Wikipedy:Wat is Wikipedia NET

Oersjoch behearsiden
Siden oangeande Wikipedy-rjochtlinen

Wat is Wikipedia NET?

It kin foarkomme dat in wurd of útdrukking opnaam wurdt yn de Wikipedy, mar dat is dan om't der mear oer skreaun wurde kin as wat in plak krije soe yn in wurdboek. Njonken it ensyklopedy-projekt Wikipedia is der ek in wurdboek-projekt Wiktionary, mei in lytse Fryske ferzje, it Wikiwurdboek.

Diskusje- of nijsfoarum

bewurkje seksje

Al hawwe jo opinys op it mêd fan de side, besykje dochs objektyf te bliuwen.

Alhoewol't der wolris keppelings om utens taheakke wurde kinne, moat de tekst sels it wichtichste part fan de side foarmje.

Tekstsamling

bewurkje seksje

It kin foarkomme dat fan in literêr wurk, of in oare tekst, in stikje oanhelle wurdt as foarbyld. Mar de Wikipedy is gjin sammelplak foar boeken, of lietteksten. Fansels soenen jo al in side meitsje kinne oer de skriuwer, mei in oersjoch fan it wurk, mar de teksten sels moatte earne oars in plak fine.

Ensyklopedy fan Fryslân

bewurkje seksje

Fryske saken komme yn dizze Frysktalige ferzje fan Wikipedia fansels gauris earder oan bod as saken út oare lannen, mar it doel is itselde as dat fan de oarstalige Wikipedia's: In ensyklopedy oer hiel de wrâld. Dat, der is plak foar ynformaasje oer Fryslân, mar it is krektsagoed as jo ynformaasje oer oare saken bydrage wolle.