Abdij fan Corbie
De Abdij fan Corbie wie in Benediktynsk kleaster yn it Frânske plak Corbie yn de delling fan de Somme op sa'n 15 kilometer fan de stêd Amiens. De abdij wie tawijd oan de hillige Petrus.
Skiednis
bewurkje seksjeIt kleaster waard tusken 659 en 661 stifte en stie ûnder Merovingyske keninklike beskerming fan Batilde, widdo fan Klovis II, en har soan Klotarius III. De earste muontsen kamen fan de Abdij fan Luxeuil, dy't yn 590 stifte wie troch de hillige Kolumbanus (om 540-615), in Ierske sindeling. De regels fan it kleaster leine op it grûnwurk Regula Benedicti sa't Kolumbanus se oanpast hie.
Syn skriptoarium waard ien fan de mulpunten fan it skriuwen fan manuskripten. Dat wie doe noch frij nij yn West-Jeropa. De Karolingyske minuskel, dy't in skrift wie dat op sa'n manier ûntwikkele waard dat it dúdlik te lêzen en te skriuwen wie, waard dêre ûntwikkele. Yn it iere Merovingyske tiidrek wie it wurk yn Corbie syn tiid al sa foarút dat der wurk fan minsken, sa as bygelyks Hieronymus, te sjen wie. Der waard net lang lyn in manuskript ûntdutsen dat yn Corbie al skreaun wie foar Karel de Grutte. Dat wie winliken de foarrinner fan it Karolingyske minuskel.
Njonken de jeften, dy't de Abdij fan Corbie ûntfong, krigen de abten ek noch ûtsûnderings (eksimpsjes), sa't hja frij wiene fan it gesach fan pleatslike biskoppen. De eksimpsjes waarden befêstige troch paus Benediktus III en de abt krige de rang fan greve. Hy mocht ek munten slaan.
De Abdij fan Corbie hold allegeduerigen kontakt mei de Karolingyske keningen. Yn 774 waard Desidearius, de lêste kening fan de Langobarden, ferballe nei Corbie nei syn nederlaach tsjin Karel de Grutte. Tusken 850 en 854 siet Karel fan Akwitaanje, dy't letter aartsbiskop fan Mainz wurde soe, in skoftke fêst. Sels guon leden fan it keningshûs waarden abt, sa as bygelyks Adalardus, in pakesizzer fan Karel Martel en dus in neef fan Karel de Grutte.
De Abdij fan Corbie stifte sels ek oare abdijen. De wichtichste wie de Abdij fan Corvey (yn Latyn Corbeia Nova, "Nij-Corbie") by Höxter yn de hjoeddeiske Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. Dy abdij waard troch Adalardus yn 822 stifte. Yn de njoggende iuw wie de Abdij fan Corbie sels grutter as dy fan Tours en Parys.
Corbie hie yn de rin fan de Midsiuwen in grutte bibleteek, dêr't in soad manuskripten, dy't in soad wurdich wiene, opburgen wiene. Yn 1638 waarden sa'n 400 manuskripten oerbrocht nei de abdij fan Saint-Germain-des-Prés. Yn de Frânske Revolúsje waard de rest fan de bibleteek, mei sa'n 300 manuskripten, oerbrocht nei de bibleteek fan Amiens. De manuskripten fan Saint-Germain-des-Prés kamen op de merke telâne en kamen yn de hannen fan in Russyske diplomaat dy't hja nei Sint-Petersburch oerbrocht. Oare manuskripten fan Corbie waarden opkocht troch de Nasjonale Bibleteek fan Frankryk. Men rûst dat der sa'n 200 manuskripten út de oarspronklike biblioteek fan Corbie besteane.
It grutste part fan de kleaster waard yn 1790 ôfbrutsen. Allinne de tsjerke stiet der hjoed-de-dei noch.