Haadside
Werom nei de haadside
Meidoggersside
Gean nei de meidoggersside fan J'88
Bydragen
Bydragen fan J'88
Nije siden
Siden makke troch J'88
Oerlisside
Nei de oerlisside fan J'88

Wolkom

bewurkje seksje

Noch wolkom op de Fryske Wikipedy. In pear oanwizings:

  • Op Wikipedy:Mienskip fine je wat nijsgjirrige siden oer de fryske wikipedy en hoe at saken hjir wurkje.
  • Binne der fragen of opmerkings, dan kinne je dy op de ferskate Oerlissiden spuie. It is baas en slút jo opmerkings ôf mei ~~~~, dit wurdt nei it fêstlizzen ferfong troch jo namme en datum/tiid fan de opmerking.
  • Ek is it gebrûklik en heakje in opmerking oan it ein fan in oerlissiden ta (en net boppe-oan), je kinne by de oerlissiden op de '+' drukke, dan krije je in fjild wêr't je it ûnderwerp fan jo opmerking delsette en fierder in stik tekst ynklopje. Dit wurdt dan by it fêstlizzen ûnderoan in oerlisside taheakke.
  • De Sealter Wiki is noch net in offisjele, en skynt wol op de nominaasje te stean om ynkoarten dy status te krijen. Dan sille wy fansels fuortendalik de ferwizings op de Haadside derby sette, ik hie eins tocht dat dit al klear wêze soe.
  • Jo hiene in Kategory: List fan Fryske fuotbalklubs oanmakke, it is better om hjir Kategory:Fryske Fuotbalklub fan te meitsjen.

No sa earst mar wêr, in protte nocht en wille tawinske, Theun 31 jan 2007, 19.33 (CET)Beäntwurdzje

Ek wolkom J'88 in protte wille tawinske op Wikypedy. Ik seach dasto in plaatsje fan Us Abe opladen hast. Is de boarne dêrfan bekend? (en sit der gjin copyright op?), Groetnis, B. 4 feb 2007, 12.00 (CET)Beäntwurdzje
Dat printsje heb ik al jierren op de kompjûter stean, wêr it krekt wei komt wit ik net. Ik ha sa krek wol even op Google socht. Ik kom it plaatsje op ferskatene websiden tsjin.
OK, betanke foar dyn flotte reaksje. Ik stel út dat we de ôfbylding earst stean litte (al bin ik bang dat der wol rjochten op sitte). Ik set by it oerlis fan it portret wol dat de boarne noch ûnbekend is. Groetnis, B. 4 feb 2007, 12.50 (CET)Beäntwurdzje

Eala J'88,

Hjir haw ik in foarbyld fan de Koprâne. Kies yn de boppenste spalk wizigje, en mei ctrl-c en ctrl-v kinst ûndersteande yn dyn meidoggerside plakke.

TEKST titel

TEKST


Groetnis Kening Aldgilles 22:02 UTC 05 feb 07

List fan Fryske hearskers

bewurkje seksje

Hi J'88,

Jo hawwe juster in nije side oanmakke, ik nim oan oerset fan :nl. No is dy side alris earder oerset, as List fan hearskers yn Fryslân. Dêrom haw ik fan de side dy't jo oanmakke hawwe mar in REDIRECT makke. Theun 8 feb 2007, 06.53 (CET)Beäntwurdzje

Goeiemoarn Theun,

Oooh, dan hie ik die oer de kop sjoen.J'88 8 feb 2007, 12.23 (CET)Beäntwurdzje

Frysktalige Wikipedy

bewurkje seksje

Jo hawwe in side Frysktalige Wikipedy oanmakke. No liket dit mear in side dy't by de behearsiden dy't under Wikipedy:Mienskip falle heart as yn de ensyklopedy nammeromte. Ik soe dizze side dan ek graach werneamt hawwe wolle ta Wikipedy:Frysktalige Wikipedy. No hawwe wy krekt de haadside bot oanpast en de mienskip-side mei de siden dy't dêr under falle moatte eins ek noch trochrûn wurde. At jo dêr niget oan hawwe kinne jo dêr miskien ek ris nei sjen. Ik haw wat dat oangiet op it stuit net safolle ynspiraasje (as nocht).
It opladen fan de in ôfbyld fan de haadside om de pear dagen hat neffens my ek net safolle sin, wat wie jo bedoeling dermei? Theun 10 feb 2007, 18.49 (CET)Beäntwurdzje

Mei it anmeitsjen fan die side woe ik gewoan ynformaasje jaan oer de Fryske Wikipedy. Krekliek as disse side bygelyks: Nederlandstalige Wikipedia

Ik ha dat printsje op nij opladen omdat ik fûn dat it âlde printsje net goed wie. Der wiene noch allegear keppeling pears en neffens my wie ik ek noch anmeld. It ston net sa goed sak mar sizze. En it wie ek net de bedoeling om no alwer in nei printsje derop te setten. It hat ek wol wat om oer twa jier te sjen hoe it er doe útseach. J'88 10 feb 2007, 19.01 (CET)Beäntwurdzje

Sa'n side hiene wy eins al. Mar dy hiet fan Wikipedy (neist it algemiene Wikipedia), miskien de siden yninoar skowe? Theun 10 feb 2007, 19.03 (CET)Beäntwurdzje

Ja, ik sjoch it. De siden ha wol itselde doel neffens my. Yninoar skowe kin tink ik wol. J'88 10 feb 2007, 21.56 (CET)Beäntwurdzje

Ofbylden.

bewurkje seksje

Sa as jo al yn de gaten hiene bin ik dwaande om te sjen of de ôfbylden dy't wy hjir brûke wol foldogge oan de regels fan de wikipedia. No hawwe jo Ofbyld:Bart Helmholt.jpg oanbean, derby hawwe jo wol oanjûn wêr oft it plaatsje weikomt mar hokker lisinsje dêrfoar jildt, is net dúdlik. Ek kin ik as ik op pbholland.com dêr neat oer fine. Dizze gegevens moatte al dúdlik wêze om de ôfbylden hjir hâlde te kinnen. Ofbylden moatte frij te brûken wêze sûnder beheinings op it mêd fan kommersjeel brûken of beheinings op it oanpassen.

Miskien binne oare ofbylde dy't jo oanbean hawwe ek wol op Commons beskikber mar dat kin ik net sa hurd fine. As der fragen binne of eat is jo net hielendal dúdlik, jou dan lûd. Theun 14 feb 2007, 21.19 (CET)Beäntwurdzje

Ik sil by alle ôfbylden wol efkes oanjaan wat de boarn is.
net mear brûkt, ferfong troch ofbyld fan commons te brûken
net mear brûkt, ferfong troch ofbyld fan commons te brûken
net mear brûkt, ferfong troch ofbyld fan commons te brûken
fan en, is dêr delset ûnder fair use regeling, dat yn Nederlân net bestiet. Op nl (en de oare europeeske wikipedyen wurde soksoarte ôfbylden net brûkt). Litte we earst mar sa, moat wol by it plaatsje oanjoen wurde.
  • Ofbyld:Sportpark_Noord.jpg: Disse is lestich. Ik ha ‘m sels al jierren op de kompjûter stean, en wit net krekt wêr der wei komt.
Op plaatsjes sit altiten auteursrjocht, útsein at it eksplisyt frij jûn is, as troch de âldens yn PD falt. At wy fierders gjin ynformaasje hjiroer hawwe kinne wy dit plaatsje tink net brûke.
Moat dan efkes oanjûn wurde wêr't it weikomt en de lisinsje tekst fan de Katalaanske oernimme.
Fan [1]? Ynformaasje oer it plaatsje is hjir spitich genôch net te finen.

Oer die lisinsje: Wêr moat ik dat oanjaan dan? Op de Nederlânske Wikipedy ken dat mei san 'útfouwfak'. Mar soks kom ik hjir net tsjin.J'88 14 feb 2007, 23.22 (CET)Beäntwurdzje

Jo kinne it yn tekst oanjaan. Wy hawwe wol in berjocht Berjocht:PD dat brûkt wurde kin foar plaatsjes dy't sa âld binne dat se net mear ûnder it auteursrjocht falle en at jo it Berjocht:Eigenwurk brûke dan wurd it automatysk GFDL.
Nei it oanbieden kin de tekst op de Ofbyld siden altiten noch wer oanpast wurde en oanfolle, sjoch by de list hjirboppe, selektearje in ofbyld side en kies wyzigjen.
Sa'n útfouwfak as op :nl en Commons ha wy hjir net, ik kin ris sjen oft ik útfine kin hoe at dit dien wurdt mar ik kin ek net alles tagelyk en ik haw ek noch in libben neist de wiki ;).
Ik sil jo listje noch wol efkes trochrinne, ik stel foar dat we de siden dy't op commons steane hjir weihelje, by de oaren moatte we foar elts ofbyld mar efkes sjen of it hjir mei. Theun 15 feb 2007, 17.43 (CET)Beäntwurdzje
Doch mar rêstich an. Der binne wis belangrikere saken as Wikipedy. J'88 15 feb 2007, 18.17 (CET)Beäntwurdzje
Ik haw noch efkes nei in pear ôfbylden sjoen. Theun 22 feb 2007, 21.28 (CET)Beäntwurdzje

Trochferwiisside

bewurkje seksje

Dei J'88, jo binne wakker aktyf de lêste dagen. Der binne al in moai protsje siden by komd. Op de troch jo oanmakke side oer Derby hawwe jo by de kategory: Trochferwiisside setten. No is it faak wat lestich om in goede kategory te kiezen, faaks falt it net krekt ûnder ien en is it in kwestje fan in kar meitsje. No leit soks by Trochferwiisside justjes oars. Far safier ik neigean kin ( en ik lit my graach oertsjûgje as it oars is), is in Trochferwiisside bedoeld om ferskillende betsjuttings út inoar te hâlden, bg Snits (gemeente) / Snits (stêd) of boek (literatuer) / boek (beam). It jaan fan foarbylden lykas by Derby makket yn myn eagen noch net dat it ûnder Trochferwiisside falt. Wat tinkt jo hjir sels fan? Swarte Kees 19 mrt 2008, 15.06 (CET)Beäntwurdzje

Jo ha hielendal gelyk Swarte Kees. It kin better yn de kategory Sport tink ik.J'88

Fryske eilannen

bewurkje seksje

Tsja as ik in Nederlanner wêze soe, soe ik dat luchtliddige begryp Waadeilân stadichoan út alle atlassen weiwurde litte. Der is in Waadsee en de eilannen dy't yn 'e Waadsee lizze binne dus net automatysk Waadeilannen, mar ha de namme fan it wiere lân dêr't it eartiids by hearde: Fryslân

Groetnis Kening Aldgilles 20 foarjiersmoanne 2008, 18:46 (CET)

Jo listke

bewurkje seksje

Dei J. By it oerlêzen fan jo listke mei oanmakke artikels foel my op dat der in pear by steane dy't oanmakke binne troch in ûnbekende. Binne jo dat sels (IP nûmers op .90 en .168?) It stikje fan Aliter oer de FNP sil der by fersin tusken rekke wêze want dy stiet as skriuwer al yn 2005 neamd). Mei it tempo dat jo noch altyd folhâlde sjit it lekker op mei de groei fan it oantal siden. Groetnis, Swarte Kees 26 mrt 2008, 17.51 (CET)Beäntwurdzje

Teksten

bewurkje seksje

Hoi J., nim my net kwea ôf, mar ik haw hjoed wat yn dyn teksten om sitte grieme. Ik fûn de ynhâld tige nijsgjirrich en koe ik net litte om hjir en dêr wat te wizigjen. Groetnis --Geoffrey 31 mrt 2008, 19.27 (CEST)Beäntwurdzje

Tank Geoffrey. Alles wat de ynhâld fan de siden goed docht fyn ik goed. Ik kaam ôfrûne wykein op it idee om mar wat te skriuwe oer de simmer- en de wintertiid. Sa leare hja ek noch ris wat by. J'88

Berjocht

bewurkje seksje

Moarn, in berjocht oanmeitsje is in dreech putsje. Meastal sykje ik op de Nederlânske wikipedy om in foarbyld en gean dêr mei oan de gong. De moast der gewoan wat mei omtsjûne en it besykje en ast net slaggest help ik dy wol. Hoe't krekt allegearre wurket wit ik ek net. --Geoffrey 18 maaie 2008, 09.08 (CEST)

Men kan fansels ek altiten freegje op de Oerlisside. Aliter 25 aug 2008, 21.15 (CEST)Beäntwurdzje

It fean

bewurkje seksje

Kinne jo nochris nei dy 70.000 euro sjen dy't Sportklub It Hearrenfean fan Aksje '67 hân hat. Binne dy omrekkene, of binne it gûnes? Aliter 25 aug 2008, 21.15 (CEST)Beäntwurdzje

Maasmarren

bewurkje seksje

Goed dat jo in side skriuwe dy't net daalks mei Fryslân te krijen hat; der wurde wolris wat te folle siden yn de Wikipedy skreaun oer dy iene provinsje. It is spitich dat it kaartsje CC is, wêrtroch it net legaal ûnder GFDL brûkt wurde kin. Wy moatte mar hoopje dat Wikimedia, no't it harren mûglik makke is, oergean sil op CC, dat ditsoarte fan problemen oplost wurde sil. It past oer it grutste marrengebiet fan Nederlân haw ik efkes fuorthelle oant wy in better fergelyk hawwe mei de 30.000 ha fan de Fryske Marren.

Wat al wat ûngewoan liket is de oersetting "marren" foar "plassen". Hienen jo dêr in bepaalde grûn foar, of wie dat der troch it begjinrym ynkaam? Aliter 19 nov 2008, 19.53 (CET)Beäntwurdzje

Goeijûn. Spitich ja. No begryp ik net hielendal wêrom it plaatsje al brûkt wurde kin op de Nederlânske Wikipedy, wyte jo dat?
De namme Maasmarren wie der stikum yn slûpt yn it stik oer de Maas sels. Ik ha it mar gewoan oernaam yn it artikel oer de Maasmarren/plassen. Hokker namme liket jo it beste ta? J'88

Jo binne de ienichste net dy't net begrypt wêrom der troch guon CC-plaatsjes yn de wikipedyen brûkt wurde. Wy moatte it der mar op hâlde dat Commons it net makliker makket om te sjen at eat tastean is: wat dêr stiet kin ommers likegoed foar Wikinews wêze; dy binne al CC.

"Plas" koe, foar wiid groeven wetter, "dobbe" wêze, at it net te djip en net te grut is. Mar yn dit gefal moat it mar "plasse" wêze, tink. Dan wurde it "Maasplassen", wat grif nimmen fernuvere sil. Aliter 19 nov 2008, 21.45 (CET)Beäntwurdzje


A little help

bewurkje seksje

Hoi! Kinsto helpe my? How do you translate this into Frysk?

Ik heb altijd interesse in minderheidstalen, zoals voor talen in het algemeen. In de loop van mijn voorafgaande leven ben ik tweemaal in contact met de minderheidstalen gekomen. In 2003 in Oedmurtië en in 2005 in Lapland.
Reeds in 2003, toen ik met mijn maten in Oedmurtië geweest ben, probeerden wij te laten zien voor de Oedmurten, die zullen langzaam hun moedertaal vergeten, dat wij ook in het verre Hongarije hun taal kunnen lezen, en zij moeten zijn trots op deze taal.
In de toekomst zou ik meer minderheidstalen willen aanleren. Ik heb een principe: de kortste weg naar het hart van de mensen leidt door hun moedertaal. Ik probeer dienovereenkomstig leven. Tankewol: --Eino81 19 nov 2008, 21.35 (CET)Beäntwurdzje

Hoi! I seee, you are active, again. Could you translate to me these lines into Frysk? :) :) :) I need to know that. It will be a part of a letter. --Eino81 20 nov 2008, 14.22 (CET)Beäntwurdzje

I would, if I could. But the translation to Dutch is a bit pore. Could you type your message in English? Or German, that would be oké too.J'88

OK, then in English:

I always was interested in minority languages, and also every language. In my whole life I was in contact with minority languages two times. In 2003 in Udmurtia and in 2005 in Lapland.
Already in 2003, when me and my mates were in Udmurtia, we tried to show the Udmurts, who slowly will lose thier mother tongue, that even we in the far Hungary kan learn their mother tongue, and they must to be proud of this language.
In the future I would like to learn more minority languages. I have a priciple: the shortest way to the heart of the people leeds through their mother tongue. I try to live with this.

By the way, what do you mean, the Dutch tarnslation was pore? How could you say these lines in dutch better? Where was the problem? I ask it, beacuse a Vlaams girl see these sentences, and she said, it was OK... --Eino81 20 nov 2008, 14.34 (CET)Beäntwurdzje

Rintje

bewurkje seksje

It wie in goed idee om in ferbân te lizzen mei de stavering "Rintsje". Mar de Skûtsjesiler en de Reedrider hjitte beide fan "Rintje", dat dat moatte al de haadyngongen bliuwe. Ik haw de siden al foar jo weromdraaid, en ik haw in keppeling nei de Reedrider syn webstee opnaam; wa twifelet kin it dêr neisjen. Wat dêr stiet jout oars al it idee dat er stopt is mei reedriden; at jo der aardichheid oan hawwe soenen jo ris sjen kinne hoenear at dat bart is en hoe de side dêr oan oanpast wurde kin. Aliter 23 nov 2008, 18.50 (CET)Beäntwurdzje

Ah, it spyt my fan it wurk dat ik jo besoarge ha. Ik hie de nammen fer-Fryske omdat ik ek inkele 'Rintsjes' sjin kaam.

Ik bin fan plan in de kommende tiid wat mear nei dit slach 'flaters' te sykjen. Sa sjoch ik ek it wurd 'Europa' in protte op dizze Wikipedy. Sa bin der noch wol wat wurden. It soe goed weze as we mear fan dit soarte flaters derút helje.

In de takomst sil ik ris sjen at de side oer Rintje wat fierder oanpast wurde kin.J'88

Flaters meitsje wy allegear. At de wiki mar funksjonearret is der fansels in oar dy't fernimt dat der eat ferkeard gongen is; dat is net in grut probleem. Wês al wat hoeden mei dat "Europa". Dy namme is al tastean yn Standert Frysk, foar minsken dy't nei komôf staverje, dat in flater is it net daalks. Mar "Jeropa" wie al konsekwinter fansels. Aliter 25 nov 2008, 00.02 (CET)Beäntwurdzje
Dat is wat ik bedoel ja. Ik meitsje ek in hiele berch flaters. Mar it soe fansels it moaist weze as de siden konsekwint opstelt wurde yn it wurdgebrûk.J'88

Feriene Steaten

bewurkje seksje

Ik haw it foar no weromset op de ferzje sûnder dy tabel. Dat jout jo de tiid om it sa út te tinken dat it totaal fan de bridte fan tabel en ôfbyld net oer de 100% hinne komme kin, dat der net in grut stik neat njonken de kaart komt. Aliter 25 nov 2008, 18.19 (CET)Beäntwurdzje

Ik miende dat ik alles op 33 persent set hie. Sadwaande wie it net in grutte opneaming fan steaten en waard it allegear wat dúdliker, neffens my.

Qluq

bewurkje seksje

It begryp jo hawwe leaver net twa staverings fan itselde wurd trochelkoar yn de Wikipedy. Dat kin ik my yntinke, mar feitlikens is de Wikipedy mei dy ferskate staverings in goede ôfspegeling fan it Frysk, dat wurd- en staveringsfariaasje tastiet.

Soenen wy der nei oerlis al op út komme dat klup better wie, dan wie de oplossing lykwols net om nije siden oan te meitsjen mei titels mei dy stavering, om't op dy manear de sideskiednis weiwurdt. Yn stee dêrfan soenen wy dan de titels feroarje, dat de skiednis fan de side bestean bliuwt. Foar no haw ik dêrom de tekst oer Sportqluq It Hearrenfean tebekset nei de side dêr't de sideskiednis by is. At wy der al op útkomme dat de stavering feroare wurde moat, dan is jout de wiki ús dêr it ark ta. Aliter 4 des 2008, 00.13 (CET)Beäntwurdzje

Oké. Tige tank.J'88

Parseberjocht nei webstee

bewurkje seksje

Ik leau, dat oerlis is by it ferkearde parseberjocht útkaam, mar it idee is goed. Kinne jo neisjen hokfoar adres? Binne der noch oaren? Mysha

It adres fan Wâldnet is: info@waldnet.nl

Oare siden mei Frysk nijs bin der op it stuit nef neffens my. J'88

Iepen Stâl

bewurkje seksje

Jûn J'81, Niis hawwe jo in ekstra keppeling om utens oanmakke by it artikel oer Iepen Stâl. No stie dy der ek al by dat no is it dûbelop. Hienen jo hjir in bedoeling mei of is it mear in fersin? Groetnis, --Swarte Kees 6 feb 2009, 20.49 (CET)Beäntwurdzje

Jo keppeling wie, tocht ik, in boarnefermelding. Ik ha de keppeling nei de Iepen Stâl derby set as 'gewoane' keppeling nei de webstee fan de organisaasje. Mar jo binne frije om it wer fuort te heljen hjer. Ik tocht dat de keppeling dy't jo delset hienen as in boarnfermelding wie fan in stikje tekst op de side. J'88
Wol faker set ik in Keppeling om utens yn de "boarnefermelding". Mear foar de opmaak, om foar te kommen dat der in soad lytse haadstikjes oan de ein fan in artikel komme dy't wat in rommelich oansjen jouwe. By de stikjes oer doarpen bart dat geregeld. It grize fek mei boarnefermelding ferbrekt dat wat en stiet wat 'strakker'. Yn dit gefal wie de keppeling om utens ek de boarne dat sadwaande koe it hjir ek moai tocht my. --Swarte Kees 6 feb 2009, 21.18 (CET)Beäntwurdzje

Sportklub It Hearrenfean

bewurkje seksje

Hallo, Yn de list fan spylsters stiet no wat harren "foarige klup". Mar binne dat net de klubs dêr't hja hieltiid ek noch by spylje? Alteast, is dat foar in part net sa? Mysha

Sportklub It Hearrenfean

bewurkje seksje

Hallo, Yn de list fan spylsters stiet no wat harren "foarige klup". Mar binne dat net de klubs dêr't hja hieltiid ek noch by spylje? Alteast, is dat foar in part net sa? Mysha

Dêr sizze jo wat. Ik ha de list oernaam fan de Nederlânske Wikipedy. Ik wie sels al fan miening dat dat rygje net safolle oan it stik tagoeget. Ik tink dat ik it dan ek mar fuort helje. J'88

Jan Bruin

bewurkje seksje

Jûn J'88, ik sjoch datst by in oantal Fryske fuotballers dy't by Cambuur spile hawwe de kategory Cambuur fuort helle hast. Dat is my prima, útsein Jan Bruin, om't er neffens my en neffens in soad oare Ljouwerters by de klup Cambuur heart, krekt as Johan Abma by de klup heart. Gr.--Geoffrey 9 feb 2009, 22.19 (CET)Beäntwurdzje

Ja, him hie ik stean litten omdat hy in grut spiler út de skiednis fan Cambuur is. Sa stiet Abe Lenstra by de kategory SK It Hearrenfean. Jan Bruin ha ik oer de kop sjoen. J'88

Yn de side oer Sportklub It Hearrenfean is Abe Lenstra opnommen yn de rige fan treners. Hy soe trener west ha yn it seizoen 1946-47. Dat liket my wat nuver ta, kloppet dit wol?--Geoffrey 19 maaie 2009, 21.13 (CEST)

Geoffrey, dat kloppet. Abe hat yn dy tiid as interim-trener oan de gang west. Hy folge yn dat jier Anton Dalhuysen op dy't op 22 septimber 1945 stoarn. Dêrnei hat Otto Bonsema in skoftke de treningen dien, mar al gau waard dit oernaam troch Abe.

De ynformaasje komt út Een pompeblêd als voetbalhart. Dat skreaun is foar it 75-jierrich bestean fan de klup.J'88

Prestaasjes SK. It Hearrenfean

bewurkje seksje

Ik haw twa ôfbylden makke, basearre op dy fan jo, foar de prestaasjes fan de manlju en froulju: Ofbyld:Prestaasjes_SK._It_Hearrenfean_-_manlju.png, Ofbyld:Prestaasjes_SK._It_Hearrenfean_-_froulju.png. Ik haw dat dien om't dy fan jo jpg-foarm hienen, wat by digitale tekenings altiten wat rommel jout; mei png-foarm is dat better. It grutse ferskil fierders is dat ik de jierkolommen net langer makke haw as it tal fan dielnimmers yn it jier. Ik ha ek de ferklearing wat oanpast, dat dy by beide deselde styl hawwe koe, en ik haw in skriuwflaterke fuorthelle en de namme fan de klup tafoegd. At it risseltaat akseptabel is dat koenen dy op de siden foar de Sportklup brûkt wurde. Aliter 24 maaie 2009, 18.46 (CEST)

Goeie. Dy printsjes sjoche der best út. Dy kinne we wol brûke ja. Noch wol de fraach of jo de prestaasjes van dit jier der ek bysette wolle. Binne de ôfbylden ek yn 'Paint' oan te passe? J'88

Fansels, at jo risseltaten fan dit jier hawwe kinne de ôfbylden ienfâldich oanpast wurde. (Woenen jo it op _manlju op itselde tal jierren hâlde, as op itslede begjinjier?)

Ja, ik nim oan dat MS-Paint nei al dy tiid ek wolris oanpast wêze sil foar it ynlêzen fan PNG-triemmen. Der is lykwols gjin pikselnivo yn MS-Paint, dat it is net maklik om alles persys goed te hâlden. Aliter 4 jun 2009, 22.37 (CEST)Beäntwurdzje

De manlju binne fiifde eindige, de froulje seisde (fan de sân). Ik woe it graach mei groei litte yn de rin fan de tiid. Dus it begjinjier itselde hâlde. Dochs... Ik wie ek fan plan om alle resultaten fan It Fean yn in gewoane tabel te sette, fan 1920 ôf. Misskien is it dan better om gewoan fan de lêste tritich jier te dwaan. Wat sizze jo derfan? J'88

István Sándorfi

bewurkje seksje

Hi, my friend! Could you make a Frysk translation about this article: en:István Sándorfi He is a Hungarian painter, my role-modell. He died in 2007, this is my rememberance for him. Thank you! --Eino81 29 okt 2009, 12.40 (CET)Beäntwurdzje

wisten jo dat fan de wike

bewurkje seksje

Hoi J'88, sa ast sjoen hawwe kinst, haw ik in opsetsje makke foar in "Wisten jo dat" om te brûken yn 2010. Noch 12 berjochten te gean. Wat tinkst, hawwe wy genôch ynspiraasje om yn jannewaris oerstappe te kinnen?--Geoffrey 31 okt 2009, 15.58 (CET)Beäntwurdzje

Dat komt hielendal goed Geoffrey. Ik sil hjoed noch ris efkes besykje om wat 'Wisten jo datsjes' op te sneupen.J'88 31 okt 2009, 16.00 (CET)Beäntwurdzje
Jimme haww aardich de gong der yn, marre: Wisten jo dat... fraachsinnen op in fraachteken einigje?--Swarte Kees 31 okt 2009, 17.10 (CET)Beäntwurdzje
We binne noch drok dwaande Kees. Ik haw hjir en dêr ek noch wol wat staveringflaterkes sjoen.J'88 31 okt 2009, 21.57 (CET)Beäntwurdzje

Jitizer

bewurkje seksje

GoeJ'88, Jo hawwe niis in stikje oersetten oer Jitizer fan .nl. Faaks koenen jo de band ris oanskriuwe foar in pear foto's of it logo of sa? It fleuret de boel wat op. --Swarte Kees 4 nov 2009, 17.33 (CET)Beäntwurdzje

Ik haw se in berjochtsje stjoert. J'88 6 nov 2009, 18.18 (CET)Beäntwurdzje

side fan de dei

bewurkje seksje

Jun J., ik ha krekt reageare op dyn berjocht op de oerlisside Wistenjodat 2010. Ik fyn it op it stuit wol bêst wat de witenjodatsjes oangiet. Alle wiken in nije fyn ik al in hiele prestaasje en it jier dêrop kinne wy se gewoan wer opnij brûke. In hiele soad oare wikipedys wurke sa. Mar wat 2010 oangiet kinne der noch pear by, mar ik tink dasto dat wol op dy nimme wolst.

Wat de side fan de wike oangiet it folgjende. Wy hawwe no foar 2010 alle wiken in nij haadside artikel, útsein wike 51, dêr sto noch foar soarge silt. Wat my in útdaging liket is om foar 2011 alle dagen in nij haadside artikel te hawwe. Hoe liket dy dat? --Geoffrey 17 nov 2009, 23.07 (CET)Beäntwurdzje

Dat kin ek. Dat is dan misskien wat foar yn de takomst om noch mear 'wisten jo datsjes' te meitsje.

Ik bin drok dwaande west mei it stik oer Nederlânsk Ynje, mar de lêste dagen wat minder. De nocht is der efkes wat ôf. In skoftke tebek haw ik it artikel Desjima skreaun, dat is misskien wol wat foar op de haadside. Ek Kurasau is in moai artikel wurden dy't dêr stean kin. Oare artikels dy't ik sels moai fyn binne Ruslân en Renêssânse. It stik oer Nederlânsk Ynje wurdt tink ik wat foar de takomst.

Alle dagen in nij haadartikel yn 2011 komt tink ik wat te betiid. It jier derop soe kinne. We binne op it stuit mei in man as fiif dy't eltse dei in stik skriuwe. It meastepart dêrfan is om en de by de 2.000 bytes. Dêr binne we noch te lyts foar tink ik. Mar besykje kin altyd!--J'88 17 nov 2009, 23.44 (CET)Beäntwurdzje

Tige Tank

bewurkje seksje

Tige Tank foar dyn help op De Deelen mei de koördinaten. Marco Roepers 18 nov 2009, 14.53 (CET)Beäntwurdzje

Synonym foar wetterskip?

bewurkje seksje

Tank foar it plomke. Dat ik mei de wurden dwaande bin hat lykwols ek wolris oare gefolgen. Sa bin ik no op Wetterskip in synonym dêrfoar tsjinkaam dat ik nearne oars fine kin as yn de Wikipedy (en ôflate siden). Is dit wier in Frysk wurd, of is it in Hollânsk wurd dat wurdpart foar wurdpart oerset is en soe it oeral ienfâldich troch wetterskip ferfongen wurde moatte? Aliter 26 nov 2009, 23.19 (CET)Beäntwurdzje

Om hokker wurd giet it Aliter? Om 'heechhiemrieskip'? Dat wurd haw ik yndie 'wurdpart foar wurdpart' oersetten.--J'88 27 nov 2009, 10.21 (CET)Beäntwurdzje

Ik woe it hjir net neame om't it hjir faaks net like maklik weihelle wurde koe, mar: ja, 'heechhiemrieskip'. At it dan konstruearre is, dan nim ik it net oer yn it Wikiwurdboek. It kin gauris barre dat in nl:-side in regionaal synonym brûkt dat yn it Frysk net bestiet. Per slot moatte hja dêr rekken hâlde mei Flaamske en Surinaamske sprekkers, dy't op it Frysk minder ynfloed hân hawwe. Aliter 27 nov 2009, 20.09 (CET)Beäntwurdzje

It is in wurd dat benammen yn Hollân brûkt foar guon wetterskippen wurdt, dat in Frysk wurd is it net.--J'88 27 nov 2009, 20.14 (CET)Beäntwurdzje

Kategoryen opskjinje

bewurkje seksje

Moai dat jo ek wat regaad makke hawwwe yn de Rubryk Romtlike Oardering. Der moat sa no en dan binnnen in kategory ommers wolris wat sortearre wurde. Tank.--Swarte Kees 27 nov 2009, 20.03 (CET)Beäntwurdzje

Yndie. Ik fûn dat it mar ris tiid wie om de boel wat oan te pakke. We hawwe der wat kategoryen oanbelanget in soadzje fan makke, fyn ik. Der binne in soad dûbelde kategoryen, synonimen ensfh. Dêr moat al wat oan dien wurde. No binne we noch reedlik lyts en kinne sok soarte flaters noch gau ris oanpast wurde. Mar wurde ús wikipedy grutter dan wurdt soks hieltyd slimmer.--J'88 27 nov 2009, 20.12 (CET)Beäntwurdzje

Wikiwurdboek

bewurkje seksje

De keppelings mei it Wikiwurdboek binne ek no al in berjocht: Berjocht:Wikiwurdboek. Der is ek in ferzje mei in lyts symboaltsje: Berjocht:WikiwurdboekLyts, mar dat seit fan alles ta wat faaks hielendal net op de wurdboekside te finen wêze sil.

Faaks koe der yn Berjocht:Wikiwurdboek in lyts symboaltsje tafoege wurde, at wy de css derby sette om it net heger as de tekstrigel wurde te litten, mar mei't der al twa ferzjes binne griem ik der leaver net te folle yn om om der mear ferzje by te meitsjen, útsein ik wit wat it doel fan de ferskate ferzjes is. Dêr komt dan noch by dat it al strykje moat mei wat wy op it stuit op it Wikiwurdboek as hiemteken hawwe.

Mar wat ik it measte tsjin haw tsjin dy grafyske ferzjes sa't dy no binne, en dat jildt ek foar Commonscat, is dat hja as div-s opboud binne, mei it gefolch dat hja de struktuer fan de side net folgje. Sjoch mar nei Meidogger_oerlis:Aliter#Wikiwurdboek, dêr't Commonscat nei de kantline weromfallen is, en dêr't jo dêrnei betiisd rekken en sels ek foaroan begûnen te skriuwen. Krektsa wurket soks betizend foar de lêzer. Om it even yn hokfoar fan de twa keppelingsseksjes sokke berjochten komme: Dy seksjes binne opboud as listen en de berjochten soenen dêryn pasje moatte.

It wikiwurdboek had in wikt:Berjocht:Wikipedy, dat krekt sa wurket as Berjocht:Wikiwurdboek.

Aliter 30 nov 2009, 20.24 (CET)Beäntwurdzje

Desjima

bewurkje seksje

Jûn J.,

Der wie noch ien artikel, wike 51, te gean. En omdat de tiid gjin skoft hâld, haw ik dat mar fêst oanmakke. Ik ha dyn artikel oer Desjima útkeazen. Asto noch wat oars fan doel wiest, moast it mar feroare. --Geoffrey 30 nov 2009, 21.01 (CET)Beäntwurdzje

Goeie kar, ik sil yn de kommende wiken noch besjen of der wat by kin.

Wat dogge we foar it jier dêrop? Lykas by de wisten jo dat de boel werhelje? Of nije siden meitsje? Mooglik dat we dan yn 2012 besykje kinne eltse dei in nij artikel op de haadside te setten.--J'88 30 nov 2009, 21.07 (CET)Beäntwurdzje

In dei yn de histoarje

bewurkje seksje

Jûn J., Hast ek in idee wannear't wy útein sette kinne mei alle dagen in nije dei yn de histoarje. It technyske diel kloppet no allegear en do bist al begûn mei de moanne jannewaris haw ik sjoen. Wat tinkst soe 1 jannewaris in opsy wêze?--Geoffrey 15 des 2009, 23.04 (CET)Beäntwurdzje

It soe moai wêze, mar we hawwe noch wol in soad reade keppelings. Dat kin gau ferholpen wurde troch in koart stikje te skriuwe, mar ik haw leaver dat it moaie siden wurde, kwaliteit stiet ommers foarop. Of we moatte sizze dat reade keppelings kinne. Miskien moatte we noch in pear moanne wachtsje, 1 maart moat helber wêze tinkt my.--J'88 15 des 2009, 23.13 (CET)Beäntwurdzje
Kwaliteit fyn ik ek wichtich. Wy sjoch wol, miskien falt it wol mei, wy ha noch twa wiken te gean en assen in soad frij mei de krystdagen. Dat wy kinne noch in soad dwaan. It omsetten is yn alle gefallen sa dien. --Geoffrey 15 des 2009, 23.37 (CET)Beäntwurdzje
Ja dat snap ik wol. Sa no en dan is by my de nocht ek wat minder. Wy binne yn alle gefallen al in moai stik op streek dat it kin wat leie. --Geoffrey 4 feb 2010, 22.26 (CET)Beäntwurdzje

Request for help, please

bewurkje seksje

Dear J'88, nice to meet you! I wonder if you would be so kind to help translate a very short-stub version of 3-4 sentences of this article for the Frysk Wikipedia? Thanks for your time. I hope to hear from you. Sincerely--Brezza del mare 16 des 2009, 08.50 (CET)Beäntwurdzje

Barentssee

bewurkje seksje

Môje J. Ik tink dat wy mei Barentssee goed sitte. Dy Z slacht ommers op Zoon. Drewes 23 des 2009, 00.02 (CET)Beäntwurdzje

Wisten jo dat ...

bewurkje seksje

Jûn J., ik ha sa krekt dyn berjochtsje lêzen. Ja, wat sille wy dwaan. Ik fûn it al in hiele poepetoer om foar 53 wiken berjochten oan te meitsjen en it like my ta dat wy dêr noch wol wat jierren plezier fan hawwe kinne. It liket my yn alle gefallen net noadich om 52 nije berjochten foar 2011 oan te meitsjen. Asto noch in soad ynspiraasje hast soenen wy de wikeberjochten ek wol útwreide kinne mei fjouwer. Mar ik haw it hjir net foar it sizzen. Wat tinksto? --Geoffrey 11 jan 2010, 20.02 (CET)Beäntwurdzje

Dat kin natuerlik ek. It wie ek net de bedoeling om 52 nije wiken oan te meitsje, dat giet te mal. Op it stuit haw ik 43 nije stikjes sammele, dat der kinne 14 'wisten jo datsjes' fan trije stikjes by, we komme dan út op 68 stikken. Elts jier skowe de 'wisten jo datsjes' dan 16 wiken op. Foardiel is dan dast ek net eltse kear op itselde stuit itselde stikje te sjen krijste.--J'88 11 jan 2010, 22.27 (CET)Beäntwurdzje
Prima, do hast der wer in putsje by. --Geoffrey 11 jan 2010, 22.33 (CET)Beäntwurdzje

Ofbyld

bewurkje seksje

Ik haw der ris nei sjoen. It ienichste wat ik der oan sjen kin is dat by it meitsjen fan de miniatuer protestearre wurdt tsjin it brûken fan de grûntriem. Ik haw der noch om nei de brekmelding west, mar dêr haw ik allinnich mar útfûn dat hja wer in grûn fûnen hienen om ús dochs fral net te helpen mei de nammeromtenammen. Ik haw no sa myn nocht fan al dy lju dy't sizze dat hja de mediawiki foar eltsenien better meitsje, at wy it no wolle as net; ik begjin der net mear oan. (Dat at jo dat plaatsje hawwe wolle: gewoan sels omsette ta in png; wa wit hoe lang it oars duorret ear't dy lju der efter binne.) It spyt my, ik hie der foar de Kryst wol sa'n bitsje myn nocht fan, en dit makket it ek net better. Ik leau ik moat mar ris in skoftsje net te folle mei Wikimedia te dwaan hawwe. Ik kin hjir op fy wol wat behearre, mar fierders leau ik dat ik mar ris in skoftke neat der oan doch. Aliter 20 jan 2010, 19.55 (CET)Beäntwurdzje

Dan hâldt it op. Ik haw der sels ek gjin ferstân fan. It soe spitich wêze at wy jo hjir in skoft net mear sjogge. Al moat ik sizze dat ik ek wolris gjin nocht mear haw, kom ik ek in pear moanne wat minder del. It soe spitich wêze at jo hjir net mear komme wolle fanwegen oaren, benammen omdat it giet om de minsken fan mediawiki, mar miskien helpt in rêstperioade wol om wer wat wikynocht te krijen.--J'88 20 jan 2010, 20.51 (CET)Beäntwurdzje

Ja, net spesjaal foar jo, fansels, mar sa wie it op dat stuit. Ik besykje om hjir al wat te sjen. At ik der om tink, en it slagget jo oars net, dan meitsje ik dy png-eksport fan dat kaartje ek wolris. Dan hawwe jo der yn ale gefallen sa'n ferzje fan. Aliter 2 feb 2010, 23.40 (CET)Beäntwurdzje

Nije haadside

bewurkje seksje

Goeie,

Ik ha in konsept makke foar de nije haadside. Sjoch hjir mar. Miskien fynsto myn konsept prachtich moai, miskien hasto in folslein oare miening. Graach de oerlisside (kopke 'Nije haadside') brûke foar diskusjes, fragen en opmerkingen. Mei freonlike groetnis --Kening Aldgilles 9 okt 2010, 20.51 (CEST)Beäntwurdzje

Kurasau

bewurkje seksje

Ik hie eins mei sin stean litten dat Kurasau it grutste eilân wie fan de Nederlânske Antillen, om't it fan de eilannen binnen it Keninkryk fan de Nederlanden wier it grutst is. It begryp Nederlânske Antillen slacht no allinnich op de eilannen, soe ik sizze, lykas it ek brûkt waard om de lannen NA en Arûba tegearre oan te tsjutten. Mar faaks moatte dêr dan twa siden foar komme, Nederlânske Antillen (lân) en Nederlânske Antillen (gebiet), of soks? Mysha

Goed dat jo nei tocht haw oer de definysje fan de ferskate wurden. Jo haw ek gelyk, dat ik sil de boel werom sette.J'88 13 okt 2010, 22.39 (CEST)Beäntwurdzje
Ha jo al dien sjoch ik. J'88 13 okt 2010, 22.39 (CEST)Beäntwurdzje
Nee, krekt der haw ik net mear oanwest. Wat dogge wy, splitse wy it eardere lân en it gebiet op ta twa siden? Dan moat de keppeling fan Kurasau derhinne ek oars. Mysha
Dêr sizze jo wat. Ik wit net wat der op dit mêd op oare Wikipedy's bard. Misskien moatte wy dat mar oanhâlde. Ik tink dat dizze diskusje better fierder fierd wurde kin op de side fan Kurasau. Misskien dat oaren der ek noch wat oer te sizzen hawwe. J'88 18 okt 2010, 14.04 (CEST)Beäntwurdzje

Projekt Olympyske Spullen

bewurkje seksje

Goeie J'88,

Goed om te hearren dat jo ek meidwaan wolle. Ek ik wol dat it net alinne kwantitatief goed sit mei de siden oer de Olympyske Spullen mar ek dat it kwalytatief goed is. Dat ha ik ek probearre mei de Paralympyske Spullen in projekt dat ik alinne dien ha, en dêr sil fêst ek noch wol it ien en oar oan te ferbetterjen falle. Wikiice 1 nov 2010, 22.04 (CET)Beäntwurdzje

Olympyske Simmerspullen 1928

bewurkje seksje

Goeiejûn

Jo binne goed dwaande mei 1928 mar jo nimme it nederlânske artikel wol hiel letterlik oer. Sjoch as je oan it skriuwen binne ek ris nei de siden dy't ik as boarne oanjûn ha en sjoch ris hoe't de siden oer de Paralympyske Spullen der út sjogge. By de plaatsje bygelyks is it it moaiste as ja 200px oanhalde oars komme jo rap yn de problemen mei it brûken fan kolommen. En by de sporten is it neamen fan it oantal eveneminten by dy sport wat oerdreaun. By de lannen falt it my op dat jo it stikje oer dielnimmende lannen de berjochten fan hystoaryske lannen blikber net brûkke. it kin wêze dat jo ze net stean sjoen ha. dy berjochten steane ûnder oan op de siden mei berjochten. Mar foar de rest sjocht it der goed út. Groetnis Wikiice 4 nov 2010, 20.56 (CET)Beäntwurdzje

Spaanske Gryp

bewurkje seksje

Bêste J88,

Ik ha de referinsjes nei de websiden fan mens en gezondheid fuorthelle út de side oer de Spaanske Gryp. Ik ha der noch in skoft mei ompield, mar ik koe dy referinsjes wier net mear goed krije. Ien fan de problemen soe wêze kinne dat der gjin 'www' stiet yn it webadres mens-en-gezondheid.infonu.nl, dêrneist soe it samar wêze kinne dat it .infonu. problemen jout, want sokke websiden binne faak de 'goedkeapere' websiden. Ik tink dat wy hjir net in grut probleem fan meitsje moatte, mar spitich is it al. Groetnis --Kening Aldgilles 19 nov 2010, 14.20 (CET)Beäntwurdzje

Ik haw de blokkade fuorthelle en de referinsje weromset. Aliter 7 des 2010, 23.50 (CET)Beäntwurdzje

Wêrom Spaanske gryp mei ien grutte letter, yn stee fan twa? Aliter 7 des 2010, 23.50 (CET)Beäntwurdzje

Nee, it gong my der allinnich om dat dit net in gryp yn of út Spanje wie, mar in syktme mei dy namme. "At minsken yn de hjerst nei Spnaje reizigeje hawwe hja likegoed as yn Fryslân in kâns in grypke te krijen. Sa'n Spaanske gryp is net slimmer as in Fryske gryp; mar it kin soms wêze dat hja yn Spanje net genôch wjerstän opboud hawwe. De Mexikaanske Gryp en de Spaanske Gryp joechen ek problemen mei wjerstân, mar by de Spaanske Gryp wie dat it slimst, om't in goede wjerstân tsjin de sike brûkt waard." Mar it haadletter gebrûk by nammen liket âlderwetsk te wurden. Aliter 9 des 2010, 02.17 (CET)Beäntwurdzje

Oer it neikommende berjocht:

FOARBYLD
     Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!
Ik seach niiskrekt noch by de skiednis fan de side 'Spaanske Gryp'. Do wiest fergetten om it berjocht {{Disclaimer medyske side}} dêrby te setten. Net slim hear, wy binne der om elkoar te helpen, mar ik woe dy der al fan op 'e hichte stelle. Dan witsto dat foar de oare kear ek. No sa! --Kening Aldgilles 19 nov 2010, 14.26 (CET)Beäntwurdzje
Goeie Aldgilles. Tank foar it sjen nei de referinsjes. Spitich, mar neat oan te dwaan.
Sil der yn de takomst om tinke by it skriuwen oer in sykte. Groetnis, J'88 19 nov 2010, 15.42 (CET)Beäntwurdzje

Olympyske Simmerspullen 1928

bewurkje seksje

Goeiemiddei,

Hja wiene fergetten om it artikel Olympyske Simmerspullen 1928 yn in kategory te pleatsen. Ik ha dat no foar jo dien mar ik hoopje dat hja dat yn de takomst sels dogge. Groetnis Wikiice 25 nov 2010, 12.10 (CET)Beäntwurdzje

Projektside Olympyske Spullen

bewurkje seksje

Goeiemoarn J'88

Ik ha de projektside fan it Projekt Olympyske Spullen Ferhuze sadat der no ek in Oerlisside by is, Meidogger:Wikiice/Projekten

groetnis Wikiice

Omdraaien Fryske Top 100

bewurkje seksje

Dei J. Niis seach ik dat jo de folchoarder fan de Fryske Top 100 omdraaid hawwe troch meast aktuele ferzje ûnderoan te setten. By oare siden mei listen kies ik der meast foar om de meast resinte boppe-oan te setten. Besikers binne (as ik fan mysels útgean teminsten) mear nijsgjirrich nei de lêste ferkiezing as nei de âldste. De side wurdt foar it each ek wat dynamysker as de boppekant alle jierren oanpast wurdt omt dy der dan wat oars útsjocht..Groetnis,--Swarte Kees 14 des 2010, 20.59 (CET)Beäntwurdzje

Foar kundskip

bewurkje seksje

Sjoch Wikipedy:Oerlisside#Nije_ynfoboks_foar_sportleafhawwers. Gr. --Kening Aldgilles 20 des 2010, 20.32 (CET)Beäntwurdzje

Berjocht:Side fan de wike 2011/wike 20

bewurkje seksje

Hoi J, de persoan Drees is fansels in wichtich persoan west, neat op tsjin, mar soe hjir net better in sosjalistyske politikus fan Frysk komôf etalearre wurde kinne, bygelyks Piter Jelles Troelstra? --Geoffrey 22 des 2010, 23.48 (CET)Beäntwurdzje

Topside

bewurkje seksje

Ik ha efkes oan 'e gong west mei Wikipedy:Topside. Ik ha no ek in nije side skreaun mei; betingsten foar in topside. Dêrneist hie ik HJIR noch wat delkwakt. Graach reagearje op myn eigen oerlisside. Ik hoopje dat it dy sa wat nei it sin is. Groetnis --Kening Aldgilles 3 jan 2011, 23.12 (CET)Beäntwurdzje

Dei J.,   in útprobearsel om in pompeblêdsje goud lykje te litten. Op http://www.worldlingo.com/ma/enwiki/nl/Gold_%28color%29#Golden_.28web_color_gold.29 mar ek op in soad oare plakken steane kleurferhâldingen fan read-grien en blau om oare goudtinten te meitsjen. Sjoch mar ris hokker goudkleur jo it measte oansprekt. Groetnis, --Swarte Kees 9 jan 2011, 11.40 (CET)Beäntwurdzje

Gea

bewurkje seksje

Tipke: Der is in letterke weifallen ûnder it húske boppe-oan jo "Meidoggersside". Ik nim teminsten oan dat Gea net jo frou is of dat sy yn it húske wennet..--Swarte Kees 14 jan 2011, 15.41 (CET)Beäntwurdzje

Fernijde haadside en in fernijd haadtema

bewurkje seksje

Ik ha in de haadside en it haadtema fernijd. Sjoch ek de diskusje op de oerlisside. Mei freonlike groetnis --Kening Aldgilles 25 nov 2011, 14.14 (CET)Beäntwurdzje

Topside

bewurkje seksje

Bêste J'88,

Ik ha de Olympyske Spullen fan 1928 taheakke oan de list mei topsiden. It portaal fan de topsiden is ek fernijd. As de fernijing net nei it sin is kin ik dy altyd noch werom sette. Groetnis --Kening Aldgilles 15 des 2011, 17.24 (CET)Beäntwurdzje

Ik woe ek noch in symboal foar de topside ha. Wat te tinken fan de v dy't ik brûkt ha by it portaal? Wol sa simpel en begryplik. Groetnis --Kening Aldgilles 15 des 2011, 17.26 (CET)Beäntwurdzje
It sil goedkomme mei it stjerke. Ik sil efkes mei in meiwurker fan de Dútske Wikipedy yn petear moatte, want der moat in oare 'boarnekoade' komme. Grif net in protte wurk, mar der binne net in soad minsken dy't soks kinne. Ik sil it net fuortdaliks regelje, mar it hat de oandacht. Groetnis --Kening Aldgilles 16 des 2011, 10.58 (CET)Beäntwurdzje

Topsiden

bewurkje seksje

Bêste J'88,

Der mei wer stimd wurde.
Wikipedy:Kandidaatsiden

Mear topsiden? Der stean ek noch siden yn de artikelhifker.

Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 1 apr 2012, 16.31 (CEST)Beäntwurdzje

Goeie!!! Ik haw in oplossing fûn foar it probleem mei it 'stjerke' dat rjochtsboppe yn it skerm fan in topside stiet. Sjoch mar. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 1 apr 2012, 19.29 (CEST)Beäntwurdzje

Tankewol

bewurkje seksje

Tankewol foar it komplimint, J'88. It is altyd fijn om te merken dat je wurk wurdearre wurdt. Ik sil it as in oanmoediging beskôgje om op it ynsleine paad fierder te gean. Ieneach fan 'e Esk (talk) 16 mrt 2013, 17.54 (CET)Beäntwurdzje