Gerulf de Aldere785 - 839) wie in greve yn Mid-Fryslân en stamheit fan it nei him ferneamde laach fan de Gerulfingen.

De Fryske Gerulf wie neffens de Dútske histoarikus Hugo Jaekel in soan fan greve Durk († 822), dy't yn de tiid fan keizer Loadewyk de Fromme fazal wie yn en de Fryske goa Rjustringen bestjoerde. Ek Gerulf krige fan de keizer in greefskip yn lien tawiisd. Hy bestjoerde tusken 812 en 834 it Westergoa yn Mid-Fryslân.

Al by oanfang fan syn regear hie Loadewyk de Fromme, de troch syn heit ûnderwurpen Friezen by graasje datjinge weromjûn, dat sy by eardere opstannen tsjin de Franken ferlern hienen. Dizze maatregel makke de keizer by de Fryske befolking populêr, mar ferswakke de posysje fan de Fryske greven. Letter soarge Loadewyk mei syn swakke polityk tsjinoer de Wytsingen dat dizzen in hieltyd wichtiger rol spile koenen yn de Fryske gebieten. Yn 826 romme er in part fan Frisia yn foar de Deenske troanpretindint Harald Klak dy't fan dêrút oanfallen útfierde tsjin syn Deenske besibben, de fijannen fan it Frankyske Ryk. Harald krige Rüstringen yn lien. Gerulf hat him doe wierskynlik oerhelje litten om de side fan it ferset tsjin de keizer te kiezen.

Om 830 hinne rekke it Frankyske ryk yn grutte ynterne problemen troch de opposysje fan wichtige Frankyske eallju en de soannen fan de keizer tsjin de keizer sels. Ien fan dizze soannen Lotarius ferbûn him mei Deenske warlords. Hy sette de Denen oan om de Fryske kust oan te fallen om op dy wize druk útoefenje te kinnen tsjin syn heit, keizer Loadewyk. De kustferdigening dy't troch de keizer organiseare waard wie net bot súksesfol. Foar in part wie dat in gefolch fan it feit dat de Friezen min te motivearjen wienen om har te mingen yn it politike gehottefyl fan de Frankyske besetters. De keizer stjoerde strange amtners en greven nei it gebiet fan de Friezen om har wer yn de stringen te krijen.

Greve Gerulf waard fan neilittichheid beskuldige. Hy soe fersomme hawwe syn macht en foech te brûken. De Friezen brûkten leaver har skippen foar de hannel as om plonderers efternei te sitten. Mooglik waard er ek beskuldige dat er de side fan Lotarius keazen hie. Hy waard út it amt setten en ferlear al syn goederen yn Westergoa. Lykwols kaam it letter tusken de keizer en Gerulf wer ta in fersoening. Neffens in oarkonde fan de keizer, dy't op july 839 yn Kreuznach opsteld waard, is fêstlein dat Gerulf al syn goederen weromkrige. Frij gau nei dizze earherstel is Gerulf ferstoarn.

Nei alle gedachten wie Gerulf op ien of oare wize troch famyljebânnen ferbûn mei stifter fan de abdij fan Corvey. Oannomd wurdt dat er mei in dochter fan Wala, abt fan Corbie en Corvey, troud wie. Hy hie in soan Gerhart dy't nei him greve fan Westergoa waard en de nei him ferneamd Gerulf de Jongere wie in pakesizzer.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer:

  • Hugo Jaekel, Die Grafen von Mittelfriesland aus dem Geschlechte König Ratbods. Gotha 1895, side 34-39.
  • L. van der Tuit, Koningen en Krijgsheren, de Franken in de Lage Landen, Kampen 2009, side 160.

Keppeling om utens: