Gerulf

(Trochferwiisd fan Gerolf)

Gerulf of Gerolf (ek Gerulf de Jongere; sa. 850 - 895 of 896) fan West-Fryslân (Fresia) wie in Fryske greve út de 9e iuw dy't ûngefear hearske tusken 850 en 890. Hy wurdt meastentiids sjoen as de stamheit fan de lettere Hollânske greven, dy't bekend stean as de Gerulfingen of it Hollânske Hûs.

Namme en Greefskip

bewurkje seksje

De namme wurdt soms ek wol skreaun mei de tafoeging fan Kinmerlân of mei fan Hollân en betiids ek as de Jongere om him te ûnderskieden te kinnen fan syn pake Gerulf I.

De komôf fan Gerlof is net helder, lykwols binne der sterke oanwizings dat er in neisiet is fan de Fryske kening Redbad. Syn heit en foargonger wie greve Gerhart dy't it Fryske goagreefskip Westergoa yn lien hie.

Gerlof bestjoerde sels ynearsten út namme fan de Frankyske kening Arnulf itselde greefskip as syn heit yn Mid-Fryslân. Letter krige er Teisterbânt yn lien. Yn 889, nei de moard op Godfried de Wytsing, is oer him optekene dat er lân hie yn de tsjintwurdige provinsje Noard-Hollân dat doe West-Fryslân hjitte. Gerlof hie dêr in rjocht fan fiskerij oan de Rynmûning en beskikte oer goederen yn Teisterbant.

Alhoewol't it greefskip fan Gerlof sûnt it ferdrach fan Ferdun ûnderdiel wie fan it Eastfrankyske ryk, hienen de Wytsingen it dêr feitlik foar it sizzen. Hjir kaam pas in ein oan troch de moard op Godfried de Wytsing op 4 augustus 885, dêr't Gerolf de hân yn hie. As beleanning foar syn wichtige rol by it ferdriuwen fan de Wytsingen krige hy fan de kening in oantal besittingen tawiisd bûten syn greefskip yn in gebiet tusken Bennebroek en de Alde Ryn.

Greve Gerolf wie de heit fan Durk I en Waltger. Beide soannen wienen ek greve. Durk I fan Hollân en Waltger fan Greefskip Teisterbant.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • D. Kalma, Skiednis fan Fryslân, (Grou, 1965), side 109, 112 (Grevenammen).