Oerlis:Triem (ynformatika)

(Trochferwiisd fan Oerlis:Triem)

Oarspronklik op Brûker:Aliter:

Dei Aliter,

Doe't op it web nei wikipedy socht foel it my op dat yn Koart_oersjoch foar it Ingelske "file" it Fryske "triem" brûkt waard. Soks stiet my tige oan om't it Fryske "bestân" in strieminne oersetting, sis mar in foute oersetting is. Ik soe dy freegje wolle yn 'e ferbinendetekst [interface] it wurd "triem" dan ek konsekwint te brûken. Brûker: Yn 'e Wâlden

Tsjin. Triem is in keunstmjittich soarte fan (optocht) Frysk dat hjir net op syn plak is. It wurdboek der mar eefkes by: bestand = bestân. B.
Foar. Sa no en dan kom ik B. tsjin, mei syn "tsjin Triem" om't er leaver in "Hollânsk" ynslûpsel brûkt dan in geef Frysk begryp. En altiten "it wurdboek der mar eefkes by" mar as jo it WFT der dan bypakke, blykt dat "bestân" net yn dizze betsjutting foar komt en dat jo jo fan in homonym betsjinje moatte.[sels ynkoarte] Ik tink mar sa, hoe hurder striid om 'e "triem" tsjin te hâlden, deste better giet it. En fansels bin ik bliid it wurd triem yn it Koart_oersjoch tsjin te kommen. Yn 'e Wâlden
YdW docht it sa: Hy betinkt in wurd. Neamt dat Geef Frysk (want hy hat it betocht!). Elts dy't gjin geef Frysk brûkt, is (neffens YdW) in ferrieder fan it Frysk: Dus is elts dy't it net mei YdW iens is in ferrieder fan it Frysk en wurdt dêrom troch him persoanlik oanfallen. Hiel trochsichtich en boppedat de bernige kant it neist! B.

Bêste B. Ik besykje my te ferpleatsen yn dyn felle reäksje op it wurd "triem". De stichters fan de Fryske Wikipedy hawwe it sels op harren Koart_oersjoch setten. Dêr bin ik bliid mei. [sels ynkoarte] Eltse kear asto it wurd "triem" foar "file" tsjinkomst giest de gerdinen yn. Wêrom joust dat wurd net de kâns, dy't it opeasket. De stichters fan de Wikipedy hienen it wurd sels fûn en goed teplak lein. It ferplichtet dy dochs net om op dyn siden triem te brûken of bisto bang dat by eintsjebeslút it geve wurd it helje sil. No dan, wêrom sa'n striid tsjin wynmûnen? Do hast it oer hyperfrysk, miskien is dyn reäksje wol in bytsje hyper.

Y'e W.


Ik haw ek hiel lang tsjin it brûken fan 'triem' west. It is wurdsjebakkerij. Mar 'triem' liket stadichoan foet oan 'e grûn te krijen. Wy binne der noch net, mar it soe wolris gewoan wurde kinne. Ik soe dan ek sizze: lit elk foarearst dat wurd brûke dat him it gaadlikste taliket.

Op 'e Klaai

Dei Aliter


No’t de earste kjeld fan ‘e pinnestriid wat út ‘e loft is, sil ik hjir myn arguminten jaan, dy’t laat hawwe ta it brûken fan “triem” foar it Ingelske “file”. Doe’t ik yn 1996 begûn mei it sammeljen en oersetten fan kompjûterbegripen út it Ingelsk wei nei it Frysk ta, haw ik de earste jierren wurke mei de oersetting “file-bestân”. Ik krige al gau it idee dat it in rare keunstgreep wie, mei om’t it Fryske "bestân" in oare en folle beheindere betsjutting hat as it Nederlânske "bestand". De betsjutting dy’t ik nedich hie, joech it Wurdboek fan de Fryske Taal net. Mar jo binne tûk, jo hingje noch mar wer in homonym oan "bestân". Starichoan waard my dúdlik wat der mis wie. Ik moast net fia it Nederlânsk, mar streekrjocht út it Ingelsk/Amerikaansk wei nei it Frysk. Der is ek sa’n spultsje. Jo lústerje jo buorman/frou in wurd yn en hy/sy jout it troch en sa mar troch, en oan de ein liket it wurd yn ‘e fierste fierte net mear op it wurd dat jo as earste jûn hawwe.

Doe’t helder waard dat it by it Ingelske kompjûter “file” om in oardere rige kompjûterkoades gie - sis mar nullen en ienen - koe ik op syk nei in Frysk wurd mei inselde soarte betsjutting en kaam út by “triem”. Hjir wurdt ek dúdlik wat der mis is mei it Fryske “bestân” en wat minder mei it Nederlânske “bestand”. Ommers dy twa binne mannichtewurden [hoeveelheid - Ned.] en se misse de oardering fan de rige fan “file”. De kompjûter soe der mar raar yn hingjen bliuwe, as sa'n oardering ûntbrekt. Sa stean oan ‘e ein twa wurden foarinoar oer. Myn keunstmjittige homonym “bestân” en de streekrjochte-oersetting “triem”. Doe’t ik in pear dagen mei it begryp "triem" boarte hie, wist ik dat ik “goud” hie en in hiel grut probleem. It probleem dat guon Friezen leaver foar brûns of minder gean as se dêr de noch-net-Frysktalige Fries mei yn ‘e .... krûpe kinne. Ut earder diskusje op it web die bliken dat der mar ien tsjinargumint brûkt waard: it wurd “bestân” liket o sa moai op it Nederlânske “bestand”. Ik haw der foar keazen om mei de streekrjochte-oersetting “triem” te wurkjen en in skoftke lyn guon minsken op basis fan arguminten frege soks ek te dwaan. En noch gjin heal jier letter docht bliken dat it wurd “triem” rûnsjongt en wier se leauwe my net op myn moaie blauwe eagen. In âlde taal fan fiskers en boeren, mei antwurden op moderne begripen liket my krekt in rykdom ta.

Yn ‘e Wâlden

Oarspronklik op Brûker:Aliter. Aliter 14.02, 21 mai 2004 (UTC)


Oarspronklik op Oerlis:Haadside:

Bêste Aliter,

Doe't ik fan 'e wike mei in soad teloarstelling skreau dat ik op myn list romte ynromje moast foar it wurd "bestân" en dêrfandinne mar net fierder oan it begryp "triem" lûke woe, hie ik nea tinke kinnen, dat it wurd "triem" foar in soad brûkers al sa eigen wurden wie.

ALLE Frysktalige kompjûterprojekten dêr't ik troch myn list by belutsen bin, hawwe oanjûn dat se fierder wolle mei de oersetting "file-triem". Soks rûn my fansels as lijwetter yn 'e earen.

Dêrom haw ik op 'e nij kontakt hân mei it Taalburo fan de Fryske Akademy en wy hawwe besluten om it wurd "bestân" wol in plakje op 'e list te jaan, mar dan njonken it wurd "TRIEM".

Ommers wat stean bliuwt is dat "triem" de streekrjochte oersetting út it Ingelsk wei is en "bestân" in lienwurd út it Nederlânsk wei, dat foar dizze bestsjutting ek nochris ferfryske wurde moast. Yn 'e Wâlden

Oarspronklik op Oerlis:Haadside. Aliter 10.34, 6 jun 2004 (UTC)

Oerlis begjinne oer Triem (ynformatika)

Oerlis begjinne
Werom nei de side "Triem (ynformatika)".