by de kommende ferfrysking de namme Alde Leie, sa't de ynwenners him brûke, fêst te lizzen dan is ek it misbegryp út de wrâld.Yn 'e Wâlden 13 okt 2007, 10.55 (CEST)
- Wêrom stiet dizze aksje net op de side? Wy hienen sein dat we de FA folgje soenen, en de side fan Aldeleie docht dat ek, dat it hat noch gjin doel en skriuw de keppeling oars. Mar dêr't de aktiviteiten fan de TWF beskreaun wurde, dêr kin dit der fansels ek by. Aliter 15 okt 2007, 03.26 (CEST)
- De Wikipedia is bedoeld dat eltsenien goede ynformaasje taheakje kin. De Wiki Topografyske Wurkgroep Fryslân is net it webstee fan dy groep, mar in delslach fan feiten út dy groep. De FA is mei al syn goede wurken, net ús leave hear, mar in groep minsken dy't ek flaters meitsje. It gie my op dit stuit noch krekt te fier dat ik alle gegevens fan de Aldeleie wiki oanpas. Dat sil wier net lang mear duorje, mar jo stees weromsetten fan goede ynformaasje op de wiki fan de TWF giet my fierstente fier fansels. Ik bin al 13 jier wurdfierder fan de groep en dêryn sitte gjin sneuë figueren dy't net witte wêr't se it oer hawwe. Dus op dizze wiki mar Alde Leie. Yn 'e Wâlden 15 okt 2007, 09.05 (CEST)
- It is fansels goed om earst út te meitsjen wat de goede ynformaasje is wêrmei wy allegear frede hawwe kinne. Goede ynformaasje is foar de iene persoan wêr wat oars as foar de oare. Ik nim oan dat jo net fan Aliter heard hawwe dat by de TWF sneue figueren sitte? Jo meitsje net allinne út wat wy hjir foar topografyske nammen brûke, dêr moatte wy it fansels mei inoar oer iens wurde kinne. Oant no ta hawwe wy de list fan de FA brûkt. Ik tink dat dizze list ek sa wiidweidich brûkt wurd dat jo dy net sa maklik oan kant skowe kinne mei fan 'wy hawwe útfûn dat is oars sit, en boppedat hawwe wy de ynwenners frege en dy binne it mei ús iens'. Der is altiten ien dy't it noch wêr oars yn de holle hat [1], hoefolle persint fan de ynwenners soe it sa skriuwe?
- De wikipedy is bedoelt as ensyklopedy om in beskriuwing te jaan net as ynstrumint om bepaalde wurden as stavering yn it frysk te stimulearjen (sa as ik it idee haw dat it by triem yn elts gefal yn it begjin wurke). Koartsein de wikipedy folget de praktyk en rint dêr net yn foarop. Der jildt op in protte wikipedies ek noch in regel fan gjin orizjineel ûndersyk wêr't safolle mei sein wurd dat gjin saken hjir op thúshearre dy't troch de meidoggers sels optocht wurde, mar allinnich troch boarnen stipe wurde. No sitte jo dêrmei no wol in bytsje op it rântsje. Jo moatte der al rekken mei hâlde dat oare minsken wat foarsichtiger binne mei soksoarte fan oanpassings binne. At jo dêr dan fuortendalik ynbatse fan ik haw it goed en wy dogge it mar sa at ik it wol dan dogge jo jo saak gjin goed, yn elts gefal net by my.
- Wat bedoele jo mei de kommende ferfrysking? Offisjele fryske plaknammen yn Ljouwerteradiel as noch wat oars? Theun 15 okt 2007, 17.23 (CEST)
- It is krekt as jo sizze offisjele fryske plaknammen yn Ljouwerteradiel. En fierders is dat ferhaal oer der ynbatse en dy triem tige berneftich. Ik haw koartlyn nei oanlieding fan stekhâldende argumintaasje fan jo it ien en oar oanpast. In boarne kin no ienris ferkeard wêze en dan soe dy ta de ein fan de tiid ferkeard bliuwe kinne. Ik haw net foar neat yn it stikje Alde Leie of Aldeleie de standertlist fan de Topografyske Wurkgroep oanhelle om oan te jaan dat ek wy mei ús list net goed sieten. It doarpsbelang hat om't se fine dat har namme net goed werjûn wurdt, yn in enkête frege hoe't de minsken miene dat se har fan âlds neame. Dy enkête jout oan dat 80 persint mient dat se har fan âlds Alde Leie en 20 persint mient dat se har fan âlds Aldeleie neame. Dy enkête hawwe se tagelyk mei it boekekroadzjen hûs oan hûs op helle. Dan meie wy oannimme dat de Akademy in flaterke makke hat by har list en wy dus ek yn dy fan ús en fierder en fierder. Yn 'e Wâlden 15 okt 2007, 18.50 (CEST)
Ik haw krekt in soad bewûndering foar it oanhâldende wurk fan Aliter, mar ik sjoch te faak dat hy de minsken ôfskrikt mei syn lêste hantaasten... Ik mien dat de krêft fan de Wikipedia no krekt is dat jo ekris wat aktuele ynformaasje taheakje kinne, mar de reien slute har dat ik sil wol mis wêze.Yn 'e Wâlden 15 okt 2007, 18.50 (CEST)
- Ik wol hielendal net de doar tichtsmite, en at Alde Leie de offisjele stavering wurdt dan sille wy dat hjir fansels ek brûke moatte. At jim dêrmei dwaande binne dan merke we dat dochs fansels. Om my hoecht dat ekstra stikje by Aldeleie/Alde Leie net fuort, mar goed it hielendal feroarjen fan Aldeleie yn Alde Leie kin ik my yntinke dat wy dêrmei wachtsje oant dit offisjeel wurdt, Ljouwerteradiel brûkt sels no ek noch Aldeleie. Dy oare stavering leit mysels blykber ek makliker (Fryske Marren Projekt). Jo kinne myn opmerkings berneftich fine, sil wol oan my lizze, ik tocht it krekt oarsom, wie net sa bedoeld. Net eltsenien tinkt gelyk, sterker noch eltsenien tinkt oars. Wy moatte hjir dochs mei oerlis útkomme kinne, en je moatte neffens my ek al bin je oertjsoege fan jo eigen gelyk ek iepenstien foar de miening fan in oar. Dat betsjút net dat je belies jaan moatte mar sûnder kommunikaasje hâldt it hjir gau op. Theun 15 okt 2007, 19.21 (CEST)
- Ik hie allinne mar mei in knypeach op de TWF wiki ien trochklik mei Alde Leie makke en dy waard derút raamd sûnder de tekst op Aldeleie efkes troch te lêzen en in fraach te stellen. Dêrnei haw ik earst wezen nei de Aldeleie wiki wêr't ik útlein hie hoe't Aldeleie oan, de neffens it doarp, foute namme kaam. It wie net in aksje fan TWF rjochting doarpsbelang nee krekt oarsom, de amtner fan Stiens frege hoe't er hjir mei oanmoast om't er fan it doarpsbelang in brief mei de útslach fan har enkête krigen hie. Ek de TWF ferwiist altiten earst nei de FA, mar dêr wurkje no ienris ek mar minsken. Miskien soenen de neisjoggers efkes rêstiger neisjen moatte. It hat seker gjin doel om in stikje om te bouwen as jo sels neat taheakje.Yn 'e Wâlden 15 okt 2007, 19.45 (CEST)
Jeropeeske Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden
bewurkje seksjeBêste Cor Jousma, en jo Topografyske Wurkgroep Fryslân. Na een beetje speurwerk van het Jeropeeske Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden vraag ik mij af waar jullie allemaal mee bezig zijn met dit Handvest. Speerpunten van het Handvest zijn:
- Beskerming en fuortsterking - Het doel van het Handvest is om het Fries te beschermen en te bevorderen.
- Demokrasy - De uitvoering en de invulling ligt bij de gekozen volksvertegenwoordigers van het Rijk, de provincie en de gemeenten.
- Akseptearje fan it Nederlânk - De doel van het Handvest is om geen vijandigheid te laten ontstaan tussen het Fries en het Nederlands. Friestaligen en Nederlandstaligen hebben gelijke rechten.
- Oangeande de Fryske toponimen – Het vasttelling van de toponiemen in de Friese taal worden aangemoedigd, maar niet opgelegd, dus geen verplichting. Fries op de borden is er voldoende (artikel 10:2g).
- Oangeande de Topografyske Wurkgroup Fryslân - De Topografyske Wurkgroup heeft de bevoegdheid gekregen advies te geven over de invulling en omzetting van de Friestalige toponiemen. De Werkgroep mag dus adviseren (net twinge).
Diverse uitspraken in de media van de Topografyske Wurkgroep Fryslân dat gemeenten iets ‘moeten’ of dat Friestaligen meer rechten hebben, hebben dan ook niets met het Handvest te maken. Er is dan ook sprake van misbruik dan wel van misleiding. Taalstrijd voeren door middel van misleiding en vervalsing is fout.
Wat mij verder afvraagt is het maatschappelijk belang van de Topografyske Wurkgroep gezien de kroes die u vaart. Volgens het Europees Handvest weinig, omdat gemeenten (lokale overheid) reeds ten volle de ruimte voor het Fries heeft benut (artikel 10:2g). Volgens het Consultatief Orgaan Fries is het beleid ten aanzien van plaatsnamen op rijksniveau goed geregeld. Bovendien hebben de inwoners van de Leeuwarder dorpen én van voormalig Wymbritseradiel aangegeven geen verfriesing te willen.
Maar goed. Als wij nou eens een werkgroep hebben met de naam Nieuw Geografisch Adviesgroep Friesland (N-GAF) en net als uw werkgroep gaan blèren. Enfin leest u mee en oordeel:
Leeuwarden, Súdwest-Fryslân en Heerenveen koersen af op pittige discussies. De drie gemeenten hebben nog geen overeenstemming bereikt met de dorpen van Boarnsterhim tot vernederlandsing van de dorpsnamen in de BAG. Maar ze moeten wel, Aldeboarn wordt Oldeboorn en Grou wordt Grouw. Dat zegt de Nieuw Geografisch Adviesgroep Friesland, naar aanleiding van het Europees Handvest voor Minderheidstalen. Het kan toch niet zo zijn dat de eerste rijkstaal wordt gedupeerd terwijl tweetalige plaatsnamenborden de norm zijn volgens het Handvest. Beide namen moeten dan ook worden vastgesteld. De N-GAF deinst er niet voor terug, om in de drie gemeenten uitzonderingen moeten worden gemaakt. Mocht de drie gemeenten niet tot vernederlandsing overgaan, dan zal de N-GAF een dreigbrief sturen naar de Provinciale Staten vanwege de discriminerende taalsituatie. (oorspronkelijk : Leeuwarden, Súdwest-Fryslân en Heerenveen koersen af op pittige discussies - LC 19 mei 2012)
Vindt u dat dit geblèr een maatschappelijke meerwaarde heeft? Uw geblèr is hetzelfde, alleen het belang vanuit het Europees Handvest is anders. Wees gerust van ons mag u blijven doorgaan met blèren.
Ten slotte, mocht u nog iets zinnigs willen doen. Op de website van gemeentenenfrysk.nl zou u met de lijst Offisjele plaknammen de actuele situatie volgens de BAG beschikken, maar dat is niet helemaal waar. De volgende namen dienen te worden aangepast:
- Sint Annaparochie (9076) moet zijn St.-Annaparochie
- Sint Jacobiparochie (9076) moet zijn St.-Jacobiparochie
- Kaart (8883) moet zijn Kaard
- Seerijp (8892) moet zijn Striep
Wij zijn een werkgroep met deskundigen. Groetnis út Leeuwarden. Ljouwerter24 (talk) 8 jul 2012, 13.48 (CEST)
- Jo oprisping oer it Europeesk Hânfêst komt my net ûnbekend foar. Mar sykje ris persoanlik kontakt, myn namme hawwe jo al no dy fan jo noch. De Wikipedia is net bedoeld as diskusje platfoarm. Yn 'e Wâlden (talk) 16 jul 2012, 11.46 (CEST)
Twifel oer betrouberens
bewurkje seksjeIt lemma is hast hielendal skreaun troch in (it ienige?) lid fan dizze wurkgroep sûnder webside. Protte wapenfeiten, gjin boarnen, it ferhaal fan de oare kant mist ensfh. ensfh. ensfh. --PiefPafPier (oerlis) 27 maa 2017, 17.45 (CEST)
Grutte Pier of Lytse Pier?
bewurkje seksjeDer binne genôch feiten fan dizze wiky yn ús Fryske lânskip te TSJEKKEN. Wy lykje hjirre mei in wraakaksje fan in moaderator te krijen hawwe.
- Pier en dy mei dat iene each kinne gerêst wêze de wâldman hat lêsten syn holle dellein. Mar om hjirre de saak sa te verdraaien is wol hiel lyts...
- @5.147.57.3: Jo sizze hjirboppe dat de 'wâldman', dat is op dizze side meidogger Yn'e Wâlden, syn holle dellein hat, d.w.s. hy is stoarn. Yn 'e Wâlden hat lykwols op 6 septimber [ https://www.itnijs.frl/2019/08/frans-kuipers-tsien-jier-itnijs-en-it-frysk/#li-comment-166466 op It Nijs] kommentaar levere ûnder syn wiere namme Cor Jousma. Jo krije 24 oeren om jo neier te ferklearjen. Drewes (oerlis) 7 sep 2019, 01.46 (CEST)
Twifel
bewurkje seksjeMoat it twifelberjocht stean bliuwe? Drewes (oerlis) 6 feb 2024, 22.43 (CET)
- Om my mei it wol fuorthelle wurde. It soe trouwens wol aardich wêze as der by sa'n grutte lape tekst ek in boarne neamd waard. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 7 feb 2024, 00.44 (CET)