Geoffrey
Ofbylden wiskje
bewurkje seksjeJo woenen witte wat de behearders dwaan moatte mei ôfbylden dy't ek op Commons steane. De behearders moatte dêr mei dwaan wat de mienskip wol. Jo soenen ris freegje kinne hoe't de lju der no oer tinke.
(Yn spesjaal dit gefal binne der kopyen dy't in oare lisinsje hawwe as de orizjinelen. Iksels kin dy twa lisinsjes better as dat ik dêr oan komme soe, útsein ik kin persys oanwize wêrom dat dy feroarings legaal binne.) Aliter 27 mrt 2010, 23.15 (CET), Aliter 4 apr 2010, 22.41 (CEST)
Ynfoboks eilannen
bewurkje seksjeBêste Geoffrey,
Ik sjoch op de side Borneo datsto in ynfoboks brûke hast/woest. Ik koe gjin ynfoboks foar de eilannen fine. Sille wy dat berjocht mar fuorthelje, of meitsje wy dy ynfoboks beskikber op ús Wikipedy? Ik kin dy wol helpe asto wolst. Groetnis --Kening Aldgilles 7 apr 2010, 21.51 (CEST)
- It is lang lyn dat ik dy side oanmakke ha, doch mar wat sto it bêste ta liket. Gr. --Geoffrey 7 apr 2010, 22.01 (CEST)
Mormoanen
bewurkje seksjeIt is wol yn oarder, mar der koe noch by wat der fan de splitsing wurden is: hokfoar tûke dit is, en wat der bart is mei de oare. Aliter 25 apr 2010, 21.15 (CEST)
- Wat it artikel oanbelanget bin ik fral oersetter, fierders wit ik net folle der fan ôf. --Geoffrey 26 apr 2010, 20.55 (CEST)
René Goscinny;
Wiskje
bewurkje seksjeJa, dat is in protte wurk. Mar it is moai dat jo de beslissing nimme wol ta it wiskjen fan siden; ik hie al sein, ik doch net mear oan de beslissings, mar immen sil it dwaan moatte.
Oant no ta funksjonearre de side sa:
- Foar:
- List fan siden dy't net wiske binne
- -
- List fan siden dy't nei 15 dagen (of mear) wiske wurde sille
- 1e side
- 2e side
- 3e side
- List fan siden dy't der noch mar in pear dagen steane
- 4e side
- 5e side
- 6e side
- List fan siden dy't net wiske binne
- Protte wurk.
- Nei:
- List fan siden dy't net wiske binne
- 2e side, om't jo besletten hawwe dat dy (noch) net wiske wurdt.
- List fan siden dy't nei 15 dagen (of mear) wiske wurde sille
- 4e side
- 5e side
- 6e side
- List fan siden dy't der noch mar in pear dagen steane
- -
- List fan siden dy't net wiske binne
Op dy manear bliuwt der net in wâld fan reade keppelings oer.
Mar it kin ek oars, fansels. Aliter 27 apr 2010, 01.57 (CEST)
Ofbylden
bewurkje seksjeDer hat wat oerlis west op de Wikipedy:Oerlisside. At dat noch gjin beslissing jout soenen jo de mûglikheden dy't dêr neamd wurde op in rychje sette kinne en dan freegje hokker de kar hat. Aliter 27 apr 2010, 01.57 (CEST)
- Ik gjin mei net dwaande hâlden mei de ôfbylden. Ik fyn dat ûnsin en jout allinnich mar in soad wurk. Der binne hjir wol wichtiger dingen om te dwaan. Miskyn dat wy de ôfbylden op in aparte side stâlje kinne en dat ien him yn de takomst der mei dwaande hâlde wol. --Geoffrey 27 apr 2010, 09.27 (CEST)
Jûn,
Ik fyn it bêst datsto de siden Japan en Skiednis fan Japan útwreidest en ferbetterest. Hoechst my inkeld te freegjen asto grutte stikken tekst fan my fuorthellest. Gr.--Kening Aldgilles 15 jun 2010, 21.40 (CEST)
Hallo, good ~morning!
bewurkje seksjeSorry to bother you, I apologize sincerely I don't speak your language so I hope you'll forgive me for using English. My name is Claudi Balaguer (User Capsot from the Catalan and Occitan Wikipedias) and I'm currently working on a campaign to help our association "Amical de la Viquipèdia" in order to be accepted as a Chapter (an intermediate superstructure between the Wikimedia Foundation and the Wikipedias), demand which hasn't been accepted until now because Catalan is not a state language. I think you understand very well what it is to speak a minorized language , to strive to protect and preserve it and I hope you will think our cause is just since it might open the door to all the minorized or stateless languages which can't currently apply for a Chapter even though they might be organized and working hard! In order to support us, you can paste the following template Wikimedia CAT in your userpage and/or sign the link of the template. Thanks again for your attention, I wish you a pleasant, sunny and warm summertime, take care, Capsot 27 jun 2010, 12.05 (CEST)
Tige tank
bewurkje seksjeJûn Geoffrey, tige tank foar it oanmeitsjen fan it Skûtsjeberjocht. It wurket goed, no noch sjen oft alle foto's binnen komme. Groetnis, --Swarte Kees 19 jul 2010, 23.13 (CEST)
- Graach dien. --Geoffrey 19 jul 2010, 23.17 (CEST)
Douwe Symen Algra
bewurkje seksjeDe krekte namme fan it artikel is my ûntgien, mar doe't ik nei it bewurkjen fan de side Douwe Algra noch wat trochsneupte, lies ik dat 'Fersetstriders út de Twadde Wâldkriich' of soks sawat, wiske wurde soe. Dat soe wêze omdat 'eltsenien' ... ?
Der is net allinnich in soad belibbe yn de oarlochstiid, mar it is ek rejaal beskrean, bgl troch de ferneamde fersetsstrider en publisist 'Geale' Pyter Wybenga en troch de folle jongere Kerst Huisman. De lêste, in âld-Tynjester, hat oer dy fersetshurd en in man as Douwe (Symen) Algra - dy tekene alyd mei D.S. Algra - op 'e tekst west yn 'Slits en roggeprip'. Dit is mar in foarbyld. Sa binne der folle, folle mear. As Wikipedy dêr de siden foar slute soe, doocht der wat net.
Ik sil it wol net goed begrepen hawwe. Mar hoe sit it no al? Fr. gr. Fyntyn 31 jul 2010, 21.20 (CEST)
East-Bergysk
bewurkje seksjeHielen tank! Groentis --Hardcore-Mike 17 aug 2010, 21.50 (CEST)
Tige bêste Geoffrey,
Ik ha it portaal Prehistoarje sa ynienen feroare. Do hast in protte wurk hân fan it oersetten en ik ha der tankber gebrûk fan makke by it meitsjen fan in nije opset. Ik hoopje net datsto it slim fynst dat ik it temaportaal sûnder oerlis feroare ha. Ik hoopje sels datsto it moai fynst. Marrr... Asto it neat fynst meisto it portaal wol werom sette nei de foarlêste ferzje. Ik ha in kopy ûnder myn meidoggerside bewarre.
Ik sil fuortdaalk mar sizze wat my net noaske oan it âlde portaal:
- It wie noch net ôf.
- De opbou fûn ik betiizjend. No kin de lêzer wat better syn ynfo fine.
- It soe hiel aardich wêze at wy ien opset hâlde foar ús portalen.
Lit mar witte watsto derfan fynst. Mei freonlike groetnis --Kening Aldgilles 18 aug 2010, 20.42 (CEST)
P.S. Hasto noch belang by mear portalen? Mei hast 17.000 siden soe soks doch mooglik wêze moatte...
- Ach ja sa giet it dan. Ien makket wat en in oar giet der wer fierder mei. En dat moat wy hjir foaral sa hâlde. Ik kin my wol fine yn dyn beswieren. De side wie 1:1 in oersetting fan nl en op nl binne se folle fierder dan wy binne. Dit past folle better by ús. Gr. --Geoffrey 18 aug 2010, 22.00 (CEST)
- Op it stuit soe ik net witte hokke portalen noch mear noadich binne.
Nije haadside
bewurkje seksjeGoeie Geoffrey. Lestendeis bin ik wer dwaande west mei in foarbyldhaadside, om sadwaande in 'Byld fan de Wike' derop te krijen. Ik haw de opbou krekt wat oars as jo. No bin ik der aardich yn slagge om mei help fan jo haadside en it berjocht 'Ensyklopedy' dy't jo oanmakke hienen in knappe haadside yn elkoar te frutseljen. No sit ik inkeld noch mei inkele lytse dinkjes. Bygelyks it kopke 'ensyklopedy' rjocht by my stiet krekt wat leger as it kopke 'Side fan de Wike', wylst dat op like hichte stean moat.
Soen jo der ris nei sjen wolle? De side is hjir te finen. Tige tank.J'88 29 sep 2010, 13.36 (CEST)
- Hoi J, dreech putsje, ik sit net sa bot mear yn dizze matearje. Kinst ek Teun of Aliter freegje, al komme dy net sa faak mear del. Aliter hat de haadside op myn meidoggerside noch ferbettere. Soest dizze ek wer kopiearre kinne nei dyn eigen om dan nei eigen winsk fjirder oan te wurkjen. Miskien datsto der dan wol yn slaggest. Gr. --Geoffrey 29 sep 2010, 14.39 (CEST)
- Goeie G. Nei it lêzen fan jo reaksje haw ik jo side mar kopiearre. No stiet alles al op like hichte! Skitterend. Ik sil Teun of Aliter noch ris freechje foar de lêste lytse dinkjes. Tank en groetnis.J'88 30 sep 2010, 09.34 (CEST)
Berjocht:Sportevenemint
bewurkje seksjeBêste Geoffrey,
Tige Tank foar dizze Ynfoboks. Spittig genoch wurket er noch net. Mar ik bin der no al bliid mei. Ik wachtsje rêstich ôf oant er al wurket. Mei Freonlike Groetnis Wikiice 30 sep 2010, 08.24 (CEST)
Nije haadside
bewurkje seksjeGoeie,
Ik ha in konsept makke foar de nije haadside. Sjoch hjir mar. Miskien fynsto myn konsept prachtich moai, miskien hasto in folslein oare miening. Graach de oerlisside (kopke 'Nije haadside') brûke foar diskusjes, fragen en opmerkingen. Mei freonlike groetnis --Kening Aldgilles 9 okt 2010, 20.51 (CEST)
Wurk
bewurkje seksjeGoeie Geoffrey. Yn de kategory wurk steane in stik as wat siden fan jo hân dy't noch net hielendal klear binne. Soene jo derris nei sjen wolle? Tige tank. J'88 18 okt 2010, 13.58 (CEST)
- Ja ik wit it, mar ha eefkes gjin noch der oan. --Geoffrey 18 okt 2010, 20.32 (CEST)
- Dat kin. Haw ik ek wolris. Tink, wiis jo der efkes op. Groetnis. J'88 18 okt 2010, 22.02 (CEST)
Bêste Geoffrey,
Hja hiene ien berjocht tefolle fuortsmiten. Allinne Berjocht:BDN stie op de Wisklist.
Ik ha Berjocht BDI mar wer op 'e nei oanmakke
Gr, Wikiice 18 okt 2010, 21.21 (CEST)
- Sorry dat hie ik net yn 'e gaten--Geoffrey 18 okt 2010, 21.22 (CEST)
Spaanske gryp
bewurkje seksjeGoeie Geoffrey. Ik haw de side oer de Spaanske gryp oanmakke. No haw ik de side mens-en-gezondheid.infonu.nl as boarne brûkt, mear it spamfilter wol dy webside net lije. Soene jo derris nei sjen wolle? Ik tink dat de side op de list fan spamsiden stiet. Tige tank. J'88 4 nov 2010, 14.32 (CET)
- Ik wit net hoe dat kin. Sokke dingen kinst better oan Aliter freegje of kening Aldgillis. --Geoffrey 4 nov 2010, 21.57 (CET)
Net te wisken siden
bewurkje seksjeHallo, Ja, ik bin wol by steat om siden fan de list ôf te heljen, mar faak steane dy der net iens op ek al stiet der in wikswarskôging, dat ik achtsje der net altiten op. En it past ek better at ik dy beoardieling oan oaren oer lit. At dy fine dat it goed genôch is dat mei de side bliuwe: oars kin er wol fuort. At ik sels dejinge bin dy't it wurk dien hat kin ik der eins net sels it oardiel oer jaan.
Ik nim oars oan datsto ek sels sjochst nei de siden dy't nominearre binne; datst net alles samar fuortsmytst. Mysha
- Ik sil goed omtinke --Geoffrey 22 nov 2010, 18.09 (CET)
Nije ynfoboks!
bewurkje seksjeHa goeie!
Ik ha no wer wat moais makke, in ynfoboks foar militêre konflikten. Do skriuwst of bewurkest wol gauris in side dy't mei skiednis te krijen hat, dat sadwaande skriuw ik dy persoanlik. By de neikommende siden kinsto de ynfoboks fine: Slach by Waterloo, Slach om Stalingrad, Ardennenoffensyf. Ik hoopje datst der wat mei kinst. Groetnis --Kening Aldgilles 8 des 2010, 17.16 (CET)
- De ynfoboks sa lang asto mar wolst. Sjoch mar by de side Slach by Warns en de Slach by Keulen. Do kinst beskate ynfo weilitte en dêrtroch wurdt de ynfoboks fansels koarter. It berjocht wurdt yn ferskate Wiky's brûkt, dat do kinst samar berjochten oernimme út de Ingelsk of oarstalige Wiky's. By de side fan de Slach by Waterloo kin it wêze dat de ynfoboks net te grut is, mar de side te beheind. Hawar, soks is fansels subjektyf. Groetnis --Kening Aldgilles 9 des 2010, 11.56 (CET)
Side fan de Wike 2011
bewurkje seksjeGoeie G! Ik haw foar Drees keazen omdat dat in moaie side is mei in soad ynformaasje. Mar fiel jo frij om it berjocht foar dy wike oan te passen fansels! Ik bin al fan miening, mei jo tink ik, dat der net in soad Fryske siden as Side fan de Wike oanmeld steane foar it takomme jier. Dêr soe neffens my noch wol wat feroaring yn komme meie. Yn it nije jier sil ik besykje om in side oan te meitsjen wêrop, nei oerlis tusken de meidoggers, stjerartikels te stean komme. Nei de âlde diskusje fan in jier lyn: Wikipedy:Oerlisside#Stjerartikel. Groetnis en ferfêst noflike krystdagen. J'88 23 des 2010, 17.00 (CET)
Side fan de Wike 2011
bewurkje seksjeBêste Geoffrey,
In goede fraach dêr't in goed antwurd op komme moat. Ik ha de haadside efkes neisjoen, mar sa't it no liket sil de list fan 2010 fannijs brûkt wurde. Der stiet dus altyd wol wat op de haadside. Ik fyn it idee fan in nije list foar 2011 hartstikkene goed, en soks moat fansels sa gau mooglik nei de jierwiksel dien wurde. As ik 1 jannewaris miskien noch heal yn 'e sûs lis te sliepen kinsto de haadside ek feroarje (do hast ek beheardersrjochten). Sjoen nei dyn fraach sil ik dus efkes fertelle moatte hoe't soks moat. It is samar klear:
- Gean nei berjocht Berjocht:Haadside-midden
- Klik wizigje
- Sjoch nei sin tsien, dêr stiet it folgjende {{Side fan de wike/wike {{CURRENTWEEK}}}}
- Feroarje dat yn {{Side fan de wike 2011/wike {{CURRENTWEEK}}}}
- Klik 'Fêstlizze' en de haadside is klear foar 2011
Mei freonlike groetnis --Kening Aldgilles 25 des 2010, 16.49 (CET)
Siden wiskje
bewurkje seksjeSil ik tenei dwaan. De bêste winsken foar 2011. Drewes 1 jan 2011, 14.38 (CET)
Topside
bewurkje seksjeGoeijûn. Yn 2011 sille wy it plan wer oppakke foar de stjerartikels, topside neamd op ús wikipedy. Earder is de side wikipedy:topside al oanmakke, wêr't alle topside bymekoar te stean komme. Hjoed haw ik de side wikipedy:kandidaatsiden makke, hjir kin troch de meidoggers stimd wurde oer of't in side al as net de namme 'topside' fertsjinnet. Graach soe ik fan jo hearre wat jo tinke fan it plan en of't der noch op- en oanmerkings binne. Jo kinne jo kommentaar hjir spuie. J'88 3 jan 2011, 20.56 (CET)
Disclaimer medyske side
bewurkje seksjeGoejûn,
Ik seach datsto hjoed dwaande wiest mei siden oer sykten. Soesto tenei de disclaimer {{Disclaimer medyske side}} foar medyske siden brûke wolle? Tank yn 't foar. --Kening Aldgilles 18 apr 2011, 00.40 (CEST)
212.178.88.146
bewurkje seksjeGoeie Geoffrey,
'Meidogger' 212.178.88.146 is al wiken oan't klieren en is offisjeel warskôge foar fandalisme. Soene jo dêr wat oan dwaan wolle? Groetnis, Drewes 27 apr 2011, 12.39 (CEST)
- foarfêst útsletten, dizze kin net hieltyd mear oerlêst dwaan --Geoffrey 27 apr 2011, 13.44 (CEST)
- Tige tank. Drewes 27 apr 2011, 14.24 (CEST)
- Tank hjirfoar :-) Geoffrey Wikiice 27 apr 2011, 16.25 (CEST)
- Tige tank. Drewes 27 apr 2011, 14.24 (CEST)
Side wiskje
bewurkje seksjeBêste Geoffrey,
Wat is ornearre mei 'list ôfsletten' op Wikipedy:Siden wiskje? Gr. --Kening Aldgilles 17 jun 2011, 12.53 (CEST)
- Wat hâldt dyn fraach krekt yn Aldgilles? --Geoffrey 17 jun 2011, 18.24 (CEST)
Roelof Bouwmeester
bewurkje seksjeDei Geoffrey, niis seach ik dat jo in stik oer Roelof Bouwmeester weihelle hawwe. Giet it hjir om in fersin?--Swarte Kees 21 jun 2011, 21.16 (CEST)
- Goeiejûn Geoffrey ek ik soe graag witte wolle wêrom as jo de boarne en de kategory fuorthelle ha? Wikiice 21 jun 2011, 21.49 (CEST)
- Ik bin yndied oan it kloaien west, dat haw ik net my opset dien. Ik ha sjoen dat jim myn flater al wer hesteld hawwe. Gr. --Geoffrey 22 jun 2011, 20.20 (CEST)
Ynterwiky jiertallen
bewurkje seksjeGoeiedei, soene jo by de jiertallen ek de ynterwiky del sette wolle? Tige tank! Groetnis fan MeinRei 10 jul 2011, 17.04 (CEST)
- Alles op syn tiid, ik doch earst de berjochten en as dat klear is bin ik fan doel ynformaasje oer te setten, dan set ik fuort op :nl of :en in ferwizing nei :fy en dan gean de yw fansels. Meist ek meihelpe. Ik beheind myn putsje ta de 1e ieu f. Kr. Gr. --Geoffrey 10 jul 2011, 17.13 (CEST)
Tema:Skiednis
bewurkje seksjeBêste Geoffrey,
Ik ha besocht in nije Temaside: Skiednis te meitsjen. Hoe liket dy dat? Hasto noch wat mear algemiene skiedkundige begripen? Miskien noch oare oanfollings/opmerkings? Ideeën foar de 'siden fan de moanne'? Groetnis --Kening Aldgilles 24 sep 2011, 02.03 (CEST)
- Moai dien, sjocht der goed út en it liket my wol aardich folslein ta. Ik ha wol wat ideeën. Gr. --Geoffrey 24 sep 2011, 16.18 (CEST)
- Sis it mar, ik bin benijd. Do meist de 'Side fan de moanne' sels ek betinke. Kin ik dizze testside al offisjeel meitsje? Groetnis --Kening Aldgilles 24 sep 2011, 22.01 (CEST)
- Ja hear, it is wer in hiele ferbettering. --Geoffrey 24 sep 2011, 23.03 (CEST)
- Sis it mar, ik bin benijd. Do meist de 'Side fan de moanne' sels ek betinke. Kin ik dizze testside al offisjeel meitsje? Groetnis --Kening Aldgilles 24 sep 2011, 22.01 (CEST)
Tema:Skiednis fan Fryslân
bewurkje seksjeBêste Geoffrey,
Ik ha efkes wat ompield mei dyn idee. Dit soe it earste resultaat wêze, mar ik fyn it noch net echt in ferbettering. Ik ha ek noch mei dizze dwaande west, mar ik bin noch net hielendal wis oer de opset. Miskien fynsto it sa wol goed of miskien hasto sels noch ideeën? Opset/ynhâld, alle ideeën binne tige wolkom. Groetnis --Kening Aldgilles 28 sep 2011, 22.44 (CEST)
- In side fan de moanne sil der grif ek by komme. Ik tink dat ik ynkoarten noch efkes mei test2 dwaande sil om sa in wat better en moaier oersjoch te krijen. Oer de algemiene temaside skiednis bin ik bêst tefreden, mar mei dizze bin ik dat noch net sa. Ik wol dochs wat gruttere boksen mei wat mear ynformaasje, tink ik. Dat is by de algemiene temaside skiednis ek sa. Mar efkes sjen. Groetnis --Kening Aldgilles 28 sep 2011, 22.54 (CEST)
- Ja, ik tink wol dat ik dêr wat mei dwaan kinne soe. Groetnis --Kening Aldgilles 28 sep 2011, 23.05 (CEST)
- Us nije temaside is no nei foaren ta helle. Wat fynsto derfan? Ik ha ien side fan de moanne klear. Ik tocht datsto it wol in aardichheid fine soest om dy oare moannen te dwaan. Groetnis --Kening Aldgilles 2 okt 2011, 18.10 (CEST)
- Op it earste sjoch liket it my aardich folslein ta en haw der ik gjin problemen mei om de oare moannen te dwaan. --Geoffrey 2 okt 2011, 20.54 (CEST)
- Us nije temaside is no nei foaren ta helle. Wat fynsto derfan? Ik ha ien side fan de moanne klear. Ik tocht datsto it wol in aardichheid fine soest om dy oare moannen te dwaan. Groetnis --Kening Aldgilles 2 okt 2011, 18.10 (CEST)
Skiednis fan Fryslân / Slach by Laaksum
bewurkje seksjeBêste Geoffrey,
Dyn wurk oer de Slach by Laaksum mei der wol wêze! Ik wist net dat der safolle ynformaasje oer wie. Hasto der sels ûndersyk nei dien? Ik ha fuort in keppeling makke fan de Skiednis fan Fryslân nei it artikel. Ik siet sels ek al wat te tinken om dizze side te skriuwen, foaral omdat de side in wichtige skeakel is. Yn it artikel wurdt de oergong fan Fryske frijheid nei Saksentiid hiel goed dúdlik. Ik ha sels noch in pear rigeltsjes tafoege oan de side. Yn de jierren dêrnei skynt der noch wol wat ferset west te hawwen tsjin it nije bestjoer. Yn 1500 wienen de Stellingwerven de lêste lânstreek dy't ûnder it sintrale bestjoer kaam. Hoe't dat no krekt gien is wit ik net. Soe wol moai wêze as wy dat ferhaal hjir hieltyd dúdliker omskriuwe kinne. Groetnis --Kening Aldgilles 3 okt 2011, 22.46 (CEST)
- Ik ha gjin eigen ûndersyk dien, mar haw in aardich artikel fûn [[1] en in frij resinte skripsje oer de Grutte Fryske oarloch [2], dêr't ik brûkbere ynformaasje út wei helje koe. --Geoffrey 4 okt 2011, 21.39 (CEST)
Siden Wiskje
bewurkje seksjeGoeiemoarn Geoffrey,
Wanear wurde de siden wiske dy't op de list Siden dy't neamd binne om wiske te wurden steane? Der steane no al fanôf 12 july siden op dy list te wachtsjen om wiske te wurden. groetnis Wikiice 17 okt 2011, 08.04 (CEST)
- Dat is yndied al wer lang lyn. Ik sil it fuort wiskje. Gr. --Geoffrey 17 okt 2011, 09.34 (CEST)
- Bin bliid dat jo it no daaliks dien hawwe. gr, Wikiice 17 okt 2011, 09.56 (CEST)
- It is ek sa mar klear--Geoffrey 17 okt 2011, 10.00 (CEST)
- Bin bliid dat jo it no daaliks dien hawwe. gr, Wikiice 17 okt 2011, 09.56 (CEST)
Stinzen
bewurkje seksjeHoi Geoffrey,
Ik soe sa net witte wêr't it wurdsje 'stins' no krekt weikomt. Neffens my is der neat op tsjin om 'stins' en 'boarch' as synonym te brûken. Wol is it sa dat it Nederlânske/Dútske 'burg' hiel goed oerset wurde kin as 'boarch'.
Mei it wurdsje 'terp' is it lyksa. Yn it Frysk ha de minsken it oer terpen, yn oare gebieten wurde dy wenheuvels 'wierde' of 'warft' neamd. Neffens my is it wol sa dat it wurdsje 'terp' gewoan Aldfrysk is foar 'doarp'. Yn it Sealterfrysk ha se it ommers noch hieltyd oer in 'Täärp' (têrp) as se oer in doarp prate.
Groetnis --Kening Aldgilles 21 okt 2011, 17.11 (CEST)
- Burch en boarch hawwe deselde betsjutting. It wurdsje 'boarch' komt yn de Wâlden foar (lykas it buorskip Skûlenboarch), oare Fryskpraters ha it meastal oer in 'burch'. It Frysk Hânwurdboek (FA/Afûk 2008) jout 'boarch' as foarkar (burch stiet der net iensen yn!). Groetnis --Kening Aldgilles 21 okt 2011, 20.24 (CEST)
Site logo protection
bewurkje seksjeHello. Could you please protect File:Wiki.png to be edited and moved only by sysops ? If somebody uploads a new version of this file, the logo site will change as well, so anybody can replace the logo of the website by the picture he wants. Thanks for your comprehension. -- Quentinv57 23 okt 2011, 21.53 (CEST)
Hello. There is a problem with this system message, because the parameter $3 is missing (that's the block options). Could you please fix that (for example by adding $3 at the end of the message) ? You can see an example here. Thanks -- Quentinv57 28 okt 2011, 10.56 (CEST)
Temasiden
bewurkje seksjeIk ha de temaside oer de skiednis fan Fryslân no op de haadside set. Fuort ek de temaside sport ferbettere sadat dy der ek by koe. Groetnis --Kening Aldgilles 6 nov 2011, 17.41 (CET)
- bedankt, moai dien. --Geoffrey 6 nov 2011, 19.37 (CET)
Fandalisme
bewurkje seksjeDe persoan efter dit IP-adres, 77.61.195.237, haw ik sa stadichoan myn nocht fan. Gr. Drewes 16 nov 2011, 14.04 (CET)
- Tige tank. Drewes 16 nov 2011, 14.59 (CET)
Fernijde haadside en in fernijd haadtema
bewurkje seksjeIk ha in de haadside en it haadtema fernijd. Sjoch ek de diskusje op de oerlisside. Mei freonlike groetnis --Kening Aldgilles 25 nov 2011, 14.09 (CET)
Beskerming temasiden
bewurkje seksjeBêste Geoffrey,
De haadside en de temasiden ha ik yndie beskerme tsjin mooglike fandalisten. Dat ha ik dien om't ik dy siden as de kearn fan de Wikipedy sjoch. Miskien wie ik dêr ek wol wat te benaud. Groetnis --Kening Aldgilles 4 des 2011, 19.11 (CET)
- Swarte Kees hie der om frege, hy hat wat er wizige woe al feroare. De side soe wol wer skoatelle wurde kinnen. --Geoffrey 4 des 2011, 22.37 (CET)
Side fan de wike
bewurkje seksjeDe side fan de wike sil op 1 jannewaris omset wurde moatte. Ik soe noch net te hurd mei alle dagen in nije side. Technysk sjoen moatte der gjin problemen wêze soks te dwaan. Earst mar wat mear topsiden sadat dy dúdlik yn kaart brocht binne. En do hast gelyk, dy hoege net lang te wêzen. Tink der no oer nei om de side oer Gysbert Japiks noch in bytsje út te wreidzjen en dy dan mar oan te bieden. Do noch in noflike kryst tawinske! Groetnis --Kening Aldgilles 25 des 2011, 00.21 (CET)
Kaartsje Flietsône
bewurkje seksjeJûn Geoffrey, by de side oer de Floietsône soe eins ien fan dizze kaartsjes moatte. Hokker kaartsje soe dat wêze moatte? Der is net ien by mei de namme Flietsône... Soenen jo it goede kaartsje der by sette wolle? Groetnis, --Swarte Kees 20 feb 2012, 20.40 (CET)
- Der soe einliks kaartsje CBS-wijkcode:008032 by moatte, mar dy sjoch ik der net by sitten. --Geoffrey 20 feb 2012, 20.54 (CET)
Topsiden
bewurkje seksjeBêste Geoffrey,
Der mei wer stimd wurde.
Wikipedy:Kandidaatsiden
Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 1 apr 2012, 16.25 (CEST)
Bedoarn
bewurkje seksjeBêste G., Meidogger 84.106.52.214 hat it by my bot bedoarn. Soene jo him in firtuele wan oer de bealch jaan wolle? Gr. Drewes (talk) 19 jun 2012, 17.03 (CEST)
Soesto net behearder wurde wolle?
bewurkje seksjeIk skrik my dea, heite!
Letter mear Drewes (talk) 15 jul 2012, 22.01 (CEST)
Goeie Geoffrey,
Ik bin oer myn skrik hinne, dat ja, ik wol bêst behearder wurde at nimmen beswier hat. Ik hoopje al dat dyn fraach net betsjut datsto der mei ophâlde wolst. (Dat kinne wy net hawwe, seker net no't Swarte Kees de lier oan de wylgen hinge hat).
Wat dyn wurk hjir oanbelanget. Ik haw altyd wurdearre datsto stikjes oer de 'âldheid' ynbringst. Myn stribjen is ek om Wikipedy in ensyklopedy yn it Frysk te meitsjen en net hingjen te bliuwen by 'Fryske' saken (dy't der fansels wol yn moatte). Datsto Ljouwerter bist is slim genôch (..) en dyn Frysk sil dêrneffens wêze, mar it kin der wol mei troch! En neffens my is dyn Frysk der yn de rin fan de tiid net minder op wurden! Ik lês dyn stikjes meast wol nei en ferbetterje wolris wat. Lykwols kin ik ek net sûnder wurdboek. Myn Frysk hâldt perfoast net oer! - Drewes (talk) 16 jul 2012, 16.55 (CEST)
Beheardersrjochten Drewes
bewurkje seksjeIk sil no fuortdaliks neisjen hoe't wy him behearder meitsje kinne. Dan sil ik op de oerlisside in stimming opsette, want dat heart sa. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 17 jul 2012, 18.45 (CEST)
- Bêst genôch! Ik kin Drewes de beheardersrjochten jaan. Sa't ik al skreaun hie moat ik dêrfoar wol in stimming opsette, en dat sil ik no fuortdaliks dwaan op de oerlisside. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 17 jul 2012, 18.53 (CEST)
fakânsje
bewurkje seksjeTwaenheale wike skoft --Geoffrey (talk) 19 jul 2012, 23.13 (CEST)
Al-Aksamoskee
bewurkje seksjeGoeie Geoffrey. Wy hawwe al in side oer dy moskee!! Groetenis, Drewes (talk) 17 aug 2012, 18.03 (CEST)
Jo feroarings oan Wylde knyn
bewurkje seksjeIk bin it net iens mei in pear fan 'e feroarings dy't jo oanbrocht hawwe yn it artikel "wylde knyn". De Ålâneilannen mei bêst wat ferfryske wurde; dat dogge wy úteinlik ek mei de Falklâneilannen, en dy binne neamd nei Lord Falkland, dus dêr betsjut it eins net iens "lân", wylst dat by Åland (wat "Streamelân" betsjut, wol sa is). Fierders is de foarm "hiele" foar in geografyske namme (hiele Fryslân, hiele Egypte, of yn dit gefal "hiele Jeropa") net in typflater, mar in stylfariant fan it Fryskeigene dy't miskien wol wat âlderwetsk oandocht, mar dy't ik wol moai fyn en der graach ynhâlde wolle soe. (Ik fertel dit even om te ûnderbouwen wêrom't ik dizze beide feroarings weromferoarje). Ieneach fan 'e Esk (talk) 19 jan 2013, 20.11 (CET)
- prima, dat fan "hiele" dat wist ik net. Hoe Frysker hoe better. Ik kaam yn it artikel dêr't jo mei útein set wiene wat reade triedsje tsjin en dy woe ik blau meitsje. Wat de juste stavering oanbelanget wy binne faak oan it pionieren hjir. Gr. --Geoffrey (talk) 19 jan 2013, 20.35 (CET)
- Ik bin net mear leauwend, mar ik bin grutbrocht yn in fermidden dêr't middeis nei it iten út 'e Fryske bibel foarlêzen waard. En dêr komme je sokke âldere foarmen gauris tsjin, sjoch. Wat de feroarings oanbelanget nim ik jo ek neat kwea-ôf of sa, en ik koe jo gedachtegong ek wol folgje, mar ik wie it der gewoan net mei iens. En ik fûn it in bytsje krú om sûnder mear it spul werom te setten. Dy twadde e fan "preehistoarje" hiene jo trouwens hielendal gelyk oan. Dan sjogge je mar wer, je kinne it noch sa oerlêze, mar der bliuwe altiten ûngerjochtichheden stean. No, Groetnis. Ieneach fan 'e Esk (talk) 19 jan 2013, 20.46 (CET)
Great Plains & Prairie
bewurkje seksjeDer is wat diskusje ûntstien oer de siden Great Plains en Prairie. Ik leau dat dat guont fan jowes binne. Ik tocht, miskien wolle jo ek even meiprate, mar it stiet wat ferstoppe op in hiel oare side, dat ik jou jo sa mar even in seintsje. Sjoch: Oerlis:Lytse marters. Ieneach fan 'e Esk (talk) 23 jan 2013, 21.01 (CET)
- Goed datsto der oan tinkst, mar ik fyn it allegear wol bêst, fiel jim frij. --Geoffrey (talk) 23 jan 2013, 22.10 (CET)
Teodosjaanske dynasty. Groetnis, Drewes (talk) 25 jan 2013, 21.38 (CET)
- Ik sil it net ferjitte, komt goed!--Geoffrey (talk) 26 jan 2013, 14.15 (CET)
Eigenmachtich optreden
bewurkje seksjeGoeie, Geoffrey. Ik wol eefkes myn ûntskuldigings oanbiede foar de eigenmachtige manier wêrop't ik de side Eastersk-Ortodokse Tsjerke, wat ien fan jo bydragen is, werneamd haw sûnder foarôf mei jo te oerlizzen. Dat hie eins net sa moatten (tocht ik fuort nei't ik it dien hie). Ik hoopje dat jo it net al te ferfelend fine. Ik sil der fan 'e wike noch even fierder mei oan 'e gong. Groetnis, Ieneach fan 'e Esk (talk) 24 apr 2013, 22.01 (CEST)
- Soks bard ús allegear wolris. Ik ha der gjin problemen mei as de kwaliteit fan de side better der fan wurdt. Neffens mei haw ik grutste part oerset fan de Nederlânske side. Fiel dy frij om út te wreidzjen, oars te meitsjen ensfh. --Geoffrey (talk) 24 apr 2013, 23.21 (CEST)
Bots en ynterwiky's
bewurkje seksjeNeffens my is it nije belied fan Wikipedia dat de ynterwiky's no op wikidata.org komme. De ynterwiky's bliuwe fierders wol bestean. As wy tenei mei in artikel begjinne, dan sille wy it artikel op Wikidata opsykje moatte en dan de Fryske ferzje fan it artikel 'derby' sette. It is in bytsje oars en soks is yn it begjin faak noch ûnwennich. Fansels moatte wy no noch wol tafersjoch hâlde op de migraasje fan data. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 27 apr 2013, 21.43 (CEST)
Flater yn tekst
bewurkje seksjeBêste Geoffrey. Kinne jo hjir wat mei?
Goeie, Drewes. Ik soe even wat tsjin in "ûnbekende meidogger" sizze, en op dy syn/har oerlisside stie dizze tekst:
- Dit is de oerlisside fan in ûnbekinde meidogger; in meidogger dy't him/har net oanmeld hat. Om't der gjin namme bekend is, wurdt it ynternet-adres brûkt om oan te jaan wa. Mar faak is it sa dat sa'n adres net altyd troch deselde persoan brûkt wurdt. As jo it idee hawwe dat jo as ûnbekinde meidogger opmerkings foar in oar krije, dan kinne jo jo oanmelde. Fan in oanmelde meidogger is it ynternet-adres net sichtber, en as oanmelde meidogger krije jo allinnich opmerkings dy't foar josels bedoeld binne.
Hjir stiet twa kear fan "ûnbekinde", wat fansels "ûnbekende" wêze moat. Kinne jo (as behearder) dat ferbetterje? En miskien kinne jo fan "wa" dan meitsje "om wa't it giet", dat rint better. Ieneach fan 'e Esk (talk) 28 jul 2013, 15.26 (CEST)
- Tsja, dat wit ikke net. It stiet ûnderoan op dizze side: Meidogger oerlis:80.61.230.65, en ik nim oan dat it in standertberjocht is foar sokke oerlissiden. It moat fansels earne yn it systeem sitte, oars ferskynde it dêr net. Mar ik bin gjin behearder, dat ik kin net achter de skermen sjen, om it samar te neamen. (En al koe ik dat al, ik haw gjin ferstân fan kompjûterprogrammatuer.) Is der oars gjin behearder mear om it oan troch te spyljen dy't by it opsetten fan 'e Fryske wikipedy belutsen west hat? Ieneach fan 'e Esk (talk) 28 jul 2013, 17.33 (CEST)
Drewes (talk) 28 jul 2013, 17.38 (CEST)
- Tige tank dat jo de tekst op MediaWiki:Anontalkpagetext even oppoetst hawwe! Ieneach fan 'e Esk (talk) 29 jul 2013, 23.47 (CEST)
Fraach
bewurkje seksjeWikipedy:Rjochtenútfurders?
- Dat bin wy net.--Geoffrey (talk) 12 aug 2013, 19.24 (CEST)
Side fan de wike 2014
bewurkje seksjeGoeie, Geoffrey. Ik seach dat jo dwaande west hawwe mei de berjochten fan 'e wike fan 2014, dat doe haw ik dêr ek ris eefkes nei sjoen. Der sitte ferskillende siden fan my by, lykas Ivanhoe, De Lof fan de Healwizens en de haka, en ferskate oaren dy't ik eefkes bêst ûnder hannen nommen haw, lykas De Lytse Prins, de Ilias en de Bagavad Gita. Tige tank dat jo dy útkeazen hawwe; it is altyd moai as jo wurk wurdearre wurdt.
Ik seach ek dat der takom jier noch in stik as wat wiken binne dy't noch gjin berjocht hawwe. Soe ik jo dêrfoar, sûnder daliks opdringerich te wurden, in pear fan myn siden oanriede meie? In side dêr't ik bysûnder grutsk op bin is bygelyks dy oer de Britske skriuwer Rudyard Kipling. En ek dy oer de Amerikaanske science fiction- en fantasyskriuwster Lois McMaster Bujold haw ik in soad tiid en wurk ynstoppe. Bujold har boek A Civil Campaign is wier-wier hilarysk, en ik haw myn bêst dien om dat ek yn 'e plotbeskriuwing nei foarren komme te litten. Fierders kin ik û.m. de wylde knyn, de Koptysk-Otterdokse Tsjerke, ferkrêfting en Moana Pozzi oanriede. Ieneach fan 'e Esk (talk) 18 aug 2013, 23.12 (CEST)
- Beste Ieneach, ik ha noait fan doel west allinnich te bepalen wat foar artikel op ús haadside, side fan 'e wike wurdt. Omdat gjinien der wat mei die haw ik dat putsje nei my talutsen. Eltsenien mei siden derby setten, fiel dy dêryn frij. Besykje dêrby wol in goeie fariaasje oan te bringen fan wat ús wikipedy allegear te bieden hat. Ik ha der wat systeem yn oanbrocht, 1 fan 4 siden hat mei Fryslân, de Fryske taal of kultuer te meitsjen. Folge troch in side oer skiednis, lannen en folken, keunst ensfh. Sjoch oerlis út 2011 [3] en 2012 [4] Gr. --Geoffrey (talk) 19 aug 2013, 19.41 (CEST)
- O. Ik tocht dat dit in beheardersputsje wie. Hoe giet soks? Is dat gewoan op Wikipedy:Haadside-ynfo/Side fan de wike 2014 op in reade link klikke en dan de ynlieding fan in artikel tafoegje mei in link nei datselde artikel? Of binne der noch tûkelteammen dêr't men om tinke moat? Ieneach fan 'e Esk (talk) 19 aug 2013, 20.08 (CEST)
- Ja it wurket op deselde wize as mei oare reade linkjes. --Geoffrey (talk) 19 aug 2013, 20.18 (CEST)
- IK fyn de siden dysto oanrekommandearest perfekt --Geoffrey (talk) 19 aug 2013, 20.23 (CEST)
- Hartstikkene moai! No, de siden fan 'e wike fan 2014 dy't noch iepen stiene, haw ik opfolle, op ien nei: wike 52. Ik haw it even neisjoen, en de kryst falt dy wyks. Moatte wy dan in side fan 'e wike hawwe mei wat krystichs? As jo gjin better idee hawwe, soene wy In Krystliet yn Proaza (better bekend ûnder de Ingelske titel A Christmas Carol) dwaan kinne. Ieneach fan 'e Esk (talk) 20 aug 2013, 00.26 (CEST)
- Leuk idee, dwaan en goed dat ek in oarenien him hjir mei dwaande hâld. It wurde foar my sa stadichoan hieltyd slimmer om wer nije siden derby te sykjen--Geoffrey (talk) 20 aug 2013, 17.38 (CEST)
- Hartstikkene moai! No, de siden fan 'e wike fan 2014 dy't noch iepen stiene, haw ik opfolle, op ien nei: wike 52. Ik haw it even neisjoen, en de kryst falt dy wyks. Moatte wy dan in side fan 'e wike hawwe mei wat krystichs? As jo gjin better idee hawwe, soene wy In Krystliet yn Proaza (better bekend ûnder de Ingelske titel A Christmas Carol) dwaan kinne. Ieneach fan 'e Esk (talk) 20 aug 2013, 00.26 (CEST)
- IK fyn de siden dysto oanrekommandearest perfekt --Geoffrey (talk) 19 aug 2013, 20.23 (CEST)
- Ja it wurket op deselde wize as mei oare reade linkjes. --Geoffrey (talk) 19 aug 2013, 20.18 (CEST)
- O. Ik tocht dat dit in beheardersputsje wie. Hoe giet soks? Is dat gewoan op Wikipedy:Haadside-ynfo/Side fan de wike 2014 op in reade link klikke en dan de ynlieding fan in artikel tafoegje mei in link nei datselde artikel? Of binne der noch tûkelteammen dêr't men om tinke moat? Ieneach fan 'e Esk (talk) 19 aug 2013, 20.08 (CEST)
T.S. of T. S. Eliot
bewurkje seksjeGoejûn, Geoffrey. Ik sjoch dat jo T. S. Eliot op 'e nominaasje set hawwe om wiske te wurden. No sil ik dêr fierders gjin sliep om ferlieze, mar ik wol jo der al eefkes op wize dat Eliot syn namme op 'e Ingelske wikipedy sa stavere wurdt (al begryp ik dat sels eins net, want ik soe nea in spaasje tusken foarletters dwaan). Mar sadwaande liek it my foar de folsleinens net ferkeard om hjir op 'e Fryske wikipedy eefkes in trochwiisside oan te meitsjen. As jo dy trochwiisside noch altyd wiskje wolle no't jo dit witte, is it my fierders ek goed. No, ik kap der mei foar hjoed. Oant letter, soe'k sizze. Ieneach fan 'e Esk (talk) 28 aug 2013, 22.56 (CEST)
- Ik fûn it al wat nuver datsto der in redirect fan makkest. Ja, wat dogge wy der no mei, ik ha juster alle siden oanpast dêr't it yn brûkt wurdt. Asto der fierders goed om sliepe kinst, lit wy it dan mar wiskje, want as je soks net witte tink je dat it in tikflater is.--Geoffrey (talk) 29 aug 2013, 18.54 (CEST)
- Ik fyn it bêst. Ieneach fan 'e Esk (talk) 1 sep 2013, 16.28 (CEST)
Ferkearde Haadside
bewurkje seksjeIt is my opfallen dat as ik de lêste tiid op 'e Fryske wikipedy binnenkom (en dan dus noch net ynlogd bin) ik der in âlde haadside foar krij, mei as datum snein 11 augustus, side fan de wike: de Stellingwerven, en fierders mei by de rubryk "Wisten jo dat..." it krús fan 'e Oarder fan 'e Timpeliers. As ik dan ynloch en dêrnei weromgean nei de haadside, krij ik wol de goede haadside derfoar (yn dit gefal fan snein 1 septimber). No gean ik der fanút dat as it my oerkomt, it grif mear lju oerkomme sil. En as de minsken gjin meidoggers binne (en dus net ynlogge kinne) sille se fêst nea de nije haadside ûnder eagen krije. Binne de behearders harren fan dit probleem bewust? (Ik sil dit ek eefkes oan Drewes trochjaan.) Ieneach fan 'e Esk (talk) 1 sep 2013, 16.35 (CEST)
- Kin it hjir ek oan lizze? Sjoch: Wikipedy:Oerlisside#HTTPS for users with an account. Ieneach fan 'e Esk (talk) 1 sep 2013, 18.43 (CEST)
- Bêste Ieneach, der haw ik ek gjin sjoege fan. Tink sels dat de kompjûter de besochte siden ûnthâld sadat it allegear sneller wurket by it ynlêze fan de side. --Geoffrey (talk) 1 sep 2013, 19.05 (CEST)
Boarsten
bewurkje seksjeGoeie G. Froulju lizze net oan de tit, útsein lesbyske froulju fansels. It orgaan is ornearre foar lytse poppen en manlju. Ta jo tsjinst. Drewes (talk) 28 okt 2013, 21.33 (CET)
- Altiten fijn, sa'n omtinkende meiwurker :) --Geoffrey (talk) 28 okt 2013, 22.30 (CET)
Betankje
bewurkje seksjeGoeie G. Jo/do, tankje/betankje, tige tank, tanke wol? Ik soe kieze foar jo, do is my te familiêr. Tige tank, tanke wol, betanke kin allegear, ik haw gjin foarkar. Tankje/betankje is hjir fout, mei't haadwurden binne. Gr. Drewes (talk) 13 nov 2013, 16.22 (CET)
Ynventarisaasje
bewurkje seksjeGoeie, Geoffrey. Ik bin mar ris úteinset mei in lytse ynventarisaasje te meitsjen fan siden dy't yn oanmerking komme om side fan 'e wike te wurden yn 2015. Dêr hawwe wy it in hoartsje tebek alris oer hân. De fraach wie doe oft it dan ek in side fan 'e dei wurde moast of net. Ik moat earlik sizze dat ik opsjoch tsjin it wurk dat dat opsmite soe (want it is wol even in fersânfâldiging fan wat wy no dogge). Mar dêr kinne wy it miskien t.z.t. noch wolris oer hawwe. Yn elts gefal liek it my net ferkeard om in listke oan te meitsjen dêr't iderien siden op sette kin dy't gaadlik binne om side fan 'e wike te wurden; dat kin letter hiel wat gesyk en gepuzel foarkomme. Fansels steane der no allinnich noch mar siden op dy't ik sels skreaun of redigearre haw, mar it is de bedoeling dat oare meidoggers it oanfolje as se in gaadlike side skriuwe of tsjinkomme. Ik haw Drewes frege om fan 'e ynventarisaasjeside (Haadside-ynfo/Ynventarisaasje mooglike siden fan de wike 2015) in link oan te meitsjen links ûnderoan op dizze side Wikipedy:Mienskip/Meidwaan en ferbetterje, ûnder it kopke Berjochten haadside. Dêr kin elkenien him fine. Ieneach fan 'e Esk (talk) 19 nov 2013, 17.27 (CET)
- Leuk datsto dat dochst, ik ha my dêr yn it ferline meastentiids allinnich altiten mei rede moatten en ik wie al aardich útpoept wat ideeën oanbelange, mar mei-elkoar kin it allinnich mar better wurde. --Geoffrey (talk) 19 nov 2013, 20.16 (CET)
Flater ferbetterje
bewurkje seksjeGoeie, Geoffrey. Kinne jo de staveringsflater op dizze side even ferbetterje? MediaWiki:Allowemail: "Lêt" moat "Lit" wêze. By foarbaat tank, Ieneach fan 'e Esk (talk) 26 nov 2013, 23.23 (CET)
- dien --Geoffrey (talk) 28 nov 2013, 19.19 (CET)
Fraachje
bewurkje seksjeGoeie, Geoffrey. Soene jo hjir (Oerlis:Faeröer) jo miening ris oer jaan wolle? Ik haw in stikje oer de Faeröerske/Fêreurske skriuwer William Heinesen skreaun, en foar't ik dêr kategoryen foar oanmeitsje wol ik hjir graach in kollektyf beslút oer hawwe. Ieneach fan 'e Esk (talk) 16 des 2013, 12.00 (CET)
Olympyske en Paralympyske Winterspullen 2014
bewurkje seksjeGoeiejûn Geoffrey,
De Siden foar de Olympyske Winterspullen 2014 en Paralympyske Winterspullen 2014 steane klear (hjir en dêr moat de stavering noch hifke wurde), no mar hoopje op moaie prestaasjes fan de Fryske en Nederlânske sporters. As jo tidens de spullen in útslach tsjinkomme dy't noch net ynfolle is fiel jo frij om it yn te foljen.
De mar
bewurkje seksjeGoeie Geoffrey, ja jo hawwe gelyk. It is yndie 'de mar' ynstee fan 'it mar'. Ik tocht der sels okkerdeis ek noch oer. Tige tanke dêrfoar. Freonlike groetnis --Kneppelfreed (talk) 23 feb 2014, 22.16 (CET)
Siden feroarje/wizigje
bewurkje seksjeHoi Geoffrey, tanke wol foar de skerpe eagen. In pear moanne lyn ha se op ús Fryske Wikipedy de VisualEditor of fisuele tekstbewurker ynladen. Wy binne ien fan de earsten dy't der gebrûk fan meitsje. Sûnt de ynfiering fan de fisuele bewurker stie der telkens Wizigje en Edit Source boppe-oan de side. Edit Source is no Boarne bewurkje wurden, gewoan omdat der in Fryske oersetting foar komme moast.
De logika fan Wizigje is datst de side bewurkje kinst sûnder allegear kennis fan koades lykas [[Ofbyld:testtesttest|thumb|Underskrift by ôfbylding]], mar datst direkt 'fisueel' oan it wurk kinst. Mei Boarne bewurkje wurdt it bewurkjen fan de saneamde boarne ornearre, alsa it bewurkjen fan tekst + koades. Ik hoopje dat it sa in bytsje helderder foar dy is. Miskien hasto in bettere suggestje? Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 17 apr 2014, 21.57 (CEST)
Help
bewurkje seksjeGeoffrey, soesto meihelpe wolle oan de redaksje fan Skiednis fan de Friezen? Dat is ommers dyn ding....It pielen mei âlde skiednis, bedoel ik. Drewes (talk) 22 apr 2014, 21.57 (CEST)
- Beste Drewes, ik bin der net wei fan. It wurdt fiersten te wiidweidich sa en wy ha ommers al in selde side Skiednis fan Fryslân. Om my kin it artikel wol wiske wurde. It wurdt sa te folle fan itselde--Geoffrey (talk) 22 apr 2014, 22.38 (CEST)
- Mar ja je wolle in oar syn wille net bedoarne en it wurk dat er fersetten hat fergrieme. --Geoffrey (talk) 22 apr 2014, 22.44 (CEST)
Fiterje
bewurkje seksjeGoeie Geoffrey. Bisto der wis fan dat woarteltsjes fan .... en oare plantsjes (benammen ûnkrûd) ek fiters binne? Ik mien te witten dat dy oantsjutting alline op de woartels fan Fitergers slacht, hoewol't der yndie mear planten binne dy't har' sa útwreidzje. Gr. Drewes (talk) 8 maaie 2014, 00.27 (CEST)
Ieneach fan 'e Esk
bewurkje seksjeGoeie G. Hawwe jo beswier tsjin it behearderskip fan Ieneach fan 'e Esk. Myn betinken is dat er it dûbel en dwers fertsjinne hat mei syn kwaliteitsbydragen. Groetnis, Drewes (talk) 7 jun 2014, 21.35 (CEST)
- Gjin beswieren Wy kinne wol wat help der by brûke. Aldgillis hat rjochten om Ieneach behearder te meitsjen. Sil him freegje. --Geoffrey (talk) 10 jun 2014, 05.22 (CEST)
Mesosoïkum
bewurkje seksjeDei Geoffrey. Nee, ik haw my net fersind. Mesolitikum is de middenstientiid sast wol witst. Yn it Neolitikum waard barnstien al wurdearre en ferhannele, mar it is al miljoenen jierren earder, yn it Jura, Kryt - yn it Mesosoïkum - oant it Kwartêr ûntstien. Ta jo tsjinst. Drewes (talk) 28 jul 2014, 16.37 (CEST)
Bestannen oanbiede, Wizard uploade?
bewurkje seksjeHello! Sorry for writing in English. As you're an administrator here, please check the message I left on MediaWiki talk:Licenses and the village pump. Thanks, Nemo 18 sep 2014, 21.22 (CEST)
- Goeie, Geoffrey. Ik wit net oft jo al oer boppesteand berjocht gear west hawwe, mar ik hie it ek krigen, en doe't ik de link folge, bliek it te gean om in foarstel (yngeande op 30 sept. o.s.), wêrby't de mooglikheid om ôfbylden te uploaden op 'e Fryske Wikipedy beheind wurde soe ta behearders. Mei't my dat net goed taliek, haw dien wat der stie dat ik dwaan moast as ik it der net mei iens wie, nammentlik de Fryske Wikipedy wiskje út 'e list mei wikí's sa't dy dêr jûn waard. Ik woe jo hjir even fan op 'e hichte stelle. As jo it net iens binne mei myn ienmansaksje, moatte jo mar in gjalp jaan. Ieneach fan 'e Esk (talk) 22 sep 2014, 14.46 (CEST)
- Hoi Ieneach, ik bin it folslein mei dy iens, goeie saak. --Geoffrey (talk) 22 sep 2014, 21.45 (CEST)
- Hartstikkene moai. Hee, even hiel wat oars, wy sille mei koarten ek wolris oer de nije siden fan 'e wike fan 2015 gear moatte. Ik haw sjoen dat jo it ramtwurk al klearset hawwe. En op 'e ynventarisaasjeside steane genôch nije siden fermeld dy't yn oanmerking komme kinne, al moat ik tajaan dat siden mei in ferbân mei Fryslân wat krap fertsjintwurdige binne. Ik wit net krekt hoe't we mei it eigentlike útkiezen fan 'e siden fan 'e wike te wurk gean sille. Hawwe jo dêr in idee oer? Ieneach fan 'e Esk (talk) 22 sep 2014, 22.04 (CEST)
- Hoi Ieneach, ja oant no ta haw ik altiten mei dat putsje yn 'e weer west. Ik wiksele de ûnderwerpen ôf, skiednis, geografy, fryslân, literatuer of wat oars en dan wer skiednis, geografy ensfh. Wa wol dit wurk op him nimme? Ik lit it diskear graach oan oaren oer. Hasto sels ideeën hoe wy it dwaan moatte?--Geoffrey (talk) 24 sep 2014, 18.21 (CEST)
- No, ik wol it eventueel wol dwaan, mar it punt is, doe't ik dy ynventarisaasje opset haw, haw ik nochal in grut wurd hân oer dat "we" letter wol bepale soene hokker fan 'e siden dy't op 'e ynventarisaasjeside oandroegen binne, úteinlik echt side fan 'e wike wurde sille. Mar ja, om soks mei-inoar te beslissen, dêr hawwe wy by myn witten net echt in ynfrastruktuer foar... Hoe steane jo hjirfoaroer? Fine jo dat it "kin" dat ik soks no allinnich beslis? Ieneach fan 'e Esk (talk) 25 sep 2014, 18.35 (CEST)
- Wat my oanbelanget fiel jo frij en meitsje in begjin. Wy binne te lyts om it grutter oan te pakken. Ien moat de kar lûke, oars komt it der net fan, tink. Oaren helpe dy wol. Komt altiten goed--Geoffrey (talk) 25 sep 2014, 19.55 (CEST)
- Neffens my is de seleksje no aardich breed. No giet it derom om simpelwei 52 siden te kiezen foar it hiele jier. Dêr kinne wy hiel spannend oer dwaan, mar dat hoecht net. De seleksje dy't der al stiet kin dus gewoan oernommen wurde. Mei oare wurden, wy hoege net foar elke wike te stimmen. As ien fan jim tiid dêrfoar hat, fiel dy frij. Ik kom dêr de kommende wiken net oan ta. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 29 sep 2014, 15.00 (CEST)
- No bêst, ik woe dit net op eigen manneboet beslisse, mar sjoen boppesteande ynstimming en om't Drewes op myn eigen oerlisside ek grien ljocht jûn hat, sil ik dizze put fan 't jier oppakke. Ik haw fan 't wykein noch in pear ekstra siden skreaun om side fan 'e wike te wurden, guon foar de fariëteit, en ien spesjaal foar de krystwike. Ferwachtsje net dat ik alle siden fan 'e wike fan takom jier no yn ien kear reemeitsje, dat sil wol oer in pear wiken útsmard wurde as it net langer wurdt. Ik sil der yn elts gefal foar soargje dat ik de saak foar 31 desimber 2014 klear haw. Ik hie fan 'e moarn even in start meitsje wollen, mar myn ynternetferbining sei fan "ferrek mar". Hy docht it no wer, sa't jim sjen kinne, mar ik wit net oft dit fan lange duer is.
- Dan noch even oer de ynhâldlike kant. Geoffrey, jo hawwe in "support vote"-symboal achter De Wiko's set. It spyt my wol, want ik haw neat tsjin De Wiko's, mar mei net iens sân rigels tekst fyn ik dy side te summier om side fan 'e wike te wurden. Ek ûntbrekt der in plaatsje. En sokke siden binne der wol mear nominearre. Ik hie sels bygelyks oersetter Klaas Bruinsma graach as side fan 'e wike sjoen, mar dêr ûntbrekt ek in foto, dus dat wurdt him ek net. Ik tink, ik sis it hjir daliks mar eefkes, dan kinne we iepen kaart spylje en krije we der letter gjin spul oer. Ieneach fan 'e Esk (talk) 30 sep 2014, 16.19 (CEST)
- De Wiko's hoecht om my ek net, fiel dy frij--Geoffrey (talk) 2 okt 2014, 23.29 (CEST)
- Neffens my is de seleksje no aardich breed. No giet it derom om simpelwei 52 siden te kiezen foar it hiele jier. Dêr kinne wy hiel spannend oer dwaan, mar dat hoecht net. De seleksje dy't der al stiet kin dus gewoan oernommen wurde. Mei oare wurden, wy hoege net foar elke wike te stimmen. As ien fan jim tiid dêrfoar hat, fiel dy frij. Ik kom dêr de kommende wiken net oan ta. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 29 sep 2014, 15.00 (CEST)
- Wat my oanbelanget fiel jo frij en meitsje in begjin. Wy binne te lyts om it grutter oan te pakken. Ien moat de kar lûke, oars komt it der net fan, tink. Oaren helpe dy wol. Komt altiten goed--Geoffrey (talk) 25 sep 2014, 19.55 (CEST)
- No, ik wol it eventueel wol dwaan, mar it punt is, doe't ik dy ynventarisaasje opset haw, haw ik nochal in grut wurd hân oer dat "we" letter wol bepale soene hokker fan 'e siden dy't op 'e ynventarisaasjeside oandroegen binne, úteinlik echt side fan 'e wike wurde sille. Mar ja, om soks mei-inoar te beslissen, dêr hawwe wy by myn witten net echt in ynfrastruktuer foar... Hoe steane jo hjirfoaroer? Fine jo dat it "kin" dat ik soks no allinnich beslis? Ieneach fan 'e Esk (talk) 25 sep 2014, 18.35 (CEST)
- Hoi Ieneach, ja oant no ta haw ik altiten mei dat putsje yn 'e weer west. Ik wiksele de ûnderwerpen ôf, skiednis, geografy, fryslân, literatuer of wat oars en dan wer skiednis, geografy ensfh. Wa wol dit wurk op him nimme? Ik lit it diskear graach oan oaren oer. Hasto sels ideeën hoe wy it dwaan moatte?--Geoffrey (talk) 24 sep 2014, 18.21 (CEST)
- Hartstikkene moai. Hee, even hiel wat oars, wy sille mei koarten ek wolris oer de nije siden fan 'e wike fan 2015 gear moatte. Ik haw sjoen dat jo it ramtwurk al klearset hawwe. En op 'e ynventarisaasjeside steane genôch nije siden fermeld dy't yn oanmerking komme kinne, al moat ik tajaan dat siden mei in ferbân mei Fryslân wat krap fertsjintwurdige binne. Ik wit net krekt hoe't we mei it eigentlike útkiezen fan 'e siden fan 'e wike te wurk gean sille. Hawwe jo dêr in idee oer? Ieneach fan 'e Esk (talk) 22 sep 2014, 22.04 (CEST)
- Hoi Ieneach, ik bin it folslein mei dy iens, goeie saak. --Geoffrey (talk) 22 sep 2014, 21.45 (CEST)
53ste wike
bewurkje seksjeGoeie, Geoffrey. Ik haw ris even yn myn bûsaginda sjoen, en neffens dat ding hawwe wy takom jier in ekstra, 53ste wike, dy't rint fan 28 desimber 2015 oant 3 jannewaris 2016, wêrnei't fan 4 oant 10 jannewaris pas de 1ste wike fan 2016 folget. Kin ik dan ûnderoan op dizze side (Wikipedy:Haadside-ynfo/Side fan de wike 2015) gewoan noch in ekstra wike oanmeitsje, of hoe sit dat? Ieneach fan 'e Esk (talk) 1 okt 2014, 12.14 (CEST)
- Ja gewoan ekstra wike oanmeitsje. --Geoffrey (talk) 2 okt 2014, 23.26 (CEST)
Gerulf
bewurkje seksjeGeachte Geoffrey, (ik spreek/lees wel Fries, maar schrijf het niet) in "oerlis", bij Gerulf en Dirk I heb ik nieuwe gegevens toegevoegd. Ik wou enkele gegevens toevoegen bij hen, maar dat lukte niet, misschien ziet u relevantie in die gegevens, en bent u wel gemachtigt? Mei freontlike groetnis, --Taekele (talk) 3 nov 2014, 07.44 (CET)
- Tanke wol foar dyn oanfolling. Ik lit it noch even gewurde en as ik der oan tiid sil ik der mei oan'e gong. --Geoffrey (talk) 3 nov 2014, 21.36 (CET)
Global account
bewurkje seksjeHi Geoffrey! As a Steward I'm involved in the upcoming unification of all accounts organized by the Wikimedia Foundation (see m:Single User Login finalisation announcement). By looking at your account, I realized that you don't have a global account yet. In order to secure your name, I recommend you to create such account on your own by submitting your password on Special:MergeAccount and unifying your local accounts. If you have any problems with doing that or further questions, please don't hesitate to contact me on my talk page. Cheers, DerHexer (talk) 12 feb 2015, 18.43 (CET)
Earen waskje en mûle útspiele.
bewurkje seksje- Us wikypedy moat frij fan ‘’Hollânske tastannen’’ bliuwe. Skelle hoecht net, fatsoenlik bliuwe. It soe samar kinne dat ik tenei de skelwurden dy’t ik tsjinkom wiskje.
- De nije Fryske stavering is de noarm. Wy sille ús hâlde moatte oan de offisjele stavering fan de Fryske Akademy, ek at ús dat net noasket .
- It is fansels dat der in redirect makke wurde moat fan in sykwurd as kategory yn de âlde stavering nei it nij stavere wurd as kategory. Ik leau net dat in ferwizing nei de List fan omstavere wurden/toponimen allinne foldwaan sil.
- Eltsenien is frij om in nije kategory oan te meisjen, ek at der mar ien lemma ûnder falt.
- Der binne gjin oanwizigings dat wy hjir behearders hawwe dy’t graach skoattelje as wiskje foar de kik. Wy hawwe allinnich serieuze meidoggers.
- Der binne gjin redenen om te tinken dat wy hjir fêste meidoggers hawwe dy’t fandalisme bedriuwe. Drewes (talk) 28 feb 2015, 23.10 (CET)
Sandor van der Heide en dy
bewurkje seksjeHoi Geoffrey.
Der binne stadichoan mear as ien sportsiden dy't by de tiid brocht wurde moatte. It liket der op dat Meidogger Wikiice belies jûn hat (mar net frijwillich?). Drewes (oerlis) 8 mrt 2016, 19.25 (CET)
- Gjin idee werom er fuort bliuwd. By my is it plezier om hjir wat te dwaan wat fuort, mar komt wol wer, tink. --Geoffrey (oerlis) 9 mrt 2016, 21.40 (CET)
Foarstel 'oe'/'û'-kwestje
bewurkje seksjeGoeie, Geoffrey. Ik haw op 'e Oerlisside in foarstel dien om foar iens en foar altyd de strideraasje oer de 'oe'/'û'-stavering yn lannenammen út 'e wei te romjen. Ik soe graach wolle dat jo hjirre ris nei seagen en in stim útbrochten sadat de mearderheid fan 'e Wikipedy-mienskip oer dizze saak beslisse kin. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 9 jun 2016, 21.44 (CEST)
Hessel Martena
bewurkje seksjeGoeie, Geoffrey. Soene jo ris sjen wolle nei de side Hessel Martena? Want dat is ien fan jowes. As berte- en stjertejierren wurde jûn "om 1461 - 1517", mar fierderop docht er dit yn 1309 en dat yn 1312. Dat kin fansels net, mar ik haw gjin boarnen oer dizze man, dus ik wit net wat wier en wat in flater is. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 16 sep 2016, 18.52 (CEST)
- Sjoch ek Hessel Martena. Drewes (oerlis) 16 sep 2016, 22.24 (CEST)
- Ik hie ris wat ynformaasje oer dizze persoan, mar bin it kwyt rekke. Ik wit net mear hoe't it yn elkoar stekt. Der binne yn elts gefan meardere persoanen mei dy namme west. Dat wit ik noch wol. --Geoffrey (oerlis) 22 sep 2016, 20.05 (CEST)
Hessel Martena
bewurkje seksjeBêste Geoffrey, Neffens my hasto yn dit lemma twa ferskillende Hessels folslein trochinoar helle. Sjoch Heeren van den Raede side 184 en 185. Der is sprake fan in histoaryske Hessel en en fiktive. Ik soe graach de ynhâld splitse wolle of noch better in nij lemma foar de histoaryske Hessel (±1460-1517) skriuwe wolle. Mei freonlike groetnis, --Martha Kist (oerlis) 19 okt 2016, 20.37 (CEST)
Stâle/stele
bewurkje seksjeGoeie Geoffrey. Tsjek dit. Drewes (oerlis) 1 mrt 2017, 17.51 (CET)
Ut 'e hûd nimme
bewurkje seksjeGoeie Geoffrey. Ik ha hjoed jo 'pelle' twa kear fuorthelle. As it oer bisten giet moat it 'fille' of 'strûpe' wêze. Sjoch Taalweb Frysk. Groetnis Drewes (oerlis) 5 apr 2020, 17.53 (CEST)
- Bin soan fan in slachter, heit hie it altiten oer it pellen fan fleis, hy in protte adreskes der't hy juns te pellen hinne gie. It pellen (uitbenen) dogge hja hjoed de dei net mear by de slachter. Mar asto it min frysk fynst hellest mar foart. Gr. --Geoffrey (oerlis) 5 apr 2020, 18.44 (CEST)
- @Geoffrey: Mei't ik it net better witte wol as in slachterssoan ha ik nochris fierder socht, mar lykwols gjin ferklearring fûn. Soe it kinne dat 'pelle' Ljouwertersk (stêdfrysk) is? Gr. Drewes (oerlis) 5 apr 2020, 19.23 (CEST)
- Ik ha gjin idee, mar sa as hy it brukte wie pelle net hud strupe, pelle is utbene. sil my der ek nochris yn ferdjippe. Komme der op werom--Geoffrey (oerlis) 5 apr 2020, 19.48 (CEST)
- @Geoffrey: Mei't ik it net better witte wol as in slachterssoan ha ik nochris fierder socht, mar lykwols gjin ferklearring fûn. Soe it kinne dat 'pelle' Ljouwertersk (stêdfrysk) is? Gr. Drewes (oerlis) 5 apr 2020, 19.23 (CEST)
Foar wat it wurdich is: ek it WFT liket Drewes gelyk te jaan. It jout foar pelle as tiidwurd yn PELLEI: 1. pellen, van de pel, de harde buitenhuid ontdoen (inz. van gerst, rogge, boekweit enz. door een pelmolen); 2. peulen, uit de doppen doen (van erwten en bonen) (weinig gebruikt). → pûlje. (kepp.); foar FILLE: 1. de huid afstropen, van het vel ontdoen, (...) (kepp.) en foar STRÛPEI: 1. strijkelings afschuiven of afhalen, langs een oppervlakte, lichaam of een voorwerp strijkende of schuivende verwijderen, (...) (kepp.). Wutsje 6 apr 2020, 23.54 (CEST)
Hallo Geoffrey, ik vroeg me af of het misschien Galama hoort te zijn i.p.v. Galama. 't Is maar omwile van deze prent :-) Lotje (oerlis) 10 mai 2020, 11.06 (CEST)
Universal Code of Conduct
bewurkje seksjeHi Geoffrey
I was asked by Wikimedia Foundation to promote this call for participation on the planned Universal Code of Conduct.
Best regards --Holder (oerlis) 12 aug 2020, 14.04 (CEST)
Wikimediavrijwilligers werken nu al meer dan 18 jaar samen om de grootste verzameling vrije kennis sinds mensenheugenis te bouwen. In die tijd zijn we gegroeid van een kleine groep bewerkers tot een diverse gemeenschap van bewerkers, ontwikkelaars, Wikimedia-organisaties, lezers, donateurs en partners.
Maar we beseffen dat we nog veel werk moeten verzetten om onze ambitieuze visie te verwezenlijken: Stel je een wereld voor waarin elke persoon vrije toegang heeft tot een overzicht van alle kennis.
Soms hebben onze projecten en de gemeenschap van bijdragers geleden aan een gebrek aan richtlijnen die ons allen verbinden en die ons helpen om samen een omgeving te creëren waarin vrije kennis veilig, en zonder angst, gedeeld kan worden. Om dichter bij die visie te komen, moeten we ervoor zorgen dat iedereen die belangrijke kennis op onze projecten wil delen, zich prettig en welkom voelt. We hebben richtlijnen nodig die ons kunnen helpen om een constructieve en inclusieve plek te bouwen die aanmoedigt om vrije kennis te delen.
Verschillende gemeenschappen hebben het al eerder gehad over de nood aan universele gedragsregels. In mei 2020 heeft het bestuur van de Wikimedia Foundation een ‘Community Culture Statement’ gepubliceerd, dat de expliciete opdracht geeft om te werken aan nieuwe standaarden om om te gaan met intimidatie en om inclusiviteit in onze projecten te bevorderen. [5]
Deze universele gedragsregels zullen een aantal bindende, minimale standaarden bevatten die gelden voor alle Wikimediaprojecten, voor ieder van ons, voor medewerkers en vrijwilligers over heel de wereld. Dit zal impact hebben op ons werk als groepen, individuen en projecten, en het is dus cruciaal dat we allen deelnemen en onze mening delen over de universele gedragsregels, over hun aard, over wat deze gedragsregels horen te dekken en wat niet; en ook hoe dit onze groepen kan helpen, stimuleren of hinderen.
Nu is het moment om hierover te praten. Jullie gemeenschap is een deel van de Wikimediabeweging en jouw stem telt. Om te garanderen dat de stem van jullie gemeenschap gehoord wordt, nodigen we je uit om meer te lezen over de universele gedragsregels (universal code of conduct / UCoC) [6] en om vervolgens je mening en feedback te delen op de overlegpagina [7]. Voor meer flexibiliteit en om de taalbarrière te verkleinen: je bent van harte welkom om de Engelstalige hoofdpagina over de universele gedragsregels te vertalen naar je eigen taal [8]. Vervolgens kan jijzelf en je gemeenschap ervoor kiezen om meningen en feedback aan te bieden in je eigen taal. Bovendien: ook als de informatie over de universele gedragsregels nog niet vertaald is in je eigen taal, dan verwelkomen we antwoorden en reacties in verschillende talen bij discussiedraadjes die begonnen zijn in het Engels.
Funksjonearjen Wikipedy
bewurkje seksjeGoeie. Der is diskusje ûntstien oer it funksjonearjen fan 'e Wikipedy (sjoch: Wikipedy:Oerlisside#Funksjonearjen fan de Wikipedy). We binne it der yn prinsipe oer iens dat de Wikipedy net tichttimmere wurde moat mei regels en dat "fiel jo frij" it útgongspunt bliuwe moat. Dat sein hawwende, hat der him in diskusje foardien wêrby't it net ferkeard liket as der dochs inkele grûnregels opsteld wurde soene. Of teminsten moat dêr ris serieus nei sjoen en oer diskusjearre wurde. Dêrfoar is oerlis/ôfstimming nedich en dat ferget de beskikberens en dielname fan 'e oare behearders.
Wat dat oangiet, sit der by Drewes en mysels wat âldsear oer hoe't oerlis mei de oare behearders yn 'e ôfrûne jierren ferrûn is. Der hat him ferskate kearen in lytse krisis foardien, wêrby't Drewes en ik Kening Aldgilles en Aliter oanskreaun hawwe, as de nestor en in meidogger fan 'e earste oere fan 'e Wikipedy, dy't boppedat ek de funksje fan rjochte-útfurder hawwe. Yn 'e regel kamen reäksjes lykwols as de krisis al foarby wie of soms hielendal net. Los dêrfan hat de oanhâldende ôfwêzigens fan 'e oare behearders ek foar frijwat argewaasje soarge.
De fraach fan Drewes en my, en ek fan fêste meidoggers Kneppelfreed, RomkeHoekstra en Tulp8, is no oft de oare seis behearders noch fierder wolle mei dit projekt. No moat it ek wer net sa wêze dat de Wikipedy in sekte wurdt dêr't je net mear fan loskomme kinne, en feroarjende omstannichheden yn it libben fan meidoggers kinne fansels ta oare ynteresses of prioriteiten liede. Mar as jo behearder binne, of behearder anneks rjochte-útfurder, dan bringt dat ek ferplichtings mei. It giet ús dêrom net inkeld om dielname oan dizze spesifike diskusje, mar om bliuwende belutsenens. Dy moat wat ús oangiet de foarm krije fan sichtbere oanwêzigens (troch it dwaan fan edits dy't ferskine yn "Koartlyn feroare"), teminsten ien kear yn 'e wike. Dit sadat Drewes en iksels tenei wat ûntlêstge wurde sille.
As de oare behearders net mear oan it projekt meidwaan wolle, fersykje wy harren hjirby om harren beheardersrjochten yn te leverjen en har nammen fan 'e list mei behearders te skrassen. Dan is yn elts gefal foar eltsenien dúdlik hoe't it lân derhinne leit. Want sa't it no giet, is it net goed. Jimme binne yn namme wol behearder, mar litte jim hjir frijwol net sjen. Dat kin sa net trochgean. Wy wolle graach jimme reäksje hjirop hearre. Om it spul net wer withoelang slepe te litten, soene we binnen in termyn fan twa wiken (dus uterlik 1 july) fan jimme weromhearre wolle. As jimme nei it lêzen fan dit berjocht it spul even beprakkesearje moatte, soene we graach in lêsbefêstiging fan dit berjocht hawwe wolle troch gewoan hjirûnder even te sizzen dat it sjoen is, sadat we in idee fan 'e fuortgong hawwe.
Groetnis, Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 17 jun 2021, 23.04 (CEST)
- Goeie, ja ik ha it berjocht lezen. Ik wol wis noch net stopje. Der komt wer in tiid dat ik aktiver wurde sil. Haw it ek jierren allinnich dien moatten doet de oaren gjin tiid hienen of fuoatbleanen. Bin tige bliid mei de hjoeddeiske aktive behearders. Ik ha de diskusje net hielendal folge, mar bin fan fiel dy frij om it beter te meitsjen en net slim dwaan. Moat ik fierders noch wat dwaan?--Geoffrey (oerlis) 18 jun 2021, 16.40 (CEST)
- Goeie Geoffrey. Alfêst tank foar dyn flugge reaksje. Wy hawwe ôfpraat dat wy de oanskreaune behearders twa wike tiid jouwe om te reagearjen. Dêrnei sette we de dingen op in rychje. Hoechst earst neat te 'dwaan'. Drewes (oerlis) 18 jun 2021, 17.17 (CEST)
How we will see unregistered users
bewurkje seksjeHi!
You get this message because you are an admin on a Wikimedia wiki.
When someone edits a Wikimedia wiki without being logged in today, we show their IP address. As you may already know, we will not be able to do this in the future. This is a decision by the Wikimedia Foundation Legal department, because norms and regulations for privacy online have changed.
Instead of the IP we will show a masked identity. You as an admin will still be able to access the IP. There will also be a new user right for those who need to see the full IPs of unregistered users to fight vandalism, harassment and spam without being admins. Patrollers will also see part of the IP even without this user right. We are also working on better tools to help.
If you have not seen it before, you can read more on Meta. If you want to make sure you don’t miss technical changes on the Wikimedia wikis, you can subscribe to the weekly technical newsletter.
We have two suggested ways this identity could work. We would appreciate your feedback on which way you think would work best for you and your wiki, now and in the future. You can let us know on the talk page. You can write in your language. The suggestions were posted in October and we will decide after 17 January.
Thank you. /Johan (WMF)
4 jan 2022, 19.15 (CET)
Projekt WikiWomen
bewurkje seksjeRju achte Geoffrey,
Resintlik is der in nij Europeesk projekt fan start gien mei de namme WikiWomen: in gearwurking tusken Afûk, Mercator Europeesk Kennissintrum (Fryske Akademy) en Learning Hub Fryslân oan de Fryske kant, dêrneist mei Wikimediaorganisaasjes en middelbere skoallen yn Ierlân yn Baskelân. De ynhâld fan it projekt is yn it koart dat der lesmateriaal ûntwikkele wurdt foar middelbere skoallen dêr’t skoalbern better troch skriuwen leare yn de doeltaal troch Wikipediasiden te skriuwen yn de doeltaal, spesifyk oer bekende froulju. It projekt hat in soad ferskate doelstellings: mear kennis fan de minderheidstaal ûnder de sprekkers; mear Wikipediasiden yn de minderheidstaal; mear Wikipediasiden oer froulju; kennis ûnder de skoalbern oer wêr’t ynformaasje op it ynternet weikomt, hoe’t Wikipedia wurket en hoe’t je kritysk sjogge nei de boarne fan ynformaasje op it ynternet.
In tiid lyn hat myn kollega Mirjam Vellinga in berjochtsje pleatst op de Fryske Wikipedia om te oriïntearjen en om in breder byld te krijen fan de Fryske kant fan Wikipedia. Doe hat sy koart telefoanysk kontakt hân mei ien fan jimme. Underwilens is it projekt offisjeel fan start gien. By dizze de fraach oan jo oft wy mei jo (en de rest fan de behearders, oan wa’t itselde berjocht stjoerd wurdt) yn kontakt komme kinne om it oer it projekt te hawwen en it reitsflak mei de Fryske kant fan Wikipedia. Faaks hawwe we wat oan inoar!
Foar mear ynformaasje oer it projekt kinne jo sjen op: https://afuk.frl/nl/tige-slagge-earste-partnerbyienkomst-wikiwomen-yn-ljouwert/ , https://www.fryske-akademy.nl/en/news-and-events/news-item/news/detail/mear-frysk-en-mear-froulju-op-wikipedia-troch-europeesk-projekt/
Graach hear ik fan jo,
Mei freonlike groetnis,
Welmoed Sjoerdstra Stazjêre Afûk Projekt WikiWomen