Wikipedy:Triemmen oanbiede
In ensyklopedy sûnder ôfbyldingen en oare media is saai, net kompleet. Dêrom is it mooglik media-triemmen oan te bieden, lykas ôfbylden, lûden en fideo. Der binne wol in pear saken dêr't rekken mei hâlden wurde moat. (Dizze side rjochtet him wat mear op ôfbylden, mar itselde jildt foar oare triemmen.)
Doel
bewurkje seksjeIt doel fan Wikipedia is in ensyklopedy dy't yn alle opsichten frij beskikber is. Dat jildt ek foar ôfbylden en oare media. Alle media moatte frij te bewurkjen en te fersprieden wêze, ek foar kommersjele doelen. Om dúdlik te meitsjen dat in mediatriem oan dy easken foldocht moat it dúdlik wêze at de fersprieding frij is as net.
GFDL
bewurkje seksjeDe lisinsje dy't dêr op Wikipedia foar brûkt wurdt is de GNU Iepen Dokumintaasje Lisinsje. Dy lisinsje easket dat dejinge dy't de triem ûnder de GFDL beskikbersteld neamt wurdt by gebrûk fan de triem, dat dy persoan moat al bekend wêze. Fierders meie der gjin oare betingsten jilde foar de fersprieding.
Frij fan rjochten
bewurkje seksjeNjonken triemmen dy't ûnder de GFDL lisinsje beskikbersteld binne foldogge ek triemmen dy't frij fan rjochten binne oan de easken. Almeast is yn dat gefal it auteursrjocht ferrûn, as de makker biedt de triem sels oan en jout de rjochten frij. Om te witten at ien fan beide mûglikheden hjir jildt moat hjir dus ek de makker oantsjut wurde. In tredde groep is wurk fan it Iepenbier Bewâld dêr't net fan oanjûn is dat der rjochten foar jilde. Yn dat gefal hoecht fansels allinnich oanjûn te wurden hokfoar ynstânsje it wurk makke hat. Fansels kinne der at in triem hielendal frij fan rjochten is gjin betingsten steld wurde oan de ferspriiding.
Yn it koart
bewurkje seksjeFoar alle ôfbylden op Wikipedia jildt dat de rjochthawwer tastimming jûn hawwe moat foar fersprieding, wizigjen en kommersjeel brûken fan de ôfbylding, sûnder oare betinksten as de GFDL.
It ôfbyld kin op dy wize brûkt wurde under de GNU Iepen Dokumintaasje Lisinsje, de lisinsje dêr't Wikipedia under beskikber steld wurdt. As de rjochthawwer in lisinsje jûn hat, oars as de GDFL, dan kin de triem net brûkt wurde. At de rjochthawwer tastimming jûn hat foar fersprieding ûnder de GFDL dan moat dy tastimming op de ôfbyldside skreaun stean. In triem dêr't de lisinsje net fan nei te gean is, foldocht likemin as in triem sûnder lisinsje.
Oer it algemien binne der twa soarten ôfbylden:
- Ofbylden dy't ien sels makke hat en op Wikipedia oanbean;
- Ofbylden dy't 'earne' fûn binne en oanbean wurde.
Foar alle ofbylden moat oanjûn wurde:
- Wat de boarne is.
- At de triem beskikbersteld is ûnder de GDFL, as dat dy frij fan rjochten is.
- En ien fan:
- Foar de GDFL: Wa't de makker is, as de rjochthawwer at dat in oar is, dy't fersprieding ûnder de GDFL tastiet.
- Foar frij fan rjochten: Wa at de makker wie, as de rjochthawwer at dat in oar wie, en wat de grûn is wêrtroch de triem no frij fan rjochten wurden is.
At by in triem ien fan dizze gegevens ûntbrekt, dat komt dy terjochte op Siden wiskje en wurdt, as gjin fierdere ynformaasje jûn wurdt nei twa wiken wiske.
Oanbiede
bewurkje seksjeAlle siden hawwe in keppeling "Bied in triem oan".
Brûke
bewurkje seksjeOm in ôfbyld yn in side op te nimmen, meitsje jo dêr sa'n keppeling foar:
- [[Ofbyld:jo_foto.jpg|omskriuwing]]
- [[Ofbyld:jo_tekening.png|omskriuwing]]
- [[Media:jo_lûd.ogg|omskriuwing]]