Wala fan Corbie (755 - Bobbio, 31 augustus 836 wie ien fan de wichtichste riejouwers fan syn neef kening/keizer Karel de Grutte, syn soan Loadewyk de Fromme en dy syn soan Lotarius I.

Wala fan Corbie wie de soan fan Bearn, in ûnwettige soan fan Karel Martel, en in Saksyske frou. Wala krige syn ûnderrjocht op de skoalle oan it hof fan Karel de Grutte yn de Keningspalts fan Aken mei syn broer Adalardus. Wala hie noch in oare broer: Bearn, en twa susters: Gundrada en Teodrada. It skynt dat Wala yn 791 meidie oan de rebûlje fan Karel de Grutte syn broer Pepyn mei de Bult. Hy rekke yn ûngeunst by Karel en waard ferballe. Wala boaske mei Roslinde (Rothlindis), in dochter fan Willem fan Akwitaanje. Dy wie hartoch fan Akwitaanje en greve fan Toulouse. Mar al gau mocht Wala weromkomme oan it hof fan Karel de Grutte en syn rol waard nei de keizerskroaning fan Karel yn 800 noch grutter.
Hy fersloech de Saksen en Sarasenen. Hy waard beneamd te greve fan Saksen en yn 811 waard er beneamd ta paltsgreve. Yn 812 waard er troch Karel tegearre mei syn broer Adalardus nei Itaalje stjoerd om riejouwer fan Karel syn soan, ûnderkening Bearn fan Itaalje, te wurden.

Under Loadewyk de Fromme

bewurkje seksje

Nei it ferstjerren fan syn frou Roslinde en as part fan it suverjen fan it paleis fan tsjinstanners waard er yn 814, nei it ferstjerren fan Karel de Grutte, troch syn opfolger Loadewyk de Fromme twongen nei de Abdij fan Corbie te gean. Yn 816 krige er mei syn broer Adalardus de ferantwurdlikens oer it bestjoer en it hâlden fan it kleaster fan Herford, dat koartlyn oergien wie, neffens in beslissing fan de Rie fan Aken, yn hannen fan Loadewyk de Fromme. Wala waard in grut tsjinstanner fan keninklik/keizerlik foech oer it tsjerklik benefisium.
Loadewyk de Fromme krige spyt fan syn eardere dieden en nûge Wala en Adalardus út en kom werom op it keizerlik hof. Hja fermoedsoenen dêrnei en Wala waard yn 822 beneamd ta riejouwer.

Abt fan Corbie

bewurkje seksje

Yn 822 stifte er mei syn broer Adalardus fannijs de Abdij fan Corvey ("Nij-Corbie") by Höxter yn Westfalen, dy't yn 815 foar 't earst stifte waard. Nei it ferstjerren fan Adalardus yn 827 folge Wala him op as abt fan Corbie en Corvey. Yn 831 ferliet er de Abdij fan Corvey en ferfear er nei de Abdij fan Bobbio yn Noard-Itaalje dêr't er yn 836 ferstoar en begroeven waard.