Wikipedy:Taalhelp

Handige taaltips bewurkje seksje

Om safolle mooglik sûnder flaters yn it Frysk te skriuwen, binne der in tal handige helpmiddels beskikber. De meast folsleine is de Fryske staveringhifker foar brûkers fan Microsoft Word. Dy is del te laden fan de side fan de Fryske Akademy. Om dêrmei in troch jo of oaren makke Wiki-tekst te kontrolearjen geane jo nei de side dy't jo kontrolearje wolle en klikke jo op Wizigje. Kopiearje de tekst dy't jo kontrolearje wolle nei in nij Word-dokumint. Kontrolearje de tekst en plak de tekst nei korreksje werom yn it Wiki-artikel. Klik op fêstlizze en de ferbettere ferzje stiet op de Wikipedy. Klik hjir om de staveringhifker del te heljen.

In (ridlik) folslein oersjoch fan de staveringregels is te finen op de Digiskoalle. Dêr steane ek ienfâldige oefeningen om jo wer eefkes op te skerpjen.

Fansels is it altyd maklik om in wurdboek by de hân te hawwen (sjoch ek it Fryske Wikiwurdboek).

Der stiet no in koarte kursus Frysk skriuwen op Allezhop.

  • ch of g? nl: prachtig = fy: prachtich, en bygelyks wichtich. By ferlinging komt de g lykwols wer foar it ljocht: prachtige en wichtige.
  • ij of y? Hjir folget it Frysk meastentiids it Ingelsk. Bygelyks en: free (nl: vrij) - fy: frij ; en: bee (nl:bij) fy: bij. By en: he, we en she (nl: hij, wij en zij) altyd op syn Wâldsjers. fy: hy, wy en sy.
  • u of ú? Sletten wurdlid: ú - slút. Iepen wurdlid: u - slu-ting. By in sletten wurdlid mei in koart lûd lykas yn it Nederlânske put komt der yn it Frysk gjín streekje op de u.

Stavering fan frjemde wurden bewurkje seksje

  • Grykske y:
  1. Bliuwt stean op plakken dêr't er yn it frjemde wurd ek stiet: kategory, systeem.
  2. Frjemde wurden dy't yn it Nederlânsk op i of ie einichje wurde mei y stavere: sjeny, parody.
  3. Frjemde foarheaksels (il, im, in ensfh.) wurde yn it Frysk mei y skreaun: ympresje, ynternasjonaal.

Nederlânsk-Frysk idioom bewurkje seksje

Op de side fan de Stifting ELF stiet in oersjoch fan Nederlânsk-Frysk idioom. Sykje op Nederlânske stekwurden en fyn moai Frysk idioom.