Wikipedy:Betingsten topside
Topsiden binne siden dy't wy as ús bêste wurk sjen litte. Hja binne better as de trochsnee siden en meitsje dat ûnderskied troch in profesjonele opset en dúdlike ynhâld. Hja foldogge dêrneist oan de algemiene regels dy't jilde foar alle siden op de Fryske Wikipedy.
- Hja binne—
- (a) poerbêst skreaun: de tekst is ynformatyf en dúdlik;
- (b) wiidweidich : de tekst jout genôch ynformaasje oer it ûnderwerp dat beskreaun is. Grutte feiten en wichtige foarfallen meie net ûntbrekke;
- (c) feitlik: der is ûndersyk dien en de side is betrouber. Relevante boarnen binne nedich om de ynhâld hifkje te kinnen;
- (d) neutraal: de side wurdt op in ensyklopedyske wize skreaun (objektivens); en
- (e) stabyl: op de side is gjin bewurkingskriich geande en de ynhâld mei net hieltyd feroarje.
- (a) ynlieding: in beskriuwing fan wat de lêzer ferwachtsje kin fan de side;
- (b) haadstikken/seksjes: de side heart passende seksjes, alinea's en listen te hawwen.