Meidogger oerlis:Geoffrey/argyf1
Wolkom
bewurkje seksjeHoi Geoffrey,
Wolkom op de wikipedy. Skiednis is in mêd wêrop noch hiel wat te dwaan is, ek de fryske skiednis dus fiel jo frij.
- Foar saken oer de wiki, it hoe en wêrom kinne jo op Wikipedy:Mienskip noch hiel wat fine.
- Fragen en opmerkings kinne jo op de oerlis siden kwyt. Jo kinne jo opmerkings dêr ôfslute mei ~~~~, dit wurdt nei it festlizzen ferfong troch jo namme en datum/tiid fan de opmerking.
In protte nocht tawinske en oan't sjen. Theun 5 jan 2007, 20.46 (CET)
Baduhenna
bewurkje seksjeIk wit net of't jo de side oer Baduhenna ek makke hawwe (oerset út nl), mar wêr lei it bosk no. By Heiloo (sa't yn Slach fan Baduhenna stiet) of earne oars sa at yn Baduhenna stiet. Theun 6 jan 2007, 10.22 (CET)
Hoi Teun,
Dat witte we net krekt. Wat ik lêze ha, kin it ek by Bakkum west ha en hja hawwe resten fûn by Swolle. Yn elk gefal ta noarden fan Velsen. Ik fûn Heiloo wol moai betocht. Der moat nog yn guod artikel komme oer it Baduhenna wâld. Geoffrey 6 jan 2007, 11.11 (CET)
Finn
bewurkje seksjeMoat it net gewoan de Denen wêze? Dat stiet ek yn de boarne dy't jo oanjouwe en sa haw ik it ek wolris earder heart. Yn de boarne stiet ek dat Finn yn Westergoa syn wenplak/boarch hie en net yn Eastergoa, kinne jo oanjaan hoe at dit sit? Theun 18 jan 2007, 21.27 (CET)
Ferfarren
bewurkje seksjeHi Geoffrey,
Jo hawwe in side Grutte Folksferfarren oanmakke, der wie al in side oer it Grutte Folkeferfarren. De lêste is it wurd dat neffens it Fryske wurdboek foar de histoaryske folksferhuzing brûkt wurde moat (of mei). Miskien kinne jo beide siden yn mekoar skowe, dan kinne wy deselde mei de ferkearde stavering wiskje of dêr in Redirekt foar meitsje. Theun 19 jan 2007, 17.10 (CET)
400
bewurkje seksjeJo hawwe ek in jierside oanmakke. No hat Meidogger:Aliter dêr in berjocht fan makke dy't de struktuer fan de nije side opset mei de knop Earst Oerlêze, dan moat je noch wat knippe en plakke, wurket wol aardich.
Ik seach nei oanlieding fan jo side dat se op :nl in berjocht hjirfoar hawwe wat hielendal automatysk wurket, is miskien ek wol wat foar ús. Moat ik noch mar ris nei sjen. Theun 19 jan 2007, 17.17 (CET)
Klovis en oare saken.
bewurkje seksjeFerskaat
bewurkje seksjeHoi Geoffrey.
Alderearst ik bin hjir wol behearder, mar dat jout my fierders gjin mear rjochten as oare meidoggers. Oant no ta komme wy dêrmei oerlis altiten út at ien it wat oars docht of tocht hie.
Klovis
bewurkje seksjeHoi Geoffrey.
Alderearst ik bin hjir wol behearder, mar dat jout my fierders gjin mear rjochten as oare meidoggers. Oant no ta komme wy dêrmei oerlis altiten út at ien it wat oars docht of tocht hie.
Klovis of Clovis, dit soarte fan saken binne altiten lêstich. It is yn it Fries sa dat de C eins net brûkt wurdt dus ik soe hjir Klovis fan meitsje. It wol ek wolris helpe om by de interwiki's te sjen wat talen dy't famylje fan it frysk binne dogge, bygelyks :de, :da, :en, :nl ensfh.
Ik hie fan de wike itselde probleam my Cornelis Lely. Dit haw ik earst mar mei in C dien, mar ik siet hjir hiel bot te twifeljen. Dat is op :fy eins altiten ien fan de ekstra swierrichheden, om te betinken hoe at nammen stavere wurde moatte. Dat sil op eltse side wêr apart besjoen wurde moatte.
Jiersiden
bewurkje seksjeJo hawwe no in tal jiersiden oanmakke, mar hjir stiet eins hielendal neat yn. No bin ik fan miening dat it net safolle sin hat om siden oan te meitsjen sûnder ynhâld, allinnich mar om it tal siden fan :fy omheech te bringen of om reade links yn oare siden blau te meitsjen (ik haw it idee dat it lêste jo oanset is?).
Wy hawwe in skoft lyn is in kear in putsje opset om de jiersiden (en deisiden) allegear bylâns en kontrolearje it oansjen en om ek ynhâld derby te krijen sadat at minsken op dy side komme der ek wat nijsgjirrichs ynstiet, bygelyks de belangrykste foarfallen en hokker persoanen doe berne of ferstoarn binne. Sûnder ynhâld foeget it neat ta.
Ferkearde Stavering
bewurkje seksjeJo hiene lêsten Grut-Britanje as Redirect oanmakke, no is dat fansels mei de ferkearde stavering. No hat Kening Aldgilles dy side fuortendalik wiske (wat ek wol nei oerlis kint hie tinkt me ) mar it belangrykste wie net bart. De trije ferwizings nei Grut-Britanje wiene net oanpast nei Grut-Brittanje. No is der eins itselde oan de hân mei Dutslân, it neidiel fan in Redirekt dêrfan meitsje is dat it op de siden sels minder opfalt dat it ferkeard stavere is. At jo in reade ferwizing op in side nei Dutslân sjogge krije je dochs it idee dat sa'n side der wol wêze moat.
It is ek sa dat je in wurd op hiel wat manieren ferkeard staverje kinne. Fierders tink ik dat by in side as Clovis at dit Klovis wurd, de oare side in Redirekt bliuwe moat. Theun 21 jan 2007, 14.18 (CET)
Sa earst mar wêr. Ik wol noch wol efkes dúdlik meitsje dat it hjir net sa wurket dat at ik of ien fan de oaren eat sa ha wolle it ek sa moat. Mei oerlis binne we der oant no ta altiten hiel maklik útkaam. Bliuwe de mienings ferdielt dan sille we wat oars betinke moatte bygelyks stimme of sokssawat mar it liket my sterk dat dat nedich wêze sil. Theun 21 jan 2007, 14.18 (CET)
Kategorisaasje
bewurkje seksjeNoch wol efkes in puntsje wat neffens my net hielendal goed giet. De Kategorisaasje wêr't jo mei dwaande binne wurd wol hiel betiizjend.
- Kategory:Koning der Franken -> Frankysk Kening of Kening fan de Franken.
- Kategory:Merovingen is in sub-kat fan de Kategory Merowinger ???
- Kategory:Aldens is in sub-kat fan de Kategory Rome ???
Ik haw it idee dat jo in part fan de kategorisaasje fan :nl oernimme wolle, mar dêr hjir en dêr noch fikse flaters yn meitsje. De kategorisaasje is eat wêr't wy noch net sa'n protte oan wurke hawwe. It is tink ik wol goed om it sa te begjinnen dat siden yn ien kategory komme dy't de lading goed dekt. At de kategoryen te grut wurde, kinne se split wurde mar leaver net te gau. Oars hawwe wy aanst in Kategorisaasje systeem mei 25.000 ferskillende kategoryen wylst wy dan noch mar 5.000 siden hawwe. Theun 21 jan 2007, 14.32 (CET)
redirect Grut Britanje
bewurkje seksjeIk haw de redirect fuorthelle omt Grut-Britanje net de krekte stavering is. Wy hawwe al Grut-Brittanje, en dizze is korrekt. Do kinst wol in redirect meitsje foar Ferienigd Keninkryk bygelyks.
In redirect is faak foar ferskate wurden/nammen mei deselfde betsjutting.
Kening Aldgilles 21 jan 07 21:15 UTC
- Der binne ek trochferwizings foar skriuwflaters dy't in protte makke wurde. Mysha
Klovis
bewurkje seksjeDat jo in side Ragnashar oanmakke hienen hie ik doe noch net sjoen. Ik wit it net krekt. At jo leauwe dat de útspraak Ragnasjar is, dan koenen wy dat sa brûke. Ik hie Ragnagar naam want de Fransen sizze Ragnacaire, wat neffens de taal in hurde klank wêze moat. Wy soenen fansels ek "Reinhart" of soks sizze kinne. Hy hjit ommers ek "Ragnhard". Mysha
782 begjint mei in tiisdei.
bewurkje seksjeWêrom hawwe jo dat berjocht oer tiisdei fuorthelle by 782? Past dat dêr net? Mysha
- It wie ek sa dat jo it der sels byset hienen, mar neffens my klopt it al. Wy hawwe hjir earne in Ivichduorjende kalinder, dat ik hie it dêr neisjoen en dan kom ik ek op tiisdei út. Mysha
Mar
bewurkje seksjeHi Geoffrey,
Do hast no in side Mar (wetter) oanmakke, ik tink oerset fan nl. Hasto in idee dat der in side oare siden oer Mar komme moatte mei oare betsjuttings? In oerset wurd kin yn it Frysk fansels mear as minder betsjuttings hawwe as yn it nederlânsk. Dêrom kin it yn dit gefal better Mar wêze.
Ek soe ik noch efkes ferwize wolle nei de list mei offisjele Fryske wetternammen [1], foar wat de Marren yn Fryslân oanbelanget, ek it Iselmar hawwe wy fansels al in side oer. Theun 4 feb 2007, 21.21 (CET)
Audulfus munten
bewurkje seksjeJa, ik wol leauwe dat it gouden munten wêze, en neffens my binne it der oant no ta fiif. Mar no stiet op Audulfus dat de boarne "K.P.H. Faber, Audulfus, een Friese Koning, in Fryslân, Nieuwsblad voor geschiedenis en cultuur, no.4, 4e jaargang, december 1998." is. Dat dan moat dat goud dêr ek yn stean, of it moat oars mei dy boarne. Hoe dogge wy dit?
(Ik haw it neisocht; boarne is perfoarst al mei e.) Mysha
List fan Romeinske keizers
bewurkje seksjeGoeie, Wy moatte as it heal kin de standerd Frysk stavering oanhâlde. By de Fryske wikipedy ha wy net safolle mei it Nederlânsk te krijen. It is dreech út te lizzen hoe de Fryske stavering no krekt yninoar stekt.
Foarbyld; Alexander de Grote is in Nederlânske namme. Dizze namme kinst net oersette nei Alexander de Grutte. Mar nei Aleksander de Grutte. Yn it Frysk wurden de letters Q En X net brûkt.
By de AFûK kinst foar €4,75 it boekje Stavering keapje, mei help fan dat boekje kinst aardich geef Frysk skriuwe.
--Kening Aldgilles 11 feb 2007, 17.36 (CET)
Klodio
bewurkje seksjeHoe kin dy Pharamond (net in tige Fryske stavering) de legindarysk wêze at er nei alle gedachten de heit fan Klodio is? Mysha
Konstantinopel
bewurkje seksjeIs dit wier in aparte side wurdich, of is it better as alle ynformaasje by Istanbûl stiet? Mysha
Ofbylden
bewurkje seksjeHoi Geoffrey,
Ik bin dwaande om ris nei te sjen of it brûken fan ôfbylden op de fryske wikipedy wol foldocht oan de regels fan de wikimedia foundation.
Jo hawwe de lêste tiid in stik as wat ôfbylden op de fryske wikipedy oanbean wêrfan gjin omskriuwing dêrby sit wêr't de ôfbylden weikomme, wa at se makke hat en ûnder hokker betingsten de ôfbylden brûkt wurde meie. No is it lêste ferplichte en ek is it sa dat der gjin betingsten op it ôfbyld sitte meie dy de fersprieding (ek kommersjeel) of oanpassen beheine (sjoch Wikipedy:Ofbylden oanbiede).
Ik soe jo freegje wolle de ôfbylden dy't jo oanbean hawwe nei te rinnen en de ûntbrekkende ynformaasje dêrby te setten.
It giet neffens my om de neikommende ôfbylden:
- Ofbyld:Iovinus.JPG
- Ofbyld:300px-Solidus_Honorius.jpg
- Ofbyld:250px-Solidus_Constantius.jpg ------>>>>>>>
- Ofbyld:250px-Solidus_Iohannes.jpg
- Ofbyld:250px-Solidus_ValentinianIII-wedding.jpg
- Ofbyld:300px-Solidus_Petronius_Maximus-RIC_2201.jpg
- Ofbyld:Avitus_munten.jpg
- Ofbyld:Majorianus.jpg
- Ofbyld:300px-Zwin.jpg
- Ofbyld:200px-JulianusII-antioch(360-363)-CNG.jpg
- Ofbyld:Dorestêd.jpg
- Ofbyld:Dorestad.jpg
At jo fragen hawwe of jo hawwe oare opmerkings jou dan lûd. Theun 14 feb 2007, 21.30 (CET)
- Dy ôfbylden steane dan meast op Commons. Dy kinne jo hjir sa brûke troch gewoan deselde namme te brûken. At jo ôfbylden op nl fine dy't net op Commons steane dan kinne jo dy bygelyks fan :nl nei fy oplade, mar dan moat de boarne en foaral de lisinsje dêr al by oanjoen stean. Theun 14 feb 2007, 21.45 (CET)
- It brûken fan ôfbylden fan Commons kin gewoan troch deselde namme te brûken. At je by de ingelske side side fan Konstantius III op it plaatsje klikke krije jo de side nl:Image:Solidus Constantius III-RIC 1325.jpg. Dêrby stiet oanjoen dat it plaatsje fan Commons komt. (Je kinne dan ek trochklikke nei Commons en dêr rûnsjen oft jo noch mear gelikense plaatsjes fine kinne). Mar dy namme fan it plaatsje wurket hjir ek. Sjoch hjirboppe, wol it fryske ekwivalint fan Ofbyld ferfange troch Ofbyld.
- Dizze plaatsjes steane trouwens ek op de nederlânske. Blykber hat ien se apart op :nl setten foardat se op Commons stiene, of dy koe se dêr ek net fine. Mei opladen bedoel ik gewoan wat jo dien hawwe, se lokaal opslaan en dan op fy oanbiede. At jo dit dogge moatte je dan wol op de side oanjaan wêr at se wei komme. Op nl stiet op nl:Afbeelding:Solidus Constantius.jpg dúdlik by dat it plaatsje frij brûkt wurde mei ûnder betingst dat de boarne (www.cngcoins.com) neamt wurdt (de saneamde CC-BY lisinsje). Dat hiene jo fan nl oernimme moatten en op fy by it ôfbyld neame moatte.
- Ik stel foar om de plaatsjes dy't ek op commons steane fan :fy ôf te heljen en de plaatsjes fan Commons te brûken. Ik wit net of jo de nammen fan de files op commons fine kinne (troch :en moat dat slagje tink ik). Jo witte nim ik oan dat troch de interwiki links oan de linkerkant (Oare talen) Dat jo deselde siden op de oare wiki's fine kinne.
- At jo nog fragen hawwe of problemen hawwe hjirmei dan hear ik it wol wel. Wy komme der altiten wol út.
- De Helpteksten kinne altiten noch útwreide wurde, no hawwe wy allinnich noch mar Wikipedy:Ofbylden en wat dêrûnder falt. It kin altiten útwreide en dúdliker, at jo op- en oanmerkings hawwe dan hear ik it graach. Theun 15 feb 2007, 17.36 (CET)
- It brûken fan ôfbylden fan Commons kin gewoan troch deselde namme te brûken. At je by de ingelske side side fan Konstantius III op it plaatsje klikke krije jo de side nl:Image:Solidus Constantius III-RIC 1325.jpg. Dêrby stiet oanjoen dat it plaatsje fan Commons komt. (Je kinne dan ek trochklikke nei Commons en dêr rûnsjen oft jo noch mear gelikense plaatsjes fine kinne). Mar dy namme fan it plaatsje wurket hjir ek. Sjoch hjirboppe, wol it fryske ekwivalint fan Ofbyld ferfange troch Ofbyld.
- Ik sil de ôfbylden wêr't jo in ferfanging foar fûn hawwe op Commons fuortendaliks wiskje, dan hawwe wy dêr ek gjin drokte mear fan. Theun 15 feb 2007, 21.00 (CET)
It Swin is no ek goed tink ik (sil allinich ús Eigenwurk berjocht wat oanpasse sa dat it net liket of de makker by de Fryske wikipedy sit mar by de wikipedy yn it algemien).
Hast al hielendal yn de oarder, de beide ôfbylden fan Dorestêd stean ek noch op it listje, kinne jo dat noch útsykje wêr of dy weikomme. Ik sjoch op oare wiki's by Dorestêd ek gjin plaatsjes. Theun 15 feb 2007, 21.15 (CET)
- It ôfbyld fan Dorestêd sitte tink ik wol auteursrjochten op (de makker sil net mear as 70 jier ferstoarn wêze). Dan moatte je dúdlikens krije oft de makker dit ôfbyld frijjoen hat of frijjaan wol troch tastimming te freegjen. Ik tink dat dat yn dit gefal hiel dreech wurdt. Jo kinne besykje tastimming te krijen troch in email te stjoeren mar wy kinne it ofbyld ek wiskje?
Yn it algemien is it sa dat ôfbylden dy't earne op it ynternet fûn wurde net frij te brûken binne, it wurdt wol in protte dien en yn de measte gefallen hearre je der neat fan om't dat lêstich te kontrolearjen is. Mar by de wikipedy wolle wy in echt frije boarne fan kennis wêze, en wy kinne fansels ek gjin risiko's rinne fan rjochtsaken om ofbylden, en mei de protte oandacht dy't de wikipedia krijt wurdt de kâns dêrop wol grutter. Theun 15 feb 2007, 21.29 (CET)
- Dien, noch betanke foar dyn snelle aksje, yn elts gefal witte jo no hoe at jo de ôfbylden fan commons brûke kinne, dêr is al hiel wat te finen. Mei de ôfbylden hawwe jo fan my gjin lêst mear ;), dêr fyn ik eins ek net safolle oan. Groetnis Theun 15 feb 2007, 21.48 (CET)
Anneboer
bewurkje seksjeHoi Geoffrey,
Ik gok efkes dat jo ek Meidogger:Anneboer fan :nl binne. No hat Aleichem juster in side Meidogger oerlis:Anneboer oanmakke. Is no wol wat nûver dat der in Meidogger oerlis side is wêr't gjin Meidogger byheart. Sille wy dy side mar wiskje? Miskien kinne jo interwiki's oanmeitsje tusken jo account op :fy en :nl. Dat foarkomt sokke flaters at Aleichem makke hat. Groetnis Theun 26 feb 2007, 19.36 (CET)
Stavering
bewurkje seksjeBêste Geoffrey,
Ik haw al aardich wat wurk fan dy sjoen. Mar ik woe eefkes koart wat sizze oer de stavering. Do skriuwst Fryske wurden somtiden mei in X of in Q. Dizze twa letters bestean hielendal net yn it Frysk.
Op it Nederlânsk basearre skriuw ik hjir in lyts oersjoch fan watst yn it Frysk net skriuwe kinst.
qu wurd altyd skreaun mei k of kw ( neffens útspraak skriuwe) x wurd altyd skreaun mei ks ( gjin útsûnderings )
de letter c kin allinnich yn kombinaasje mei ch, oars wurd it in s.
It Fryske ch kin yn it Frysk net oan it begjin fan in wurd stean.
De útspraak jout oan hoe't it stavere wurde moat.
Yn it frjemde wurd | Yn 'e Fryske stavering | Wannear |
---|---|---|
c | s | útspraak |
k | útspraak | |
ch | g | útspraak |
k | útspraak | |
s | útspraak | |
sj | útspraak | |
qu | k | útspraak |
kw | útspraak | |
x | ks | altyd (útspraak) |
ll | lj | útspraak |
ll | útspraak -j |
gg/ch
a. as by de útspraak de stimbannen trilje: g of gg
b. as by de útspraak de stimbannen net trilje: ch
Stimbannen trilje by:
- miggen
- sjogge
de stimbannen trilje net by:
- gûchelje
- psycholooch
Skreaun neffens AFûK stavering, ik fyn guon staveringsflaters net slim hear ;-) Ik hoopje dat ik dyn wiky-nocht net bedjer
Sjablonen
bewurkje seksjeHoi Geoffrey,
Sjablonen hjitte hjir Berjochten.
List fan berjochten dy't wy hjir hawwe.
By eltse side dy't jo bewurkje en wêr't berjochten op brûkt wurde, kinne jo in list fan de brûkte berjochten hielendal ûnderoan de side fine.
At der fierders noch fragen binne hear ik it wol.
Ik hie jo fraach oer de stavering efkes op myn eigen side antwurde om de diskusje op ien plak te hâlden, ik wit net at jo dat sjoen hawwe.
By de foto fan de eastsee jouwe jo oan dat dy under GNU/FDL falt. Dan heart de makker dêr ek neamt te wurden. Ik hie leaver de namme fan de makker dêr by hân, dan is dat makliker en dúdliker, is no ek wol werom te finen dus miskien is it sa wol genôch mar dat sil net eltsenien sa sjen tink ik. Theun 28 feb 2007, 19.46 (CET)
Markomannenoarloch
bewurkje seksjeHoi Geoffrey,
Efkes in pear opmerkings:
- Kinst ek ast fan fanút :nl in side oersets de interwiki nei nl der ek fuort bysette, yn plak fan dy fryske ;).
- By de tiidwurden, meartal yn doetiid (meervoud ovt) en ôfslutend mulwurd (vtt/vvt) ferjitst faak de -n oan it ein.
- By de kategoryen haw ik efkes myn twifels by de aldens kategoryen, is it net makliker om derfoar yn it plak gewoan skiednis te hawwen, dus Romeinske skiednis en Germaanske skiednis?? Ik tink dat jo de kategoryen safolle mooglik oernimme fan :nl. Hâld dêrby wol yn de gaten dat op :nl folle mear siden binne en dat de kategoryen hjir miskien wol wat mear byinoar kinne om better oersicht te hâlden. Ik sjoch no bygelyks de folgjende kategoryen foar de Romeinen:
- Kategory:Romein 4 lea
- Kategory:Romeinen 3 lea
- Kategory:Romeinsk leger 1 lid
- Kategory:Romeinsk militair 1 lid --> militêr
- Kategory:Romeinske aldens 2 lea
- Kategory:Romeinske keizer 30 lea
- Kategory:Romeinske leger 1 lid
- Kategory:Romeinske provinsje 3 lea
- Kategory:Romeinske âldens 4 lea
- Is it aldens of âldens? Ik soe leaver eat mei skiednis hawwe.
- Romein en Romeinen, it is my fuort net dúdlik hokker kategory fan dizze twa ik kieze moat of ik soks sykje. Romeinen is de oerkoepeljende kategory tink ik. Romein kin miskien better Romeinsk persoan wêze??
- Romeinsk leger en Romeinske leger moat tink Romeinsk leger wêze.
Groetnis Theun 29 mar 2007, 20.40 (CEST)
- [2], hjir ûntbrekt de interwiki nei :nl, mar fy stiet der wol by. Mar omdat wy hjir op fy binne komt dy fet ûnder oan de side te stean. Theun 29 mar 2007, 20.53 (CEST)
- Safolle better is myn frysk miskien ek net, mar de digiskoalle hat my foar de tiidwurden wol aardich holpen. En ik sjoch der noch wol gauris at ik twifelje, en at ik net twifelje soe ik der ek wol wat faker sjen kinne ;). In kursus frysk skriuwen haw ik ek wolris oan tocht mar dan moat ik earst mear tiid hawwe. Miskien wat minder faak op de wiki dwaande wêze dan krij ik dêr miskien wol wat tiid foar. Theun 29 mar 2007, 21.15 (CEST)
Mythology
bewurkje seksjeDer binne no siden Mythology en Mytology, en nei útspraak koe it ek Mitology wêze. Hoe is dit krekt? Mysha
- Ik haw it neisjoen: it moat Mytology wêze. Mysha
Hoi Geoffrey,
Do hast krektlyn de side tonger oanmakke, dizze giet net oer it waarsferskynsel mar oer de germaanske god. No haw ik krekt Bear Boeloe sjoen en dêr kaam tafallich dizze god yn foar, dizze waard hjir Thor neamd. No hawwe wie ek al in side oer de dagen fan de wike. Dêr stiet der ek al neamd mar dan as Donar. No wit ik net wat de fryske namme fan dizze man is, stiet net yn myn wurdboek, mar Tonger liket my wat nûver. Ik hie sels Donar tocht, mar yn elts gefal net Tonger. Theun 7 apr 2007, 20.24 (CEST)
- Wer wat leart. Ik nim oan dat jo wol yn de gaten hâlde dat jo boarnen allinnich brûke om feiten út te heljen, en net de ynhâld yn deselde foarm oernimme. By it meitsjen fan in side út ien boarne rinne je dat risiko wol in bytsje. Wy wolle fansels gjin problemen mei auteursrjochten hawwe. Theun 7 apr 2007, 20.54 (CEST)
Wikipedy:Siden wiskje
bewurkje seksjeAt jo mear witte wolle oer siden dy't net passe yn de Wikipedy, dan soenen jo ris op Wikipedy:Siden wiskje sjen kinne. Mysha
- Jo kinne jo fansels ek oanmelde as Behearder. Dan kinne jo josels rêde en ek noch fandalisten tsjinhâlde/útslute at se drok dwaande binne (alhoewol dit lêste hast nea bard op ús lytse wiki). Theun 7 mai 2007, 21.58 (CEST)
- Ik nim oan dat jo it berjocht al fûn hawwe, it is eins al de bedoeling dat de siden ek op Wikipedy:Siden wiskje op de list derby set wurde, mei reden wêrom se wiske moatte. Der is in plak foar siden dy't wiske wurde moatte mar dy't miskien noch oanpast wurde kinne of plak foar siden dy't daliks wiske wurde moatte. Theun 8 mai 2007, 20.16 (CEST)
Twifel
bewurkje seksjeIt probleem by sa'n berjocht dat twifel oanjout is dat it sa makliker wurdt twifel oan te jaan. It berjocht dat jo makke hawwe ferwiist nei de oerlissiden, mar dan moatte wy der ek fanút gean kinne dat it allinnich brûkt wurdt at de twifel dêr wier op oanjûn is. (Moat dit Berjocht:Twifel wêze?) Aliter 9 mai 2007, 23.53 (CEST)
Dat jo no de twifel wier oanjûn hawwe is wol better, mar dat jo dat earst net dienen lit sjen dat hjir noch in probleem sit. Wat hie jo daalks al der ta bringe kinnen de twifel op de oerlisside oan te jaan? Aliter 9 mai 2007, 23.53 (CEST)
Ik haw der Berjocht:Twifel fan makke, mar dat wie mar in tafoegsel.) Wat ik sizze woe: Jo hawwe no earst net oanjoen wat de twifel wie. At jo, dejinge dy't it berjocht makke hat, dat net dogge, dan kinne wy der net fanút gean dat oaren dat al dwaan sille. Mar it moat fansels sa wurde dat de brûkers fan it berjocht al daalks de twifel tafoegje, ommers, at de lêzer net wit wat net wis is, is de side neat mear wurdich. Wat moat feroare wurde dat twifelders der ta brocht wurde dy twifel oan te jaan? En mei jo as foarbyld: Wat hie jo der ta bringen kinnen dy twifel daalks ta te foegjen? Aliter 10 mai 2007, 00.10 (CEST)
Goed, ik wol oannimme dat jo dy twifels net delskreaun hienen om't dy foar jo op dat mêd sa dúdlik wienen. Mar funksjonearret it berjocht al, of sil net ien brûker de twifels útskriuwe om't elts fan syn mêd fynt dat de twifels sa dúdlik binne?
En as it dat lêste gefal is, wat moat der dan oars om dat foar te kommen. Aliter 10 mai 2007, 00.41 (CEST)
Bolhuis van Zeeburgh
bewurkje seksjeLiket my dat te dwaan wat er oaren taskriuwt: It gesach dêr't er him op basearret liket foar it meastepart syn eigen te wêzen. Mar goed genôch foar twifels, fansels. Aliter 10 mai 2007, 00.41 (CEST)
Douwe
bewurkje seksjeHi Geoffrey, Do hast krekt in side Douwe Kalma oanmakke as Redirect nei D. Kalma. No tink ik dat de side eins Douwe Kalme wêze moat (en D. Kalma de redirect). Om't de sideskiednis fan D.Kalma net kwyt te reitsje woe ik foarstelle dat ik Douwe Kalma efkes wiskje en dan D. Kalma werneam nei Douwe Kalma. Mei iens? Theun 10 mai 2007, 22.22 (CEST)
Hludane
bewurkje seksjeHallo, It wie eins mei opset sin dat ik de Fryskens weihelle hie. Dy oare Skiednis fan Fryslân, Drachten (1968), hat dêr in oar idee oer. Utsein de Bitgumstien binne alle fynsten út it gebiet fan de grutte rivieren. Dat de stien koe meinaam wêze of delset wêze troch fiskers fan earne oars (in bytsje lykas letter de fiskerstsjerken). Dan soe Hludane net Frysk wêze, mar Germaansk. Mysha
- Ja, dat wie net sa dúdlik sein; Friezen binne ek Germanen, alteast harren taal is in Germaanske taal. Mar ik woe mar sizze dat de oare fynsten, dêr allegear by de grutte riveiren binne, oant yn Ksanten ta. Dat liket dochs net typysk Frysk gebiet. Mysha
Faak(s)
bewurkje seksjeSkriuwe oan de Wikipedy is goed foar it Frysk skriuwen. Mar ik wol al even freegje: Jo witte it ferskil tusken "faak" en "faaks"? It binne beide begripen dy't nochalris yn de Wikipedy foarkomme kinne, dat it kin syn ynfload op it projekt hawwe. Aliter 12 mai 2007, 02.13 (CEST)
2109
bewurkje seksjeAt jo fine dat de side fuortendalik fuort kin soene jo dy siden dan ûnder it kopke Siden dy't fuortendalik wiske wurde moatte taheakje wolle. De siden dy't dêr steane is it de bedoeling fan om se fuortendaliks te wiskjen om't der neat oan te ferbetterjen is. Ek is it net nêdich om in oerlisside derfoar oan te meitsjen. Ik nim oan dat dy ek wêr fuort kin.
Goed dat jo dit sjoen hawwe. Ik haw it neffens my ek alris sjoen mar bin it doe fergetten te wiskjen. No sil it net mear fergetten wurde.
Groetnis Theun 18 jun 2007, 20.32 (CEST)
- Goeie Theun, ik hie it systeem noch net hielendal troch, mar al dwaande leart men--Geoffrey 18 jun 2007, 20.39 (CEST)
Bour
bewurkje seksjeHallo, By Jan sûnder Eangst hawwe jo "Boergonje" feroare ta "Bourgonje". Kloppet dat wol? Ik wit dat it yn it Frânsk "Bourgogne" is, mar at it dan dochs ferfryske wurdt, moat it dan net mei "oe"? Mysha
- Der freegest my wat. Ik haw it feroare omdat ik sels in skofske tebek in side oer de Bourgonden pleatst hie en der brûkte ik Bourgonje yn stee fan Boergonje, mar ik haw der sels net genoach sjoeges fan en myn wurdboek jout my ek gjin ýtslutsel hjiroer. As sto seist dat Boergonje better rjocht docht oan it frysk dan nim ik dat graach oan. Dan moat it feroare wurden.--Geoffrey 25 jun 2007, 18.34 (CEST)
Keppelings om útens
bewurkje seksjeHi Geoffrey,
Do hast by 3 july oanjûn dat dy kontrolearre wie, no hie ik der noch in wiziging sjoen wêrfan ik tocht dat dy wol tebekset wurde kin, op de side Arabysk. Twa kear deselde webstee, en ek noch in side dêrfan dy't neffens my hjir netfolle taheakket. Asto dit oars sjochst moast dat mar efkes oanjaan. (At dizze anonym sa trochgiet syn side te promoatsjen, ek op oare wiki's kin ik my yntinke dat der op de Spam blacklist komt ). Theun 4 jul 2007, 21.15 (CEST)
- Hoechst dy net te ferûntskuldigjen. Wy hawwe eins gjin belied oars as in bytsje sûn ferstân. Ik wit ek net seker as hy syn eigen side oan it promoatsjen is mar om't it in keppeling nei deselde webstee is dy't dêr al stiet en de keppeling dy't der al stiet op 7 febrewaris fanôf itselde IP-nûmer oanmakke is krije je wol fermoedens. Ik wit eins net at wy hjir in regel foar hawwe mar mear as ien keppeling nei itselde webstee is tink ik nea de bedoeling. Theun 4 jul 2007, 22.14 (CEST)
List fan wichtige artikels
bewurkje seksjeHoi Geoffrey,
Ik wit net watsto fan doel bist mei de list fan wichtige artikels. Dy is neffens my ea troch in tal minsken op de gruttere (ik tink ingelske) wiki's yn mekoar set (sûnder spesifyk kritearium) om in list fan sa'n 1000 artikels dy't eins alle wikipedy's hawwe moat.
Mear as in list foar begjinnende wikipedy's wat foar kennisgebieten net te ferjitten dan as in komplete list. De list fan countries is dêr ek net kompleet en is ek net de bedoeling. It is tink net de bedoeling dizze list hjir kompleet te meitsjen en út te wreidzjen, is is gewoan in list foar wat ynspyraasje (mei wat de amerikaanske wikipedianen yn in ensyklopedy ferwachtsje).
Groetnis Theun 20 jul 2007, 19.49 (CEST),
- Ik ergerje my net, ik siet my allinnich ôf te freegjen as dit wol sa nuttig wie en wêrom asto hjir mei dwaande wiest. Ast dit aardig fynst gean dyn gong, mar miskien is it dan better de list mei Wikipedy:Winske artikels oan te foljen dan dizze list langer te meitsjen (in grut part fan dizze list is fansels noch net oerset). Theun 20 jul 2007, 20.02 (CEST)
- It falt fansels ek net ta om hjir altiten nuttich dwaande te wêzen, somtiden in bytsje oankloaie en wat besykje fyn ik dan ek net slim ;).
- (slim yn de betsjutting fan it nederlânske erg), ik hoopje dasto myn ge-eamel net ferkeard opfetst, ik bedoel der fierders niks mei. Gean gewoan fierder mei wêr ast op it stuit nocht oan hast. Theun 20 jul 2007, 21.30 (CEST)
889 > 885
bewurkje seksjeMôj, ik was het jaartal 889 tegengekomen in het artikel over Gerolf subkopje: De Wytsings, dank voor de verbeteringen, je vertaald sneller dan dat ik gegevens bijelkaar sprokkel en aanpas, Henk K 21 jul 2007, 20.24 (CEST)
- Môj, kan je mij vertellen hoe ik de titel: Hoekse en Kabeljauwse twisten het best kan vertalen??Henk K 22 jul 2007, 12.44 (CEST)
Utrecht
bewurkje seksjeMôj, nu zie ik op verschillende plaatsen in verschillende artikelen Utrecht vertaald als Utret en ook als Utert, welke is de juiste? Henk K 22 jul 2007, 14.19 (CEST)
- Utert
- Ok dan,ik zal het aanpassen als ik het tegenkom, al lijkt mij een afzonderlijk artikel: Prinsbisdom Utert op zijn plaatsHenk K 22 jul 2007, 14.22 (CEST)
beter verwijderen
bewurkje seksjeMôj, ik ben misschien een halve buitenstaander, maar ik denk dat je bijna alle artikelen die je vandaag als "stobbe" hebt aangemerkt, voorbeeld: Achter de Hoven beter weg kan doen, dit soort maakt geen indruk als je een persbericht uit wilt vaardigen over 5000 artikelen, mijn bescheiden mening, Henk K 22 jul 2007, 23.13 (CEST)
- Stobbes worden niet meegeteld en mijn ervaring hier is dat men bijna nooit iets weg gooit of de fette tekst moet complete onzin zijnGeoffrey 22 jul 2007, 23.17 (CEST)
- Ok, hoe werken die dag artikels eigenlijk?? ik moet 21 september hebben, Henk K 22 jul 2007, 23.23 (CEST)
- 21 septimber, sjoch de dagen fan de wike of Moanne (tiid)
Kalinders
bewurkje seksjeGoejûn,
De kalinders hawwe ta doel in boarne fan ynformaasje te wêzen. Us tiidsoantsjuttings binne hiel normaal yn Fryslân en it grutste part fan Jeropa. Dit hat te krijen mei de Gregoariaanske kalinder dy't wy brûke. Bygelyks de Joaden en Islamiten hawwe oare kalinders, dy't yn dy lannen de offisjele standert binne. It is fan belang om te sjen yn hokker jier oare folken libje. Meidat oare Wikipedy's ek sa'n 'berjocht' hawwe, like my it foar ús wiky ek wol aardich. De krekte ynhâld fan it berjocht : Kalinders kinne wy letter neier besjen, tinkt my. Ik hoopje dat dit antwurd in bytsje ta dien foldien is. No ris sjen wannear't it 5000ste artikel skreaun is! Freonlike groetnis, Kening Aldgilles
- By de dyk (by the way), men kin gewoan it berjocht ((Kalinders mar dan tusken dy fjouwer oare klammen)) op alle jiersiden taheakje. It berjocht hoecht fierders gjin tafoegings. Freonlike groetnis, Kening Aldgilles
Hoi Geoffrey,
Helgolân wurdt wol sjoen as in frysk eilân, mar is fansels net in waadeilân. Theun 24 jul 2007, 17.57 (CEST)
5000 siden
bewurkje seksjeBêste Geoffrey,
Sjoch Wikipedy oerlis:Parseberjocht
Groetnis Kening Aldgilles
fakânsje
bewurkje seksjeFanôf moarn 26 july bin ik op fakânsje. Tot oar trije wiken.--Geoffrey 25 jul 2007, 11.28 (CEST) Hoi Geoffrey.
- Ik winskje jo in moaie fakânsje. Ik sil besich mei myn stavering en hoopje as jo werom binne dat it better is. Groet Jelle 25 jul 2007, 16.08 (CEST)
Wolkom werom
bewurkje seksjeEala Geoffrey,
No earst mar wolkom werom, ik hoopje dat dyn fakânsje goed wie en datsto wer genôch enerzjy hast om wat foar ús wiky te skriuwen. Ik haw út ein set mei in nij projekt; Meidogger:Kening Aldgilles/portaal:East-Fryslân. It stiet noch net op 'e haadside. Ik tink dat it goed is dat der út ús Fryslân wei mear omtinken foar de oare Fryslannen komt. Foar East-Fryslân hawwe wy no in aardich begjin. Der is in list mei histoaryske persoanen en histoarysk barren. Asto wolste kinst meidwaan oan dit projekt. Groetnis Kening Aldgilles 31 july 07 22:48 CET
Fakansje,
bewurkje seksjeHoi Geoffrey,
Ik hoopje dat de fakansje in bytsje nei it sin west hat. Hoe sit it eins mei de biblioteek ??? Theun 20 aug 2007, 21.00 (CEST) (ik seach in redirect nei wytsings, sadwaande)
- De fakaansje wie noflik. No wêr oan de slach. Goed dat sto my der oan herinnerst. Ik sil fan de wike ris sjen. Groetnis--Geoffrey 20 aug 2007, 22.11 (CEST)
Fryske fjildslaggen
bewurkje seksjeIk seach dyn nije side oer Fryske fjildslaggen, poerbêst. Miskien hasto de Slach by Skoattersyl fergetten?
No in list mei oare Fryske slaggen (East-Fryslân; fan de Dútske wikipedy):
De manlju dy't stoarn binne yn dizze slaggen, binne stoarn as Friezen. Eala Frya Fresena, leaver dea as slaaf, is dat Frysk genôch ;-) ? De East-Friezen en West-Friezen hienen faaks net ien polityk sintrum, mar se hienen al deselde taal, itselde rjocht, en in militêre ienheid.
Der binne noch in stikmannich oare slaggen yn East-Fryslân. Mar ik wit net krekt hokker dat binne.
De Noard-Friezen hawwe ek noch fochten tsjin oare keningen. Mar dat wie doe al mear in gebiet op himsels. Asto dy taheakje wolst oan de list, mei dat om my wol.
Ik bin net sa goed mei skiednis, ik ha de boeken nammers net iensen thús lizzen.
Groetnis Kening Aldgilles
- Goeie, ik hâld my graach dwaande mei skiednis. Wat de eastfryske skiednis oanbelangjend, bin ek net bysunder goed op de hichte. Ik sil my der ris mear yn ferdiepje. As ik wat aardigs tsjinkom, sil ik it seker hjir op'e wikipedy del sette. Bedankt foar de tip. Groetnis --Geoffrey 23 aug 2007, 21.14 (CEST)
Geografy stobbe
bewurkje seksjeGoejûn,
Ja, ik hie der al ris earder oan tocht. Ik fyn it fan grut belang dat alle lannen en grutte stêden op 'e wrâld goed beskreaun wurde. No moatte wy fansels wol in stikmannich betingsten meitsjen om sa'n stobbe te pleatsen. Neffens my binne de wichtichste trije:
- Skiednis: Der moat eat oer de skiednis fan it lân of stêd op stean.
- Demografy: Wy wolle graach witte hokker/hokfoar minsken as der wenje.
- Geografy: Om te sjen hoe't it lân der by leit.
Ekonomy, toeristyske plakken, bestjoer, keppeling om utens, ensafuorthinne fyn ik moai, mar is neffens my net sa fan belang. Ik sil fierder mei de stobben.
Tige tank. Groetnis Kening Aldgilles 27 aug 07, 22:25 CET
Fisigoaten
bewurkje seksjeIk haw Fisigoaten koart it ryk behannele, dat it gjin ferfolchsiden wurde. Dat fiel jo frij om no Fisigoatysk Ryk fierder ôf te skriuwen. Aliter 1 sep 2007, 23.00 (CEST)
Hoi Geoffrey,
Jo hawwe lêsten de side Oseaan oanmakke, oerset fan :nl. No hat Mysha in skoftsje lyn de side Wrâldsee oanmakke en as in wat frijere oersetting fan :nl. Wy hawwe doe oerlis oer hân of dy side net Oseaan hjitte moast, de konklúzje wie dat wy it op wrâldsee hâlde soene. Ik wit net hoe as jo der oer tinke mar neffens my geane beide siden oer itselde en moatte se yntegrearre wurde. De interwikis fan beide siden ferwize no ek beide nei de side nl:Oceaan op nl. Hoe en wat it bêste is kin fansels noch oer praat wurde. Theun 20 sep 2007, 20.34 (CEST)
- Klopt ik kaam yn it read oseaan tsjin op us wikipedy en doe bin ik oan gong west. Okee dan haw ik it fergeefs dyn, gelokkch wie it net sa'n wiidweidich artikel. Groetnis--Geoffrey 20 sep 2007, 21.43 (CEST)
Grutte Pier\Pier Gerlofs Donia
bewurkje seksjeHello, Frisian user, I greet you! I am a user from the English wikipedia, and I'm asking all Frisian wikipedia contributors who understand English aswell as Frisian, to look at the English wikipedia, and it's article on Grutte Pier (aka Pier Gerlofs Donia)! You might find it interesting, that we have a larger article on this man than you have, even if he is you national hero! You can contact me on my English account: User:Kermanshahi\User talk:Kermanshahi! 84.87.138.105 5 okt 2007, 12.25 (CEST)
Oermasteraar/Oermasterder
bewurkje seksjeJûn, Geoffrey. De útgong -eraar komt by myn witten net foar yn it Frysk dus soe ik Oermasterder oanrikkemandearje wolle. Groetnis Swarte Kees 8 okt 2007, 22.44 (CEST)
Sud-Súd
bewurkje seksjeJûn Geoffrey. Jo hienen niis in redirect makke fan Sud-Hollân nei Súd-Hollân. Súd-Hollân is hjir de goede stavering. Wurdt it earne yn de Wikipedy net sa skreaun? Oars sille jo hjir grif in oar doel mei hân hawwe. Wy reitsje lykwols fan'e doele as alle fout stavere ûnderwerpen troch redirects trochferwize nei de goede stavering. Sud is gjin Súd en aanst komt in oar dy't ek Suid as redirect makket. Ik soe foarslaan wolle om de redirect te wiskjen, of tinke jo hjir oars oer? Groetnis, Swarte Kees 12 okt 2007, 21.35 (CEST)
- Jawis, ik sied ek te twifelen om't yn de tekst te feroarjen mar keas doe foar in redirect. Ik sil it fuortendaliks wiskjen, dy rjochten haw ik no. Groetnis--Geoffrey 12 okt 2007, 21.54 (CEST)
Noaten
bewurkje seksjeIk haw Stilicho oanpast, dat dan kinne jo sjen hoe't Meidogger:Henk K dat hawwe woe. Mar hawwe jo hjir wier ferlet fan? Oant no ta koe it sûnder, mar at dat feroare is, dan moatte wy der moar wat op betinke. Gewoane noaten hawwe wy fansels wol (Dy meitsje jo troch in berjocht {{noat| }} om in stikje tekst hinne te setten.), mar is der ferlet fuotnoaten? Aliter 18 okt 2007, 05.30 (CEST)
- Ik leau net dat ik it sels nedich haw. De foetnoat stie yn it artikel dat oerset is en dat ik meinommen hie. Op sich is it wol aardich. Om mei hoege wy der net folle oandacht oan te besteden.--Geoffrey 18 okt 2007, 10.18 (CEST)
Mar oars om, at wy gjin doel hawwe foar fuotnoaten, dan kinne dy berjochten ek wol fuort. Aliter 19 okt 2007, 03.57 (CEST)
Datum
bewurkje seksjeIk hie it earder net sjoen, mar tinke jo der om dat der ek in Deiskema is? Aliter 19 okt 2007, 03.57 (CEST)
- Ik tink dat jo foar dizze fraach by Meidogger:Swarte Kees wêze moate. Neffens my is it syn wurk.--Geoffrey 19 okt 2007, 09.14 (CEST)
Grutte Pier
bewurkje seksjeOkay than! This giant pirate guy is just awsome!!! When are you guys going to translate the whole thing from the English wikipedia; you can just look at the enormous article in English about him; in the States, England, Persia (Iran), and many countries outside of Fryslan, this Grutte Pier-figure is hugely popular! He is conisdered one of the greatest pirates off all time, and HERE and HERE, things about him can be shown in English, indicating his enormous popularity! Many people know him, and love him; he has many fans in countries other than Frisia, and his livestory, could be modeled into a movie! 84.87.138.105 20 okt 2007, 11.36 (CEST)
Fenna Zeinstra
bewurkje seksjeIk seach, op de side oer Fenna Zeinstra hawwe jo de keppeling nei de Froulju's PC fuorthelle. Ek stiet der no by de keppeling om utens net mear wêr't dy oer giet; allinnich dat er offisjeel is. Wie dat sa't jo it miend hienen? Aliter 7 nov 2007, 22.20 (CET)
- Jûn Aliter, ik toch dat ik it goed dien hie, mar kin my fansels fergist hawwe. Wie it dan net in keppeling nei de offisjele side?--Geoffrey 7 nov 2007, 22.31 (CET)
Goeie, dy earste keppeling is gewoan fuort, liket it my. Dy keppeling nei it KNKB hjit no fan "[offisjele side fan de knkb]". Ferjitte wy dy '[]' tefolle: Us side giet oer "Fenna Zeinstra", dat de lêzer tinkt no dat er op de offisjele KNKB-side oer "Fenna Zeinstra" útkomt. Mar hy komt út by in keatsnijsberjocht oer Zeinstra deis nei de Froulju's PC. Dat, at dit by fersin wie, dan wie eat as 'KNKB-artikel oer Zeinstra nei de Froulju's PC' faaks better. Aliter 7 nov 2007, 23.03 (CET)
- Hoi Geoffrey, miskien komt dat omdat sto de ferskillen sjochst. At dat net de lêste oanpassings binne stiet der boppe-oan in ferwizing nei de neikommende ferskillen. Theun 8 nov 2007, 17.10 (CET)
Dat hie ik ek net sjoen, dat it sa kaam wie. It is fansels sa: Mei de flildwacht sjocht men allinnich de wizigings fan anonimen, dat dan is it goed achtsjen op keppelings nei "Neikommende ferskillen"; dat is by my ek alris skeef gongen. Hawar, probleem oplost. Aliter 9 nov 2007, 00.28 (CET)
Eigenskipswurd
bewurkje seksjeJûn Geoffrey. Moai dat jo de eigen stavering yn'e gaten hâlden bliuwe. Tsja, by it feroarjen fan de stavering gean ik op myn eigen taalbrûken ôf, al is soks gjin garânsje dat it dan goed is fansels. At der dan in staveringsregel by oanhelle wurdt moat ik altyd prakkeseare hoe't de staveringsregel it hawwe wol. Yn jo foarbyld kin in fergeliking mei NL wol wat dúdlikheid jaan: Zijn vroeg(e) leven freget hjir in ekstra -E. By it boesgroen soe ek wol in ekstra -E passe, al is dat gjin needsaak: Myn nij boesgroen kin likegoed. It oare foarbyld: Syn "Ier libben" soe ferwize kinne nei "ier op de dei" libje of soksawat, dus dat er betiid fan't bêd ôf komt. Boppedat heart it my frjemd yn'e earen om it oer syn ier libben te hawwen. Better kin ik it eins net útlizze, faaks wit in oar it better út te lizzen? Groetnis, Swarte Kees 16 nov 2007, 20.02 (CET)
Meartallen op -ing
bewurkje seksjeDei Geoffrey, no dêr ha wy wer ris sa'n staveringsregel. Ik haw it niis hielendal op gefoel feroare, ik bin eins net sa fan de regels, dat slagget my net sa goed as it oer de memmetaal giet.( al is soks efterôf wolris spitich). As wurden my nuver oankomme feroarje ik se, en miskyn wolris wat te hastich.. Neffens Zantema kinne -s en -en by skermutseling en opstanneling. Jout neat, ik sil it werom sette. Groetnis,Swarte Kees 24 nov 2007, 17.14 (CET)
- Ornaris kinne by saken op -ing meartallen op -s en op -en. Dat it is gjin flater om -en te brûken, mar -s wurdt al mear brûkt. By minsken is it oars: in protte wurden foar minsken mei -ing hawwe allinnich in meartal op -en. In goede regel foar -ing meartallen is dêrom: Saken mei -s, minksen mei -en. Aliter 25 nov 2007, 02.44 (CET)
Slach by Lyon
bewurkje seksjeDei Geoffrey, der is noch in stikje Ingelsk stean bleaun yn de side oer de Slach by Lyon. Soene jo der noch efkes nei sjen kinne? Swarte Kees 1 des 2007, 17.43 (CET)
Omkomd
bewurkje seksjeIt Frysk lit romte foar ferskillen: neffens Zantema is omkommen, omkomd en omkaam tastien. Omkommen die my grif wat te NL oan, sels sizze wy ek altyd omkomd. Mar 'omkommen hie dus wol stean bliuwe mocht as dat feroare is. Swarte Kees 8 des 2007, 20.41 (CET)
- It gie by it stikje oer Geart Knol gelokkich net om ferbetterjen,al hie dat samar kind, dus dat falt wat ta. Swarte Kees 8 des 2007, 20.44 (CET)
Stavering
bewurkje seksjeJûn, Geoffrey. Jo moatte josels net te hurd falle. Stavering bliuwt in lestich ding. Sels as jo fan heitekant en memekant mei it Frysk opgroeid binne leit in fersin op'e loer omdat men dan útgiet wat men altyd heard hat.. As jo werom sjogge nei jo earte stikjes binne jo aardich foarút skarrele. Der is folle minder yn oan te passen. En dat sûnder lessen? Wat ûnderrjocht kin jo faak noch fierder foarút helpe, mar in goed wurdboek is ek wichtich, ja eins wol needsaak. Ik moat der ek geregeld yn sjen. Want it is mei stavering wol sa: at jo ienkear twifelje komt it net mear goed, dan moat der yn foarsjoen wurde. It Frysk Wurdboek ( N/F én F/N) kin al in hiel soad útslútsel jaan yn twifelgefallen. En fan de oare kant: wa't in soad skriuwt makket mear flaters as ien dy't dat minder docht.Groetnis, Swarte Kees 8 des 2007, 21.00 (CET)
Sa om de hjeldagen hinne is it tiid foar kado's. It Portaal:Skiednis jou ik oan dy. Noflike kryst! Kening Aldgilles 22 des 07, 13:06
- Is al klear. No wurket it. Tige tank foar it testen fan it portaal. Groetnis Kening Aldgilles 22 des 07, 15:28
plaatsje Beowulf
bewurkje seksjeHoi Geoffrey,
Jo hawwe krekt lyn it Ofbyld:Beowolfposter.jpg hjir oanbean dy't jo fan de ingelske wikipedy. No sitte hjir tink wat beswieren oan. Jo hawwe gjin lisinsje oanjûn en dat is tink ek wol wat muoilik om't it op :en oanbean is op betingst dat it falt ûnder de Fair use regeljouing yn de Feriene Steaten. No is it neffens de nederlânske regeljouing net tastien (haw ik begrepen út al de diskuskjes dy't hjir oer west hawwe op de nederlânske wikipedy). It brûken fan de Fair use klausule op de ingelske wikipedy wurdt oer it algemien net wurdearre op alle oare wiki's, it is ommers gjin frij te brûken ynformaasje. Ik tink ek net dat wy dat hjir tastien kinne, hoe spitich dat ek is foar al dy ôfbylden dy't der op :en mear binne as op oare plakken. Theun 23 des 2007, 18.55 (CET)
- Ik wit net hoe dat allegear yninoar stekt, mar soe wol graach wolle dat it oant de moanne jannewaris bestean bliuwt. Ik haw in stikje oanmakke foar it berjocht op de haadside Wisten jo dat en dan moat it artikel eins wol wat opfleure wurden mei in plaatsje, fynst net?. --Geoffrey 23 des 2007, 19.06 (CET)
- Dat liket my no krekt net handich, at it sa net kloppet dan moatte wy der just foar soargje dat it sa gau mooglik wêr oplost wurdt en net der in skoftsje moaie sier mei meitsje. Theun 23 des 2007, 19.12 (CET)
- Jammer, dan helje ik it wol fuort. --Geoffrey 23 des 2007, 22.47 (CET)
- Dat liket my no krekt net handich, at it sa net kloppet dan moatte wy der just foar soargje dat it sa gau mooglik wêr oplost wurdt en net der in skoftsje moaie sier mei meitsje. Theun 23 des 2007, 19.12 (CET)