Oerlis:Haadside

Lêste reäksje: 1 jier lyn troch FreyaSport by it ûnderwerp Hjoed yn de skiednis, foar in betide wearde fan "hjoed"

Dit is de oerlisside foar de Haadside fan de wikipedy. Wy hawwe ek:

  • in Oerlisside, foar fragen en opmerkings oer it funksjonearjen fan de Wikipedy;
  • in Gasteboek, foar ús gasten;
  • en in Kommentaarside foar algemiene fragen oar de Wikipedy.



Besjoch ek it argyf fan Oerlis:Haadside.

Bêste minsken,

Ik ha it boppeste stik fan ús haadside nij staljûn, ik hoopje dat jim it der wat mei lykfine kinne. As der al in protte minsken binne (in demokratyske mearderheid) dy't tsjin myn ûntwerp binne, dan sil ik myn feroarings hiel gau weromsette. Sjoch der mar ris nei.

Argyf foar Oerlis:Haadside

bewurkje seksje

Ik ha niiskrekt ek in argyf makke foar it oerlis fan de haadside. Der wienen al 51 berjochten en myn webblêder joech al oan dat de side de lange kant neist wie. Sadwaande. Prinsipe is itselde as dy fan de algemiene oerlisside. Mei groetnis --Kening Aldgilles 4 apr 2011, 22.50 (CEST)Beäntwurdzje

Nije technyske meiwurkers

bewurkje seksje

Goejûn!

Ik sykje minsken dy't ús Wikipedy noch wat moaier meitsje kinne as no. Oer de yndieling en opset fernim ik wol dat it grutste part fan de meiwurkers bêst tefreden is. It giet my dan ek benammen om it fisuele part fan de Fryske Wiky. It soe dochs hiel aardich wêze as ús Wiky noch moaier wurde kin as de Italjaanske en de Frânske? Dêrom sykje ik nei minsken dy't wat mear technyske ûnderfining as ik hawwe. Wês wolkom. Mei freonlike groetnis --Kening Aldgilles 4 apr 2011, 22.56 (CEST)Beäntwurdzje

Datum en stavering

bewurkje seksje

De datum stiet no rjochts boppe, as de side mei "Hjoed, ...... yn de histoarje" boppe-oan yn de linker helte komt, wurdt alle dagen fuort de datum oanjûn. Yn de rjochterkolom stiet ûnderr Ynfo: Regelstsjes (lytse+regeltsjes is eins dûbelop lyts). Kin in behearder soks efkes oanpasse? --Swarte Kees 9 apr 2011, 11.58 (CEST)Beäntwurdzje

  • Ik ha Regeltsjes feroare yn Regels.
  • Suver elkenien kin it no lykfine mei de yndieling fan de haadside, dat dy woe ik no leaver net feroarje. By "Hjoed, ...... yn de histoarje" stiet inkeld dei (mei in sifer oanjûn) en moanne; rjochts boppe stiet der ek noch de namme fan de dei en it jiertal. Der binne wol ferskillen tusken rjochts boppe en "Hjoed, ...... yn de histoarje". Fansels kin ik de datum rjochts boppe feroarje mar ik wit dan net oft der ek noch wat foar yn it plak komme moat... Groetnis --Kening Aldgilles 11 apr 2011, 20.44 (CEST)Beäntwurdzje

Lêsber

bewurkje seksje

Der stiet foar my no in boek ûnder it lofter part fan de tekst, wat dy net lêsberder makket. Mysha

It boek ha ik dêrom transparant delset en no noch in bytsje transparanter makke. De Italjaanske en Frânske Wikipedy's hawwe it al langer. De Wiky-mienskip dêr sil it der dus mei iens wêze, oars hienen se it al lang fuorthelle. Miskien hawwe wy in mearderheid fan meidoggers dy't tsjin de eftergrûn is en dan sil ik dy fuorthelje. Dan moatte der wol wat minsken wêze dy't harsels oppenearje. Ik bin tige benijd. Freonlike groetnis --Kening Aldgilles 18 apr 2011, 00.59 (CEST)Beäntwurdzje
By my rint by Fjoerfoks de binnenste fan de uterst rjochtse dûbele blauwe lyntsjes fan it byld ôf, by IE is der neat te rêden, --Swarte Kees 18 apr 2011, 07.57 (CEST)Beäntwurdzje
De tekst boppe oan de haadside stiet by my wannear't ik Fjoerfoks brûk, foar it boek. Wannear't ik IE brûk dan stiet dy tekst yn de midden. Der sit dus ferskil yn. MeinRei 19 apr 2011, 12.41 (CEST)Beäntwurdzje
Ik ha Chrome, Fjoerfoks en IE op 'e kompjûter stean, by IE stiet de tekst yndie yn 'e midden. Dat liket my in flater fan IE ta. Ik ha der gjin lêst fan dat de tekst troch it boek giet. Sjocht der kreas út. J'88 19 apr 2011, 16.36 (CEST)Beäntwurdzje
It steurt my ek net. Groetnis fan MeinRei 19 apr 2011, 16.40 (CEST)Beäntwurdzje
Ik ha it probleem besjoen. By de Internet Explorer wurdt de tekst wat oars delset. Echt raar sjocht it der net út, dat it steurt my ek net. As ik wat mear tiid ha sil ik sjen hoe't it oars kin. Tanke wol foar it meisjen. --Kening Aldgilles 29 apr 2011, 14.22 (CEST)Beäntwurdzje

Ja, ik sjoch der binne ferskillen tusken IE en FF hjir. Dy fan FF fyn ik moaier, mar hokfoar is hoe't it miend wie? Mysha

Der binne noch ferbetterings troch te fieren op dizze wiki, lykas "Search" feroarje yn "Sykje" bygelyks.

Ek:

Jo kinne je kandidaat stelle foar de ferkiezings fan de Wikimedia Board of Trustees. Stel jo kandidaat. [Verbergen] <-- Hollânsk! [Help ús mei oersette!]

Tank, foar jo help. Lykwols sjocht dizze wiky der net foar eltsenien krekt itselde út, dat sokke ferbetterings wienen al makliker at der by oanjûn wurdt wêr't dy sjoen wurde. Aliter 23 maaie 2011, 20.34 (CEST)

Wisten jo wat?

bewurkje seksje

Wêrom keppelet Wisten Jo Dat nei it oersjoch foar 2010? At wy it by ien jier hâlde hoecht der gjin jiertal op, oars wie in nij oersjoch better. (En de helte fan 52 is 26, net 34.) Aliter 23 maaie 2011, 20.34 (CEST)

Der wienen earder 68 wiken oan Wisten jo datsjes, mar guon wiken binne oanfult mei de wiken 53 oant en mei 68. J'88 23 maaie 2011, 20.51 (CEST)

Sjablonen in Haadside

bewurkje seksje

Sorry dat ik in het Nederlands schrijf, maar ik ben het Fries niet machtig. Ik heb recent de Unsyklopedy.org opgestart als parodie op Wikipedy en ik zat de broncode van jullie haadside eens te bekijken. Vreemd dat die codes werken, want toen ik jullie code kopieerde op Unsyklopedy, sloeg het tilt. Ik heb een verbeterde versie van de code hier staan | CartoonistHenning 7 aug 2011, 17.55 (CEST)Beäntwurdzje

Survey on this wikipedia

bewurkje seksje

Hi, 't spijt me, dat ik kan geen Frysk praten; i just now German and Low German as mother tongues. I am from Germany, Bremen, and I am studying linguistics and I have a seminar on language ausbau. This is, when a language doesn't have enough words to express all the modern things and it gets then upgrated with new expressions to fulfill it. And I want to study how Wikipedia can help on that and this is why I doing those surveys. I have two questions for you: 1. What do you think is the contribution of Wikipedia that your languages gets beter developped and gets new expressions for modern things, 2. How do you build new words, are there certain patterns or methods? (And would you be so kind and show me, where you are discussing on new words?) I would be really thankful, if there came some meanings and answers together. Thank you very much, Sincerely Zylbath 13 sep 2011, 18.40 (CEST)Beäntwurdzje

Ynterwiky's te sjen

bewurkje seksje

Hielendal ûnderoan de Haadside steane by my yn read de ynterwiky's oanjûn. Dit doocht net hielendal. Kin ien fan de techneuten hjir efkes nei sjen?--Swarte Kees 1 feb 2012, 21.17 (CET)Beäntwurdzje

Ja dêr hie ik ek lêst fan, skynt no wer goed te wêzen. Sil wol in ferkearde patch of soks west hawwe. --Geoffrey 1 feb 2012, 21.42 (CET)Beäntwurdzje
Ek op de side Hokky op de Olympyske Simmerspullen 2008 it dit ferskynsel it gefal Wikiice 1 feb 2012, 21.59 (CET)Beäntwurdzje

17 eurolannen

bewurkje seksje

Ik wit net better as dat mei de komst fan Estlân der no 17 eurolannen de eurosône foarmje. Soe immen dat yn de haadside oanpasse wolle? Yn 'e Wâlden (talk) 25 jun 2012, 18.10 (CEST)Beäntwurdzje

Lytse feroaring haadside

bewurkje seksje

Ha minsken,

Ik haw krekt de haadside in bytsje feroare omdat wy oars gjin passende romte hienen foar de 'Nijsgjirrige siden'. Ik hoopje mar dat jim it as in ferbettering sjogge. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 24 des 2012, 14.34 (CET)Beäntwurdzje

Bêst genôch sa. (Lykwols hie dy kategory 'Nijsgjirrige siden' om my net hoecht. Te bot subjektyf, sawol wat ynbringer as lêzer oanbelanget). Drewes (talk) 24 des 2012, 15.17 (CET)Beäntwurdzje
As der net mear minsken reägearje is de yndieling fierders dus wol goed. Foar de 'Nijsgjirrige siden' soe ek in oar wurd betocht wurde kinne. Ast in hiel goed idee hast moatst it mar efkes witte litte. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 26 des 2012, 16.06 (CET)Beäntwurdzje

Interwikis

bewurkje seksje

Hello friends,
if you don't want all the wikipedias shown on your main page, please add {{Noexternallanglinks}}
to the page Berjocht:Haadside:kategory-en-ynterwiky
Best regards, --Murma174 (talk) 27 apr 2013, 23.24 (CEST)Beäntwurdzje

...ûleboerden allinnich op Fryske buorkerijen foarkomme.. Oan de lette kant, mat it is net wier. Drewes (talk) 10 maaie 2013, 18.48 (CEST)

Ynterwiki's

bewurkje seksje

Ik hear graach hoe oaren der oer tinke. Groetnis, J'88 (talk) 7 sep 2013, 04.07 (CEST)Beäntwurdzje

Ik ha gjin beswieren--Geoffrey (talk) 7 sep 2013, 18.54 (CEST)Beäntwurdzje

On the English Wikipedia, we started a project called TAFI. Each week we identify underdeveloped articles that require improvement. Our goal is to use widespread collaborative editing to improve articles to Good article, Featured article or Featured list quality over a short time frame.

This is all about improving important articles in a collaborative manner, and also inspiring readers of Wikipedia to also try editing. We think it is a very important and interesting idea that will make Wikipedia a better place to work. It has been very successful so far, and the concept has spread to the Hindi Wikipedia where it has been well received.

We wanted to know if your Wikipedia was interested in setting up its own version of TAFI. Please contact us on our talk page or here if you are interested.--Coin945 (talk) 17:48, 2 September 2014 (UTC)

side fan de wike

bewurkje seksje

Ik haw it berjocht fan 'e moarn oanpast, in safier dat it jiertal yn 2016 troch my feroare waard, mar op ien op oare wize bliuwe wy noch wat dagen yn wike 53 hingje fan it ôfrûne jier. Ik slagget my net en ik haw it no mar wer tebekset nei 2015. Moarn of oermoarn opnij besykje. Yn alle gefallen elkenien de bêste winskjen foar 2016--Geoffrey (oerlis) 1 jan 2016, 12.20 (CET)Beäntwurdzje

Hjoed is it sneon 2 jannewaris 2016. Dizze datum is yn wike 53 fan it jier 2015. Oaremoarn is it moandei 4 jannewaris 2016. Dizze datum is yn wike 1 fan it jier 2016. Sjoch nl:Weeknummer foar mear ynformaasje.
Ik haw it berjocht Berjocht:ISOYEAR oersette nei de Fryske Wikipedy. Dit berjocht berekkent it jier dat heart by it wikenûmer op in beskate datum.
Op Berjocht:Haadside-midden stiet yn de boarnekoade: {{Side fan de wike 2015/wike {{CURRENTWEEK}}}}. Neffens my moat dizze boarnekoade wurde: {{Side fan de wike {{ISOYEAR|{{LOCALYEAR}}|{{LOCALMONTH}}|{{LOCALDAY}}}}/wike {{LOCALWEEK}}}}.
It is neffens my ek better om oeral de LOCALxxx-fariant te brûken as de CURRENTxxx-fariant. Sjoch de help fan Mediawiki oer Magic words.
Ik winskje elkenien folle lok en seine foar it nije jier. --Bouwe Brouwer (oerlis) 2 jan 2016, 21.14 (CET)Beäntwurdzje
Dan sil it moarn wol goed komme. Ik gean der net mei omgrieme en lit it sa. As in oarenien der mei oan'e gong wol hat er myn segen. Groetnis --Geoffrey (oerlis) 3 jan 2016, 12.40 (CET)Beäntwurdzje

Wikipedy en Detaplan Digitalisearring

bewurkje seksje

Bêste minsken. By Tresoar en it Deltaplan Digitalisearring wurdt sjoen nei mooglikheden om ynformaasje fan Tresoar oan te bieden oan en fia de Wikipedia / DBpedia. Tink oan bylddonaasjes fan Tresoar (Wikimedia Commons), mar ek oan ynformaasje beskikber te stellen fia in breed droegen platfoarm (Wikipedia) dy't al beskikber is op eigen kanalen byg. Sirkwy.nl. Dêrneist wurdt der sjoen nei mooglikheden fan linken nei DBpedia yn it ramt fan Linked Data.

Op dit stuit wurde artikels yn de Wikipedy net harfesten (as dat it goeie wurd is) troch de Nederlânske DBpedia. Sy binne yn kontakt mei DBpedia en ûndersykje oft en hoe't dat feroare wurde kin. As dat aansen wol it gefal is, komt alle data yn de Wikipedy as Linked Open Data beskikber yn de digitale ynfrastruktuer. Sa ûntsteane der folle mear ferbinings online en kin ynfo makliker fûn en dield wurde. Sa wurdt de doelgroep fan de Fryske Wikipedy ek fergrutte. It doel fan it Digitalisearringsplan is om alle erfgoedsynstellings yn Fryslân mei-inoar te ferbinen, sadat de ynfo oer Fryslân makliker te finen is. Dêr kin de Wikipedy in grutte rol yn spylje.

Ik bin frege om it ferhaal wat út te lizzen, om't ik wol wat bekend bin mei de Wikipedy. De minsken fan Tresoar en it Digitalisearringsplan wolle graach mei meidoggers yn kontakt komme, om te sjen wat der allegear mooglik is en wat beide partijen foar inoar betsjutte kinne. Hans Laagland kin jim dêr mear oer fertelle. Jim kinne him freegje, as jim wolle.

Graach fernim ik fan jim wat jim der fan fine. Ik bin benijd! Groetnis, MeinRei (oerlis) 7 jan 2016, 13.54 (CET)Beäntwurdzje

Ik ha hjir gjin problemen mei. --Geoffrey (oerlis) 8 jan 2016, 18.08 (CET)Beäntwurdzje

Collaboration with Lombard Wikipedia

bewurkje seksje

Hello Frisian friends! I'm an administrator of the Lombard Wikipedia, a regional language spoken in Northen Italy and Southern Switzerland. We have made a successfully collaboration with Galician Wikipedia some months ago, and we have improved our Wikipedias with information about people, language and history of our community. Do you want to do a collaboration with Lombard Wikipedia? --Sciking (oerlis) 5 mrt 2017, 18.42 (CET)Beäntwurdzje

Reisbeurzen voor Wikimania in Montreal

bewurkje seksje

Van 9 - 13 augustus vindt in Montreal Wikimania plaats, de jaarlijkse bijeenkomst georganiseerd voor en door de gemeenschap van vrijwilligers die actief zijn in de Wikimedia-projecten. Zoals gebruikelijk stelt Wikimedia Nederland weer een aantal reisbeurzen beschikbaar voor Wikimedianen die erbij willen zijn. Dit kunnen volledige beurzen zijn voor reis én verblijf, of een beurs voor een deel van de kosten. Aanvragen van een beurs kan tot 5 mei door het sturen van een mail naar info(at)wikimedia(punt)nl. Graag aangeven of je een volledige beurs of een deel-beurs aanvraagt. Leg s.v.p. ook uit waarom jouw deelname voor jou én voor de Wikimedia-beweging belangrijk is. SRientjes (oerlis) 13 apr 2017, 14.33 (CEST)Beäntwurdzje

Wangerooger Freesch

bewurkje seksje

Moin moin, deit mi leed, dat ik op Freesch schrieven do, ik kann noch keen Freesch, un ik dach mi, Platt is neger an Freesch as Nedderlännsch. Ik intresseer mi bannig för dat Wangerooger Freesch un versöök, de Borns un Texten daarvun to digitaliseren. Ik weet nich, wat ji villicht düsse Sied hier kennt: http://www.geocities.ws/ekfrysk/Wang.htm Daar geev dat maal Audiodateien, ook bi de Wayback-Machine gifft dat jüm nich meer. Dat mag nich tofällig ween un jichtenseen vun jo hett de maal daalladen or weet, woneem ik de finnen kann? Velen Dank un vele Gröten Zylbath (oerlis) 10 aug 2017, 19.36 (CEST)Beäntwurdzje

bewurkje seksje

Goeie, ik wie krekt wêr ris op 'e Haadside en ik seach dat Rebecca Romijn (moai famke!) artikel fan 'e wike wie. Mar allinich yn 'e ynleiding stean al fjouwer reade keppelings. Nei myn gedachten moatte der fanôf de Haadside gjin reade links útgean. Net by in Wikipedia dy 't al tsiendûzenden siden hat. Earstens is dat gjin goede reklame (it liket as hie men dit net sjoen, en it jout de yndruk dat Wikipedy-FY as ensiklopedy noch net hielendal brûkbar is), yn it twadde plak lûket dat fandalen oan. Men klikket op dy reade links en begjint dan samar wat te skriuwen. Dat lêste kin fansels by alle siden foarfalle, mar by de Haadside, dy't in soad besjoen wurdt, is dat gefier noch krekt wat grutter. Wat tinke jimme? Steinbach (oerlis) 7 feb 2019, 23.14 (CET)Beäntwurdzje

Ik bin hjir dejinge dy't al sûnt 2014 de siden fan 'e wike docht, dat ik bin ek ferantwurdlik foar de reade links dêr't jo it oer hawwe. Ik moat sizze, ik sjoch it probleem net sa -- oars hie ik dy reade links dêr fansels ek net delset. Oan 'e oare kant soe ik it ek hielendal net beswierlik fine om se tenei op 'e haadside fuort te litten (mar net yn it artikel dêr't it stikje op 'e haadside nei ferwiist, fansels). Wat fine oare meidoggers hjiroer? (@Drewes, Frou Watzema, RomkeHoekstra, en Kneppelfreed:) As jimme it mei Steinbach iens binne, lit ik de reade links by de siden fan 'e wike tenei fuort. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 7 feb 2019, 23.32 (CET)Beäntwurdzje
Dei @Ieneach fan 'e Esk:, ik bin it ynearsten wol iens mei Steinbach dat de reade links op de Haadside it byld jout dat ús Wikipedy net "folslein" is, om it samar te sizzen. Dus as it kin dan soe it better wêze en lit de reade links fuort. As it al tefolle wurk opsmyt eltse kear, soe ik sizze fan lit it dan mar sitte en sjen dat wy der stadichoan oan wurkje kinne en feroarje de reade linkjes ta blauwe linkjes. Kneppelfreed (oerlis) 8 feb 2019, 05.45 (CET)Beäntwurdzje
Reade links hawwe foar- en neidielen. In foardiel is bygelyks dat it in útnoeging wêze kin om in nije side oan te meitsjen en sa mei te wurkjen oan dit projekt. Der binne wol mear wikipedia's dy't reade linken op de haadside stean hawwe, ek wikipedia's dy 't grutter binne as Wikipedy. Elk foardiel hat syn neidiel: De links kinne ek fandalisme oanlûke sa't Steinbach seit. No falt dat fandalisme neffens my hjir wol wat ta, dêr hoege wy net al te swier oan te tillen, it rint ús noch net oer de skuon. Mar de trije reade linken yn ien stikje op de haadside binne wat ryklik. It is op himsels goed dat Steinbach hjir omtinken foar freget, lykas it ek goed is om soks ris troch te praten. Frou Watzema (oerlis) 8 feb 2019, 14.04 (CET)Beäntwurdzje
Fierders nearne om, mar dat read op de haadside hoecht om my net. It wie my oant no ta net yn 'e wei, mar doel hat it ek net. Drewes (oerlis) 8 feb 2019, 17.33 (CET)Beäntwurdzje
Tank foar jim ynbring, Kneppelfreed, Frou Watzema en Drewes. Ik seach dy reade links yn 'e stikjes fan side fan 'e wike oant no ta earlik sein benammen as útnoeging om dêr in artikel foar te skriuwen, sa't Frou Watzema hjirboppe ek al neamt. Yn myn belibbing wurdt der op 'e reade links fan 'e haadside yn elts gefal net mear fandalisme pleecht as op reade links yn oare siden. En wat betreft it punt dat reade links op 'e haadside de yndruk jouwe soene dat de Wikipedy net folslein wêze soe: no ja, minsken, litte we earlik wêze, de Wikipedy is in hartstikkene moai projekt mar it is feitlik noch lang net kompleet. Dus dy yndruk komt wol oerien mei de wurklikheid. Dat wiene even in pear dingen dy't my fan it hert moasten yn dizze diskusje.
Fierders wol ik sizze dat ik it mei Frou Watzema iens bin dat der neat mis mei is dat Steinbach sa'n saak oan 'e oarder stelt. Sa't ik juster al dúdlik makke haw, is it foar my alhiel gjin halssaak dat dy reade links op 'e haadside deryn bliuwe moat. Se wiene my allinne noch nea yn 'e wei west. Ik merk wol dat de konsensus yn dizze diskusje is dat it better is om gjin reade links yn 'e stikjes fan siden fan 'e wike te setten. No goed, dat is my ek bêst. Wat Kneppelfreed syn fraach oangiet, oft it in soad wurk is om se derút te heljen: dat falt wol ta. Foar takom jier (2020) set ik se der dan gewoan net yn. En fan 'e rest fan dit jier moat ik se der úthelje. Dat is wol wat wurk, mar ek wer net in oerdreaun soad. Ik sil der wol even nei sjen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 8 feb 2019, 23.35 (CET)Beäntwurdzje
No sa. Gjin reade links mear. Kneppelfreed, ik kin jo no mei de kennis fan efterôf fertelle dat der likernôch in healoere wurk yn siet. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 9 feb 2019, 00.11 (CET)Beäntwurdzje
@Ieneach fan 'e Esk: Bêst genôch. Tige tanke dêrfoar Kneppelfreed (oerlis) 9 feb 2019, 20.14 (CET)Beäntwurdzje
Tige tank ek fan my. Dat de Wikipedy per definysje net folslein is, kloppet fansels ek. Ik sjoch dy reade links ek as útnoeging om sels mei te dwaan. Mar foar in Haadside jilde yn myn beljibbing wat oare kriteria. It moat in fisitekeartsje wêze fan de ensiklopedy: sjoch ris wat hjir allegearre te lêzen is! En net: sjoch ris hoe't der hjir noch fan al ûntbrikt (??). Ik bin dan ek bliid dat dy reade links no fuort binne, mar ik hie gjin oar doel as de diskusje deroer te begjinnen. As de konsensus oars útfallen wie, hie ik dat ek bêst fûnen. Steinbach (oerlis) 10 feb 2019, 18.50 (CET) (Sorry myn Frysk liket nearne op, ik wit it...)Beäntwurdzje
@Steinbach: It is bêst genôch dat soks oan it aljemint brocht wurdt. Sa kinne we ús Wikipedy hieltyd in bytsje better meitsje meiïnoar. Tige tank dêrfoar. Kneppelfreed (oerlis) 10 feb 2019, 21.38 (CET)Beäntwurdzje

Wist ik dat ... der trije Wetterskippen aktyf wienen yn Fryslân?

bewurkje seksje

No, nee: dat wist ik net. Ik tocht sels fan twa. It is sels sa dat op Wetterskip (Nederlân), "Wetterskippen yn Fryslân" stiet dat it der twa binne. (Wêr is ynhâldsopjefte?)

En dat tal Skipsleaten liket ek wat leech. Mysha (oerlis) 23 jan 2023, 09.26 (CET)Beäntwurdzje

Hjoed yn de skiednis, foar in betide wearde fan "hjoed"

bewurkje seksje

Der stiet in kopke oer hjoed yn de skiednis, mar wat der stiet is net wier "hjoed". Wurdt it ding faaks mar ien kear de wike oanpast? ~~~ 212.203.0.54 8 sep 2023, 13.28 (CEST)Beäntwurdzje

It kopke hjoed, feroarret elste dei, it liket der op dat it tiid wurd om de Cookies en websitegegevens fan jo browser ris leech te heljen. Dan soe it euvel ferholpen wêze moatte FreyaSport (oerlis) 8 sep 2023, 15.12 (CEST)Beäntwurdzje
Ja, dat wie dúdlik it probleem. Mar it wie mooier at de side dat gewoan sat net dwaan soe. Hawwe wy in oare oplossing? 212.203.0.54
Werom nei de side "Haadside".